Grins wint foar tredde kear op rige de Jong Famme partij

Grins wint foar tredde kear op rige de Jong Famme partij

Oan de hân fan in sterke Anne Monfils wie it keatsferiening Grins dy’t op de santjinde Jong Famme partij de winst nei har ta luts. Oer de hiele dei sjoen, hienen de froulju fan de ‘De Sterke Earm’ mar sân earsten tsjin en dan kinst wol sizze datst de terjochte winner bist. Foar Hiske Zeinstra en Anne Monfils wie dit al de tredde kear op rige dat se de sjampanje oan de ein fan de dei ûntkoarkje mochten. Yn de twa foarige edysjes dienen se dat mei Marrit Zeinstra, dit jier wie dat mei Aletta van Popta.

Lees meer

Jonker Sikke Partij 2020 is wûn troch Jesse Heida en Jant van Dijk..

Jonker Sikke Partij 2020 is wûn troch Jesse Heida en Jant van Dijk..

Dit jier is de Jonker Sikke Partij oer twa wykeinen keatst. Troch de Coroana krisis hawwe wy it fjild oanpast sadat wy optimaal rekkening hâlde mei de oardel heale meter. Fjirtjin dagen lyn hawwe wy de earste wedstriid keatst. Nei dizze earste wedstriid wiene der noch 8 keatsers dy twa wedstriden wûn hiene. It twadde wykein wie der noch foldwaande spanning. 

Lees meer

Update Coronafirus

Update Coronafirus

Hjirby in nije update oer de stân fan saken rûnom it coronafirus en ús aktiviteiten as keatsferiening. De KNKB hat ús dizze wike mei in brief ynformearre oer de kar dy de keatsbûn makke hat oangeande harren aktiviteiten en keatspartijen. 

Lees meer

Berjocht oangeande it Corona firus

Berjocht oangeande it Corona firus

Beste leden fan Jacob Klaver,

It corona firus gjit oer de wrâld en hat ek syn ynfloed op ús en it keatsen. Mei dit skriuwen bringe we jimme op de hichte fan de maatregels dy de KNKB nommen hat.

Lees meer

Opbringst oliebollen 2020

Opbringst oliebollen 2020

Aldjiersdei ha de leden fan keatsferiening Jacob Klaver en kuorbalferiening WWC wer alderhearlikste oliebollen oan it bakken west. Dit jier krekt wat mei in oare tarieding as de ferline jierren.

Lees meer

Bosje keninklik op de 69’e Lytse P.C.

Bosje keninklik op de 69’e Lytse P.C.

Nei in pear dagen mei in bulte rein, begûn de 69e edysje fan ‘e Lytse P.C. op 8 septimber mei de sinne. Dy sinne wie der net de hiele dei by mar it bleau de hiele dei drûch en dat is foar sa’n keatsdei dochs wol in fijne bijkomstichheid.

Lees meer