Oliebollen actie!

Oliebollen actie!

Hallo allegear!

De earste plannen foar âldjiersdei wurde alwer makke en der heare natuurlijk ek oliebollen by!
En jim treffen it, de lekkerste oliebollen wurde ek dit jier wer bakt yn de Wjukken troch keatsferiening Jacob Klaver en korfbalferiening WWC.

Ferjit se net te bestellen via ûndersteande link:

https://forms.gle/TxgEX3gkJffw6BPW8

De 73-ste Lytse PC

De 73-ste Lytse PC

Het lijkt wel of we Lytse PC steeds letterlijker moeten nemen, met maar 15 parturen op de lijst. Maar het bestuur en de vrijwilligers nemen de – ooit gerenommeerde – partij bloedserieus. Met man en vrouw en macht heet “Jacob Klaver” de kaatsers welkom. En het publiek, maar dat is op deze snikhete dag op de vingers van een paar handen te tellen.

Lees meer

Makkum wint 20ste Jong Famme

Makkum wint 20ste Jong Famme

De oanrin nei de Jong Fammepartij wie foar it bestjoer fan Jacob Klaver sawol hektysk als fruchtber. Yn de lêste wike krigen mar leafst trije bestjoersleden besite fan in eiber dy’t harren blid makke mei gesinsútwreiding. Hoewol der mei it each op takomstige partoerfoarming foar de Jong Fammepartij ynsetten wie op trije dochters mocht dat net sa wêze. Twa famkes en in jonge. De tiid sil leare of se yn de takomst ek foar bêst opslaan sille. Dat hienen de oare bestjoersleden en in groep frijwilligers yn elk gefal al dien. It fjild lei der sa as gewoanlik wer picobello by, mei boarding en de prachtige tinten fan Wiersma. En dat lêste wie ek hartstikke noflik foar it begjin fan de wedstriid doe’t se dêr boppe it reinskerm noch net tichtlutsen hienen. Gelokkich waard it yn de rin fan de dei droech.

Lees meer

Útslach ferlotting Lytse PC

Útslach ferlotting Lytse PC

Wat in moaie edysje fan de Lytse PC. Hjirby de útslach fan de jierlikse ferlotting en winnende lot nûmers.
Fanôf woansdei 14 septimber binne de prizen ôf te heljen by Ilse Noorman, skillaerderdyk 4, Mantgum.


Hierbij de uitslag van de jaarlijkse verloting en de winnende lotnummers.
Vanaf woensdag 14 september kunnen de prijzen afgehaald worden bij Ilse Noorman, skillaerderdyk 4 , Mantgum

Lees meer

Jan Dirk de Groot kening fan Mantgum

Jan Dirk de Groot kening fan Mantgum

25 jier nei’t syn grutte broer Sjirk Gjalt de keningspriis yn Mantgum ophelle, wie it no Jan Dirk de Groot dy’t kening waard en tegearre mei syn maten Elgar Boersma en Pier Piersma de winners waarden fan de 72e edysje fan de Lytse PC.

Lees meer

Eastereiner froulje winners Jong Famme Partij

Eastereiner froulje winners Jong Famme Partij

Ferslach: Skelte Anema
Foto's: Jelmer Jonke
r

It partoer fan Easterein hat de 19e edysje fan de Jong Famme Partij op harren namme skreaun. De susters Roelie en Corrie Koondijk wûnen tegearre mei Jeska Terpstra terjochte de krâns yn Mantgum.

Lees meer

Jiergearkomste Jacob Klaver

Jiergearkomste Jacob Klaver

It bestjoer fan Keatsferiening Jacob Klaver Mantgum
noeget jo út ta it bywenjen fan de

Jiergearkomste

Plak: MFC de Wjukken Mantgum 

Datum en tiid: Tongersdei 24 maart 2022 20.00 oere 

Lees meer

Wy dogge mei oan de Poiesz Jeugd Sponoraksje!!

Wy dogge mei oan de Poiesz Jeugd Sponoraksje!!

Dit jier meie wy wer meidwaan oan de jeugdsponsor aksje fan de Poiesz!
By eltse 10 euro oan boadskippen krije jo munten dy't jo yn de koker dwaan kinne fan Jacob Klaver.
Ek binne der eltse wike allegear spesjale oanbiedingen wer't jo ekstra sponsormunten bij krije!

Sparjo jo mei ús mei??

Huldiging winners Jong Famme

Huldiging winners Jong Famme

Op zaterdag 3 juli hebben Bregt Arendz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra de 18e Jong Famme partij in Mantgum gewonnen. Al 18 jaar organiseert KF Jacob Klaver deze partij op ons prachtige sportveld in Mantgum, echter nog nooit won Mantgum zelf deze unieke partij.

Lees meer