strjitkeatsen

D’r is dizze wike wer strjitte keatst. Yn ferbân mei skoalle aktiviteiten binne we al op moandei mei de bern begûn. Anna Christien moarns betiid mei de ferve kwaste d’r bylâns en it koe heve! Woansdei de folwoeksenen, tongersdei de finales. Wer in gesellich barren, de dielname wie wat oan de krappe kant, d’r meie takom jier wol wat meer meidwaan. De útslaggen bij de welpen: 1e priis Jurian Tolsma en Jelle Terpstra 2e priis Jennie Terpstra en Haye Bonsma 3e priis Kees Herder en Janna Fopma De pupillen/skoaljeugd 1e priis Kristian van Zadelhoff en Reinder Bonekamp 2e priis Geert Reitsma en Marianne Diallo 3e priis Sissel de Boer en Tjardo Bouma De froulju 1e priis Sjoukje Cnossen en Hilda Dolstra 2e priis Trijntje van der Galiën en Anna Karin de Jong De manlju 1e priis Jasper Visser en Jan Dick Slop 2e priis Baukje Stienstra en Jehannes Arendz 3e priis Anne Terpstra en Johannes Muller

It iepen kampioenskip Pearke Teatsen Littenseradiel grut sukses !!!

Ferline jier stiene d’r yn Mantgum 10 twatallen op de teatslist. Dit jier gongen we foar it dûbele oantal. Mar wij wiene te beskieden. Leafst 35 pearkes hawwe harren opjoen en Teatse om de gemeentelikke titel. It sportfjild yn Mantgum leit hielendal fol mei teatsfjilden, 9 stiks. Eltsenien minimaal twa keer teatse, in winners en in ferliezers ronde. Prachtich is it, eltsenien enthousiast, fûleindich teatse om de teatstitel en de iterspaketten, makke troch supermerk PLUS út eigen doarp. De wedstriidlieder hâldt de gang de hiele dei d’r goed yn en om 16 oere is de winner bekind. Meiinoar it fjid opromje en de priisútrikking op it terras fan de Wjukken. We doare net mear in prognose te meitsjen fan it oantal dielnimmers yn 2009. Soene we op syk moatte nei ekstra fjilden yn it doarp??

Lees meer

Bouwe de Bruin zegeviert in Beetgum

Zaterdag 21 juni won Bouwe de Bruin in Beetgum zijn eerste krans van dit seizoen. Hij was door het lot gekoppeld aan Johan Abma en Douwe Anema. Zij wonnen in de finale van Marco Seepma, Hein Rodenhuis en Peter van Dijk met 6-4. Een mooi opsteker voor Bouwe na het vervelende auto-ongeluk een paar weken geleden. Deze krans smaakt naar meer en mogelijk weet Bouwe zich nog weer eens in de geselecteerde parturen te kaatsen.

5 doarpen partij yn Jorwert

Bregt Arendz wûn bij de welpen snein 1 juny har earste krânse. Jelle Terpstra hat de tredde priis yn dizze klasse. Bij de skoaljeugd in twadde priis foar Kristian van Zadelhoff En in tredde priis foar Jente Wieberen Muller Hans de Boer hat de krânse bij de manlju, hij hat noch nea earder sa maklik wûn. Syn earste partij waerd troch ferfelende omstandigheden ôfbrutsen. Pyter Klaversma rekke blesseert, moast nei it sikenhûs wêr blykt dat de earm út de kom is. Pyter betterskip!! Bij de KNKB welpen yn Inglum de twadde priis foar Jennie Terpstra en de earste yn de ferliesers ronde foar Amarins de Groot. Alle priiswinners lokwinske!!

Jong Famme Partij slacht har wjukken út

Ien fan de doelstellings foar de kommende jieren is om de (media)oandacht foar de Jong Famme partij te fergrutsjen. Bestjoer en leden dogge der werklik fan alles oan om de partij by eltsenien op it netflues te krijen. Posters wurde rûnom ferspraat en je kinne net in keatsfjild foarby rinne of der hinget wol in affysje fan de Jong Famme partij. Mar ek fia de nije media, keatswebsiden en freonensides besykje wy de Jong Famme partij nog mear bekendheid te jaan. Ien fan ús leden hat sels op syn fakânsje oan it posterplakken west yn Dútslân en Tsjechië. Hja rûnen yn Praag ek tsjin in Tsjegyske matroas oan, dy’t neidat wat froulike sjarmes yn de striid goait wienen, wol efkes op de foto woe. It risseltaat sprekt foar jimsels.

Knkb jongens yn Mantgum

Snein 8 juny wie yn Mantgum de ôfdieling KNKB jonges en derneist de troch inoar lotsjen KNKB jonges. Der keatsten fjouwer en fjirtich pertoer. By de ôfdieling waard de finale op fiif - fiif seis –seis beslist troch in kweaslach om trije minuten foar sânen. Wjelsryp mei Jelmer Hofstee, Paulus Yde Walda en Jouke Bosje, gong mei de krânsen nei hûs. De preemje wie foar Sint-Jabik mei Bauke Triemstra, Benjamin Houtsma en Rick Poortstra. De tredde priis gong nei Tsjummearum, Jeroen de Haan, Arnold Zijlstra en Oane Veldman. De fjirde priis wie foar Boalsert, Peter van Zuiden, Carlo Boons en Thomas van Zuiden en de oare fjirde priis wie foar Frjentsjer mei Patrick Scheepstra, Cor Boonstra en Eelco Boonstra. It wie in tige waarme mar moaie keatsdei.

Lees meer

Federaasje partij yn Mantgum

Foar mear foto’s sjoch yn it album “federaasje.” Op de list stienen dit jier 26 pertoer. Yn alle kategoryen keatsen de jonges en de famkes meielkoar. De welpen en de pupillen keatsen mei in ôffal ronde en de skoaljeugd en de jonges en famkes keatsten yn poeltsjes. By de welpen wie de 1e foar Hindrik Meinsma en Idsert Wijnja, de 2e foar Arjan Hofstra en Anneke Zijlstra en de 3e priis wie foar Rick Warle en Durkje Zijlstra. Bij de pupillen gongen de krânsen nei Haye Jan de Boer en Stef Warle de 2e priis wie hjir foar Casper Aukes en Rixt van der Weide en de 3e wie foar Jan Thomas Faber en Laurens van der Pol.

Lees meer

Ilse Noorman wer

Snein 1 juni wûn Ilse Noorman de earste priis yn Jirnsum op de frije formaasje partij yn de kategory Famkes. Ilse keatste mei Margit de Groot út Sint Anne (links) en Margriet Bakker út Winsum (rjochts). In moaie opstekker foar it kommende jier, want dan sil se by de dames grif faker yn de frije formaasje keatse. In dei earder op sneon 31 maaie wûn Boukje Aalbers wer de kranse by de dames senioaren yn Achlum. Afke Kuipers begjint in abbonemint te krijen op tredde prizen. Hja wûn sneon in tredde priis op de dames haadklasse partij yn Snits.

Keatsklinik

Op 27 maaie 2008 wie der op it keatsfjild fan Mantgum in keatsklinic foar de jonge keatstalinten fan Mantgum. Dizze klinik is yn it libben roppen om de talinten fan Jacob Klaver yn oanrekking komme te litten mei us enthousiasme en affiniteit foar it keatsen. It bestjoer fan Jacob Klaver hat ús frege of wy as partoer dan ek in klinik jaan woene. Fansels moast dit plakfine! ‘Wat in opkomst’! Sei ik tsjin Ingrid. ´Wol 30 bern!´. Dit wie boppe ús ferwachting, prachtich! Mei in intensieve warming-up en wat rek- en strek oefening is de klinik útein setten.

Lees meer

Baukje Aalbers finaliste op de Hoofdklasse in Berlikum

Zondag 26 mei behaalde Baukje Aalbers met haar Vrije Formatie partuur een tweede prijs op de dames hoofdklasse partij in Berlikum. Zij verloren in de finale van het tot nu toe onverslaanbare partuur van Gejanne Dijkstra. De laatste slag viel op 5-2 en 6-0. Zaterdag 26 mei was er een derde prijs voor Afke Kuipers op de d.e.l. hoofdklasse partij in Kimswerd. Riemke van der Zee behaalde bij de dames eerste klas de eerste prijs in de verliezersronde. Ilse Noorman won de derde prijs in de A groep bij de categorie Meisjes. Wederom een mooi weekend vooor üs froulju!!!!

Lees meer

ôfdielingskompetysje Federaasje Littenseradiel

De ôfdielingskompetysje foar de jeugd fan de federaasje Littenseradiel is wer úteinset. Yn Mantgum wie de earste kompetysje dei dit jier. Foardat der keatst waard kamen alle dielnimmers op de foto. De ôfdielingen fan Jorwert en Wiuwert-Britswert wienen noch net kompleet doe de foto naam is. Der wienen hûndert en twa bern op it keatsfjild yn Mantgum en der waard keats yn acht kategoryen.

Lees meer

2e Jonker Sikke Partij

Hjoed, 25 maaie, waard yn Mantgum de twadde Jonker Sikke Partij keatst. Krekt as ferline jier waard foar dizze lede partij trije kear Lotte. By de manlju en froulju waard foel eindich striden op de “fette” Jonker Sikke itens bonnen. By de froulju wie de tredde priis foar Hendrika Reitsma, de twadde waard wûn troch Sjoukje Cnossen en de earste priis wie foar Baukje Stienstra. By de manlju gong de tredde priis nei Jan Dik Slop, de twadde priis nei Sjirk Gjalt de Groot en de krâns en de dikste itens-bon wie hjir foar Jan Geart Nutma. Priiswinners lokwinske en lekker ite by Jonker Sikke yn Jellum.

Earste krânse foar Ilse Noorman

In moaie kop stie der fan it wykein te lêzen op de side fan kaatsen.nl ´ Trio Ilse Noorman zegeviert in Tytsjerk ´ Mei har maten Grada van der Schoot út Seisbierrum en Lisette Wagenaar út Sint Annaparochie wist Ilse yn de finale ôf te rekkenjen mei it pertoer fan Janneke Koelmans.

Lees meer

Tiisdeitejûn 13 maaie “ladies day” yn Mantgum

Alde maaie hat west, it simmerwaar laket ús ta. Durk Kaastra hat de kij tradisjoneel al wer yn de greide en de earste keatskrânse hinget yn Mantgum oan de muorre. Keatsers en keatsleafhawwers bûnzet en sieddet it bloed wêr troch de ieren. In ljip slacht op it lân fan Geart Fopma, njonken it keatsfjild, nochris oer de wjuk. Soan Lieuwe Hendrik makket him op om syn keningskip op de Boeren PC fan 2007 te ferdidigjen. In ploechje jongfolk fuotballet op it fierste part fan it keatsfjild. Foaroan lizze de kriten klear foar de pelotenkompetysje fan de froulju út Littenseradiel.

Lees meer

Afke Kuipers wint krâns yn Jorwert

Pinkstersnein wurdt der yn Jorwert altiten keatst om de Wiebe Koldijk wikselpriis. Dizze wikselpriis hat in Mantgumer rântsje om’t de priis bestiet út de mei goud fergulde keatsmof fan ús lid Joke Koldijk. Joke is berne yn Jorwert en foar de priis is har earste keatsmofke brûkt. De wikselpriis mei by elk fan de winners fjouwer moanne op de skoarstienmantel stean. It Mantgumer rântsje oan dizze wikselpriis is dit jier wat grutter, om’t Afke Kuipers diel út makke fan it winnende partoer. Joke har bêrnemofke sil dus in skoftke útfanhûzje yn Mantgum. Afke wûn de priis mei foarynse Judy Bergsma fan Tirns en efterynse Aukje van Kuiken fan Kollumerpomp.

Lees meer

Bocreana Caravans Dearsum sponsor Lytse PC

Keatsferiening Jacob Klaver is erg blij te kunnen melden dat zij met Bocreana Caravans te Dearsum een sponsor contract heeft kunnen afsluiten. Minimaal 3 jaar lang zal Bocreana fungeren als één van de wedstrijd sponsoren van de Lytse PC Bocreana Caravans bestaat sinds 1967 en is gevestigd in Friesland aan de rijksweg tussen Sneek en Leeuwarden. Het bedrijf beschikt over een oppervlakte van 10.000 m² dat bijna geheel is ingericht als showterrein. Het visitekaartje is het leveren van kwaliteit, goede voorlichting en service. Uiteraard zijn zij ook Bovag lid. http://www.bocreana.nl

Lees meer

blomkepartij wer in sukses, sjoch ek it fotoalbum!

It gêrs wie moai meand, de linen leinen der strak yn en de sinne stie oan in strak blauwe loft, no wat wolle jo noch mear. Wy hienen in moaie list foar de earste ledepartij dit seizoen en fansels gebak. Mei de frijwilligers fan de Wjukken wie ôfpraat dat we y.f.m 4 maaie om seis oere klear wêze soenen, no dat slagge mar krekt. Troch it steande nûmer op de list en omdat Lieuwe en Meinte keallerij hienen duorre it allegear krekt efkes langer mar kertier foar seisen wienen de prizen der út.

Lees meer

Us frouljukeatsers binne wer los!!!

Onze dameskaatsers zijn het seizoen goed begonnen. Donderdag 1 mei begon het seizoen al direct met een afdelingswedstrijd in Dronrijp. Er werd twee keer gewonnen en in de derde ronde verloren van de Bolsward. Dat was geen schande want de Bolswarders zouden uiteindelijk ook de hoofdprijs mee naar huis nemen. Zaterdag 3 mei was er bijna een prijs voor Baukje Aalbers op de Dames Hoofdklasse wedstrijd in Franeker. Zij verloor met haar maten Margriet Koelmans en Brecht Gerbrandy met \alles aan de hang\" de wedstrijd om de derde of vierde plaats. Een dag later zat het Afke Kuipers mee. Zij won met Ingrid de Haan en Leonie Zeinstra in Arum op de dames Hoofdklasse de derde prijs.

de Blomke partij

ús keatsboekje leit noch by de drukker en snein hawwe wy ús earste ledepartij. Derom efkes fia poster en webside dizze ynformaasje.

Kaatsmarkt 26 april 2008 in Sporthal de Trije te Franeker

Op zaterdag 26 april 2008 organiseert de KNKB een kaatsmarkt. De kaatsmarkt begint om 15.00 en zal om 20.00 weer afgelopen zijn. Er worden allerlei ververschillende activiteiten georganiseerd, ook voor jou is er genoeg te beleven! De kaatsmarkt begint met een spectaculaire opening door PC-koning Johan van der Meulen, waarna je daarna gelijk door kunt naar de testtraining. Bij de testtraining (van 15.15 tot 16.15) word je opslag en uitslag gemeten om te kijken aan welke wedstrijden jij kunt deelnemen (leden, federatie of zelfs KNKB) Ontvang bovendien na afloop een certificaat! (als je al meedoet aan wedstrijden van de KNKB is de testtraining niet nodig) Let op: geef je wel tijdig op voor de testtraining via de website www.knkb.nl!

Lees meer

fjouwer kear is skippersrjocht

Sneon 5 april, eksakt 13 wiken foar de fiifde Jong Famme Partij, wie in heuchlike dei foar Keatsferiening Jacob Klaver. Op dy dei hat ús pônghâlder Geart Oostra in kontrakt foar fjouwer jier tekene mei Wilco Fopma, ien fan de twa direkteuren fan GrondNet B.V. GrondNet hat de ôfrûne jierren al de JFP stipe jûn as wedstriidsponsor, mar no is it dus prolongearre foar noch ris 4 jier. Wy binne optein!

jeugdbeliedsplan oanbean oan jeugdkommisje

Op de jier fergadering fan Jacob Klaver hat Geart Oostra it “jeugdbeleidsplan” oanbean oan Anneke van der Sluis. De jeugdkommisje , wer ’t Anneke foarsitter fan is, hat de ôfrûne seizoenen sjen litten dat der best wat mooglik is. Sa komme der dit seizoen sa ’n 45 te trainen yn de seal en letter noch mear op it fjild. Mei dit jeugdbeleidsplan hoopje wy ûnder oaren ek dizze nije leden fêst te hâlden. It plan is goed, want de KNKB hat dit beleanne mei in “subsydzje” út it Jan Rodenhuis fonds. De wedstriidaginda fan de feriening is ek fêststeld op de fergadering. Hjirneist stiet er alwer.