Aksje de waarme Jacob Klaver sjaal

De waarman yn it Jacob Klaver bistjoer is d’r wis fan, it wurdt iiskâld dizze winter. Eltsenien rint no wol op de ferneamde Tsjechiske keatssokken, mar jimme hawwe mear beskerming nedich. Dêrom hat keatsfer. Jacob Klaver waarme JK sjalen oanskaft. Sawol manlju-, froulju- en bernesjalen. Yn wol 10 ferskillende kleuren. In stikje JK service yn de winter foar in tige skaplikke priis. 4 euro it stik 3 foar 10 euro ôf te heljen bij Geart Oostra Skillaerderdyk 2 Mantgum

Ilse slagge foar eksamens keatstrainer 3 yn Frjentsjer

Yn septimber 2008 hawwe de earste eksamens keatstrainer 3 yn Frjentsjer plakfûn. De eardere oplieding keatstrainer A is omset ta keatstrainer 3 Yn dizze kursus siet mear praktyk en praktykbegelieding sa as coaching, oanstjoeren frywilligers ensf. Trainers wiene Dirk van der Leest en Jan de Groot. Nei it praktyske eksamen en in einpertear is ûnder oare Ilse Noorman hjirfoar slagge. Keatsfer. Jacob Klaver hat d’r in troch KNKB erkinde trainster bij It is wat let, mar út namme fan it Jacob Klaver bisjoer, noch tige lokwinske Ilse.

Anita Andriesen

Yn 2006 wie hja d’r foar’t earst bij, de tredde Jong Famme Partij. We hiene har noege en frege at hja beskermfrouwe fan de Jong Famme Partij wêze woe. Hja regearde fuortendaliks entûsjast. Ik sjoch har noch de Wjukken ynkommen. Om 11 oere begûn de tredde Jong Famme Partij, hja wie d’r yn selskip fan man Sytze en trije bern om 10 oere al. Hja woe de dei fan begjin oan’t de ein meibelibje. Yn 2005 is de stipersploech âldere Fammen foar Jong Fammen oprjochte. Hja fûn dit in prachtich ynisjatyf en melde har dy deis fuort oan as lid. D’r wiene in stik of tweintich leden, hja woe wol helpe dit oantal omheech te krijen en die in oprop fia de mikrofoan. Dêr bleau it net bij, mei Anna Christien bij it publyk lâns. Oan de ein fan de dei hiene wij 50 stipers. Ie wûn dizze dei de Jong Famme partij, Anita rikte mei foarsitter Anne Muller de prizen út.

Lees meer

Muurkaatstournooi 2009

29 en 30 november 2009 wordt er weer een muurkaatstournooi georganiseerd in Nizza Monferrato in Italië. Voor de eerste keer is er ook een damestoernooi. Hiervoor neemt namens de KNKB het officieuze Nederlandse kampioensduo Miranda Scheffer en Afke Kuipers deel.Er gaan deze keer drie teams naar de One Wall Federation Cup in Italië. Naast Nederland 1 met Michel van der Veen en Pier Piersma, die vorig jaar ook al deelnamen aan het toernooi in Nizza Monferrato debuteren namens Nederland 2: Bauke de Boer en Marten van der Leest op internationaal niveau. Informatie over het toernooi is te vinden op www.onewallfedcup.com

Prijzen verloting Keatsfer. Jacob Klaver, Lytse PC 2008

Nr. KLEUR 2 maal kaartje Iepenloftspul Jorwert 62 wit 2 maal kaartje Iepenloftspul Jorwert 278 rose Friteuse 305 geel Staafmixer 491 oranje Broodrooster 410 wit Slede 714 blauw 2 Strandstoelen 462 oranje Koffiezetapparaat + waterkoker 739 rose Gevuld Joegoslavisch aardewerk 307 groen Zaagklok 357 geel 25 delig Precisie set 183 wit Waterslanghaspel 982 rose Messenset 448 groen Olie en Azijnset 3 oranje Koffiekan + bekers 129 geel Sokkenpakket 157 wit Zaklantaarn 923 rose Prijzen af te halen bij Anna Christien Piebenga it Stalt 11 tel. 2501121

Jochum Bouma wint nei ‘Grutte’ PC ek de Lytse PC yn ien en itselde jier

Jochum Bouma hat sneon 13 septimber mei syn maten Pier Piersma en Erik Haitsma de 59-ste edysje fan de Lytse PC te Mantgum wûn. Yn in spannende finale beslikke hy op 5 earsten gelyk en 6 gelyk mei in formidabele sitbal de partij yn syn foardiel. In moaie útsetter fan in moaie keatsdei. Mar seker sa’n dei as de Lytse PC is mear as allinne keatsen. Grize koppen en bluisterige holtsjes mei fette gel yn ‘e kuif, soms mear hier op ‘e tosken as op ‘e holle. Kommen en gean, fertier en fanatisme. Alle tsjinstellingen lykje inoar alle jierren wer te treffen op de al wer 59-ste Lytse PC yn Mantgum. It is mooglik krekt dat spul fan utersten dat elk jier wer sa’n smite folk en keatsers nei Mantgum lûkt. Dy tsjinstellings hingje oan de lytse PC as baltsjes oan de tillegraaf.

Lees meer

Sneon 13 september de 59ste Lytse PC yn Mantgum

Doe’t nei 1945 de grutte wrâldkriich foarby wie, naam it deistich libben yn ús omkriten wer syn âlde foarmen oan. Der moast wer keatst wurde! In pear Mantgumer boeren stutsen de koppen by inoar om in bysûndere keatspartij yn it libben te roppen. In keatspartij foar de leafhawwers, foar de wrotters en foar de trochsetters. In keatspartij foar mannen dy’t krekt net it nivo fan de haadklasse hellen, mar dy’t wol elke wike de Fryske doarpen ôffleinen foar it spultsje mei bal en mof. Sa as it doe nei 1945 opsetten is, sa is it no noch. Wat de Frjentsjerter PC is foar de haadklasse keatsers dat is de Lytse PC yn Mantgum foar de keatsers yn de Earste Klasse. In bysûndere partij, mei troch de tiid hinne bysûndere prizen. Sa hinget by Hindrik Gjaltema yn Skalsum noch altiten de koekoeksklok oan de muorre as bewiis fan syn oerwinning op de Lytse PC fan 1964.

Lees meer

Alwer in 1e priis foar Afke en har maten.

It partoer is yn e rin fan it seisoen allinich mar better wurden. Ek de coach, Sjirk Gjalt de Groot wie tige bliid mei dizze prestaasje. Oare jier sil Sjirk zich mear sjen litte bij it keatsen fan syn bern Amarins en Gjalt. It partoer sil omsjen nei in oare coach. Foar no kin it keatsseisoen foar dizze froulju net mear stikken. (ferslach KNKB site) Zondag 31 augustus jl. werd deze Off. K.N.K.B. Dames Hoofdklasse vrije formatie wedstrijd verkaatst op “Keatslân De Seize” te Makkum. Naast de Dames Hoofdklasse parturen, deden er ook enkele Dames Senioren parturen mee. Zodoende was er een lijst met 16 parturen.

Lees meer

Bouwe de Bruin winnaar 1e klas uitnodiging

Op het zonovergoten Schuttersveld in Sneek heeft Bouwe samen met Siebe Greidanus (Wjelsryp) en Site Ferwerda (Stiens) de winst binnen weten te halen. Hier moest hard voor gewerkt worden, de latere winnaars beslisten tot tweemaal toe met alles aan de hang de partij in hun voordeel. De finale werd beslist op de stand 5-2 en 6-6, er werd gewonnen van Pieter van Althuis, Peins, Hillebrand Visser, Schettens en Marco Lautenbach, Amsterdam.

Afke Kuipers, binnen één week 8 punten rijker

De sponsoren van Afke moeten deze week diep in de buidel tasten om aan hun contractuele verplichtingen te kunnen voldoen. Afke wint zaterdag 16 augustus de 2e prijs met haar vaste maten Ingrid de Haan en Leonie van der Graaf bij de dames hoofdklasse in Goënga. Zoals bij iedereen bekend, woensdag 20 augustus met haar partuur winst op de Dames PC in Weidum. De koek was echter nog niet op want tijdens de uitnodigings partij in Beetgum wist Afke weer de winst naar zich toe te trekken. Met Judy Bergsma en Afke Hylkema won Afke de finale tegen Marie Heida, Ingrid de Haan en Fenna Zeinstra , stand 5-2 en 6-6. Afke Hylkema vond dat Afke Kuipers tijdens de prijsuitreiking in het midden moest staan. Dit is de plek van de verwachte keuze, van de te benoemen koningin, door de Konings Commissie.

Lees meer

Ids van der Ende partij 24 augustus

By de welpen waard keatst mei in ôffal ronde en bij de pupille/skoaljeugd waard poultsje keatst. By de welpen gong de earste priis nei Jennie Terpstra en Janna Fopma, de twadde wie foar Amarins de Groot en Jelle Terpstra en de tredde priis wie foar Hendrik Jan Bonsma en Haije Bonsma. Bij de pupillen en skoaljeugd wie de krâns foar Jan van der Meer en Jente Wieberen Muller, de preemje wie hjir foar Geart Reitsma en Reinder Bonekamp. Middeis waard keatst yn twa klassen. By de A’s wie de krâns foar Jan Geart Nutma en Jasper Visser en de twadde foar Ids van der Ende en Gosse van der Ende. Yn de B klasse waard de earste wûn troch Elaine Reitsema, Lysbeth van der Ende en Durk Monsma, de twadde wie hjir foar Albert Reitsema, Anna Brecht Bruinsma en Menno Bonekamp en de tredde wie foar Jelle Anema, Hedwich Stienstra en Sybren van der Meer. By de senioaren wienen de wer prachtige pakketten mei ierdewurk en lekkernijen.

Mantgum zet PC winnaars in het zonnetje

Een groot en spontaan feest afgelopen woensdagavond in Mantgum PC winnaressen Leonie van der Graaf, Ingrid de Haan, Afke Kuipers en coaches Sjirk Gjalt de Groot en Joke Koldijk zijn deze avond op grootse wijze gehuldigd. De boeren PC koning Lieuwe Fopma van 2007 stond met zijn knuffelkoe de winnaressen reeds op te wachten Met muziekkorps en cabrio een rondrit door het dorp, daarna werden ze in multifunctioneel Centrum de Wjukken toegesproken door voorzitter Anne Muller van keatsferiening Jacob Klaver. Nadat er bloemen uitgereikt zijn barst het feest los. Met begeleiding van orkest Let’s Dance werd het een onvergetelijke avond.

Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Leonie van der Graaf winnen 32e dames PC

Leonie van der Graaf werd gekroond tot de nieuwe koningin. Een terechte beloning voor de beste kaatsster van een verrassende PC. Met haar maten Afke Kuipers en Ingrid de Haan wonnen zij in een éénzijdige finale met 5-1 en 6-2 van het eersteklas partuur Rianne Dorst, Inge Algra en Maaike Osinga. Trio Dorst hadden in de eerste omloop verassend gewonnen van het sterke partuur Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra. In de tweede omloop versloegen zij eenvoudig het partuur van Tynke Toering, Joutsen Okkema en Renske van Terwisscha van Scheltinga. Via een staand nummer bereikten zij de finale. Op en út waren Kuipers c.s. in de finale oppermachtig. Afke Kuipers sloeg prima op, Ingrid de Haan sloeg als voorinse uitstekend van zich af en maakte veel punten door op de boven goed te retourneren en Leonie van der Graaf was zowel in het perk als aan de stuit erg betrouwbaar. Op 2-1 en 6-6 viel eigenlijk de genade slag toen Afke een beste tusseninse zitbal plaatste. Met slechts acht punten tegen werd door een buitenslag van Rianne Dorst op 5-1 en 6-2 de zege een feit.

Lees meer

Welpemfamkes B, troch inoar lotsje mei ferliezersronde, 11 partoer

Ien krâns bleaun yn Mantgum. Foar de finale spyle it Frysk Jeugd Harmony Orkest foar omsittend laach, finalisten en foar de winners fan de A-klasse it Frysk folksliet. Jennie en Anniek kamen yn de finale troch te winnen fan Pytrik en Angela mei 5-1 en 6-2 dernei wûnen sy fan Alien en Aluca mei 5-4 en 6-2 op de tredde list wûnen se fan Nynke en Andrea mei 5-4 en 6-9. Yn de finale wisten Jennie en Anniek te winnen fan Anna Berber en Janieke, de útslach wie 5-1 en 6-4. De twadde priiswinners kamen yn de finale troch te winnen fan Sigrid en Alize( de winners fan de ferliezersronde) mei 5-5 en 6-6, op de twadde list wûnen sy fan Rixt en Sjoukje mei 5-3 en 6-2. Op de tredde list hienen sy in steand nûmer 1e priis: Jennie Terpstra, Mantgum en Anniek Folkertsma, Folsgare 2e priis: Anna Berber Porte, Wommels en Janieke Dijkstra, Easterein 3e priis: Nynke de Schiffart, Tzum en Andrea Kroes, Gauw Ferliezersronde: 1e priis: Sigrid Bokma Leeuwarden en Alize Bootsma, Wommels 2e priis: Sanne Hijlkema, Gauw en Thea Hijlkema, Jorwert

Welpenfamkes A, troch inoar lotsjen,

De earste priiswinners hienen yn it poeltsje de earste kear wûn mei 5-5 en 6-5 en twadde pt ha se ferlern mei 5-5 en 6-2, de lêste wûnen se wer mei 5-0 4n 6-4. De twadde priis winners ferleare earst twa kear, 5-5 en 6-4 dernei 5-4 en 6-0. De lêste kear wûnen sy mei 5-2 en 6-4. Mei 16 earsten foar wisten sy dochs de twadde priis te pakken. 1e priis: Sandra Hofstra, Wjelsryp en Froukje Sinnema, Arum 2e priis: Sjanet Wijnia, Wommels en Mintje Meintema, Dronrijp

om útens... 2 ....!

ontvangen uit Uruzghan. ek yn kamp Holland wurde de fernneamde partijen folge, fia www bliuwe sy en wy goed op ’e hichte!

Nijs fan ús dames yn de haadklasse

Baukje Aalbers en Afke Kuipers, hjir tegearre yn it shirt fan Jacob Klaver op de Jong Famme partij, keatse har mei regelmaat yn de prizen by de dames haadklasse. Baukje wûn op 28 juny yn St. Anne in 3e priis op de t.i.l. partij \\. Afke wûn in dei letter mei har frije formaasje partoer in 3e priis yn Baard. Op snein 13 july wûn Afke op de frije formaasje yn Huizum in 2e priis. Hja ferlearen nipt fan it keningspartoer Dijkstra - De Groot - Hijlkema mei 5-5 en 6-4. Fierders waard bekend dat Baukje Aalbers folgend jier keatse sil mei Klaske de Jong en Sjoukje Visser, beide ôfkomstig fan EE. Afke Kuipers bliuwt folgjend jier keatsen mei it selde partoer. Dat wol sizze mei Leonie Zeinstra en Ingrid de Haan.

om útens...

fan in keats-fan om útens ha ik fia de mail dizze foto krigen. De foto is makke yn Abu Dhabi en ek dêr is de Jong famme partij al nijs!

It begjint mei blokjerinnen........

Ha net in protte topkeatsers de earste priuwkes fan it keatsen leard troch te blokjerinnen? Jenny Terpstra, hjir mei Gjalt en Amarins de Groot bringt dat al aardich yn praktyk. Op snein 6 juli wûn sy de 2e priis by de welpen yn Huizum en op sneon 12 juni sels de krânse by de welpen B yn Burgwerd. Tegearre mei Amarins keatst Jenny dit jier mei regelmaat op de KNKB partijen. En dat bliuwt foar beiden net sûnder sukses. It liket der op dat de opfolgers foar ús froulju keatsers yn de hegere klassen al klear stean.

Boalsert glorieus winner fyfde Jong Famme Partij

De tredde kear priis. Dat jilde sneon foar Boalsert en dat jilde noch mear foar Fenna Zeinstra. Twa kear earder stie sy mei ferskillende maten yn de finale (2005 en 2007). Respektivelik Dronryp en Ie hoden har fan de Gouden Klaver, de prachtige wikselpriis dy’t sneon yn Mantgum foar de fyfde kear útrikt waard. No wie it al rekke dus. Aardich is ek dat Fenna de earste frou is dy’t firtueel it klaverke fjouwer byinoar garre hat. De Ald Meyers, de Bond, foarich jier de frouljus PC en no dan de Jong Famme Partij, de iennichste (ôfdielings)partij foar junioare froulju. In sulveren gouden rântsje om dizze lustrumpartij foar de organisearende feriening KF Jacob Klaver wie dat it eigen Mantgumer partoer ferrassend sterk yn de finale kommen wie mar doe dudlik belies jaan moast.

Lees meer

strjitkeatsen

D’r is dizze wike wer strjitte keatst. Yn ferbân mei skoalle aktiviteiten binne we al op moandei mei de bern begûn. Anna Christien moarns betiid mei de ferve kwaste d’r bylâns en it koe heve! Woansdei de folwoeksenen, tongersdei de finales. Wer in gesellich barren, de dielname wie wat oan de krappe kant, d’r meie takom jier wol wat meer meidwaan. De útslaggen bij de welpen: 1e priis Jurian Tolsma en Jelle Terpstra 2e priis Jennie Terpstra en Haye Bonsma 3e priis Kees Herder en Janna Fopma De pupillen/skoaljeugd 1e priis Kristian van Zadelhoff en Reinder Bonekamp 2e priis Geert Reitsma en Marianne Diallo 3e priis Sissel de Boer en Tjardo Bouma De froulju 1e priis Sjoukje Cnossen en Hilda Dolstra 2e priis Trijntje van der Galiën en Anna Karin de Jong De manlju 1e priis Jasper Visser en Jan Dick Slop 2e priis Baukje Stienstra en Jehannes Arendz 3e priis Anne Terpstra en Johannes Muller

It iepen kampioenskip Pearke Teatsen Littenseradiel grut sukses !!!

Ferline jier stiene d’r yn Mantgum 10 twatallen op de teatslist. Dit jier gongen we foar it dûbele oantal. Mar wij wiene te beskieden. Leafst 35 pearkes hawwe harren opjoen en Teatse om de gemeentelikke titel. It sportfjild yn Mantgum leit hielendal fol mei teatsfjilden, 9 stiks. Eltsenien minimaal twa keer teatse, in winners en in ferliezers ronde. Prachtich is it, eltsenien enthousiast, fûleindich teatse om de teatstitel en de iterspaketten, makke troch supermerk PLUS út eigen doarp. De wedstriidlieder hâldt de gang de hiele dei d’r goed yn en om 16 oere is de winner bekind. Meiinoar it fjid opromje en de priisútrikking op it terras fan de Wjukken. We doare net mear in prognose te meitsjen fan it oantal dielnimmers yn 2009. Soene we op syk moatte nei ekstra fjilden yn it doarp??

Lees meer