Keatsklinik

Op 27 maaie 2008 wie der op it keatsfjild fan Mantgum in keatsklinic foar de jonge keatstalinten fan Mantgum. Dizze klinik is yn it libben roppen om de talinten fan Jacob Klaver yn oanrekking komme te litten mei us enthousiasme en affiniteit foar it keatsen. It bestjoer fan Jacob Klaver hat ús frege of wy as partoer dan ek in klinik jaan woene. Fansels moast dit plakfine! ‘Wat in opkomst’! Sei ik tsjin Ingrid. ´Wol 30 bern!´. Dit wie boppe ús ferwachting, prachtich! Mei in intensieve warming-up en wat rek- en strek oefening is de klinik útein setten.

De âldere bern gienen mei Ingrid op paad en de jongste groep wie ûnder lieding fan Afke. Beide groepen hawwe op- en útslach oefeningen dien.Mei de opslach stienen der âlders yn it perk, dit wie fansels in leuke útdaging, sla in sitbal op heit of mem! Mei de útslach wie it de bedoeling om op it grutte houten boerd te slaan. Dit wie in moeilijke opdracht, mar toch slagge it in inkeling. De klinik wie in grut sukses! Wa wit folgjend jier wer.. Afke Kuipers Ingrid de Haan Leonie van der Graaf

Geplaatst op 02 June 2008