Partoer fan Afke Kuipers boekt knappe resultaten

It frije formaasje partoer fan Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Bianca van der Veen rekket sa stadich oan goed yn foarm foar de wichtichste partijen fan it jier. Nei’t der yn Baard in twadde priis behelle waard, heakke it eefkes yn Doanjum en Wytmarsum, mar op de woansdei partij yn Minnertsgea waard in knappe twadde priis behelle.

Lees meer

Frentsjer wint 6-de Jong Fammepartij nei histoaryske finale.

Troch Popke van der Zee Debuteare as ôfdieling en debuteare as twaddejiers famke op in klassiker sa as de Jong Famme Partij no al hast neamd wurde mei, en dan drekt mei de krans nei hûs. Dat oerkaam Manon Scheepstra ôfrûne sneon op it feestlik oanklaaide fjild fan KF Jacob Klaver. Mei har maat Baukje Aalbers foarme sy it twatal dat yn de finale in oar twatal , de beide Maaikes (Osinga en Wind) mei fiif om fjouwer en skjinne seis fersloech. Foar Baukje wie dit gjin debút. It wie har fyfde optreden yn trije ferskillende ôfdielingsformaasjes. Meer foto’s van deze wedstrijd op www.kaatsfotograaf.nl

Lees meer

Tariedings JONG FAMME partij yn folle gang

It bestjoer fan Jacob Klaver is al wiken warber om ek dit jier de JONG FAMME partij ta in sukses te meitsjen. Fansels moatte de keatsters foar striid, spanning en sensaasje soargje, mar in optimale entoeraazje kin de prestaasjes en de sfear allinnich mar ferheegje. Al wiken hingje der rûnom affysjes mei de oankundiging fan dizze partij en ek fia oare media wurdt de partij bekend makke. Bysûnder is dat dit jier de JONG FAMME partij live te folgjen is fia it ynternet. Op www.knkb.tv is de wedstriid fan ôf 12.00 rjochtstreeks te sjen. De tagong op it fjild is sneon fergees.

Lees meer

Premie voor Amarins en Afke

Zondag 28 juni waren er zowel in de jongste categorie bij de welpen meisjes als ook in de hoofdklasse dames, successen voor onze meiden. Amarins de Groot won in de A-Klasse op de KNKB wedstrijd in Engelum de 2e prijs. Een buitenslag op 5-5 en 6-6 versperde haar uitzicht op de krans. Helaas pindakaas!! Oare kear better Amarins!! Afke Kuipers won op de hoodklasse partij bij de dames de 2e prijs in de Vrije Formatie wedstrijd in Baard. In de finale moesten zij met 5-3 en 6-6 de zege laten aan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra.

Alwer priis....!!!!

Krustocht oer de fryske fjilden. De Mantgummer froulju ha alwer priis. Dit kear moasten de minsken yn Wommels ta sjen hoe de kranse om de nekke fan Amarins, Brecht en Jenny hongen waarden. Yn in trije kamp ferdield oer de doarpen Mantgum, Winsum en Wommels hienen de froulju gjin moeite om harren favorieten rol wier te meitsjen. Mei net in ferlies partij oer 9 wedstriiden wienen sy de fertsjinne winners.

Lees meer

Famylje Keatsen op freed grut sukses.

Freed stie der foar de 3e kear de famyljekeatserij op it programma. Omdat der troch te min dielname (ûnder oare troch it horeka keatsen) te min opjefte wie foar de sneins hienen we de famylje partij nei freed ta setten.

Lees meer

Alwer Esther en Tjipke op it iepen kampioenskip pearketeatsen Littenseradiel

Ut in list fan, skrik net, fjouwer en fjirtich pertoer kamen Esther Hoitenga en Tjipke Okkema dit jier wer as bêsten nei foaren. Yn in spannende finale wûnen sy fan Jitske Arendz en Willard Terpstra mei 5-5 en 6-2. Jitske en Willard hienen mei harren krachten smiten yn de fjirde omloop. Hjir moasten sy it opnimme tsjin de finalisten fan ferline jier, Wiepkje Hiemstra en Feite de Haan. Dit wisten Jitske en Willard te winnen mei 5-3 en 6-6. Wiepkje en Feite moasten dit jier genoegen nimme mei in fjirde priis. De oare fjirde prizen wienen foar Trees Bos en Lieuwe Fopma, Pauliena Kastelijn en Albert Jonker en Aukje Nauta en Ido Altenburg. Aukje en Ido wienen de winners fan de edysje 2007. foto’s op: http://www.mijnalbum.nl/Album=PANL7LPT (link copy & paste yn adresbalke explorer)

Lees meer

Bregt Arendz wint har earste kranse by de KNKB

Trije fammen út Mantgum yn ’e prizen. Hoe is soks dochs mooglik? Ha wy no ynienen allegear priiskeatsers yn it doarp. It liket de Spaanske Griep wol, it stekt hast elkenien oan. We ha ien fan de priiswinners ris frege om der sels wat oer te skriuwen. Klik op \lees meer\" en lês hoe’t Bregt har kranse wûn. """

Lees meer

Iepen Kampioenskip Pearketeatsen Littenseradiel

Update: Opjaan kin oan te mei tongersdei 18 juni 2009 18.00 oere. Snein 21 juni Iepen Kampioenskip Pearke Teatsen fan Littenseradiel. Sa as oankundige begjinne de wedstriiden om 10.00. It kampioenskip is wat it tal dielnimmers oanbelanget no al in grut sukses, mooglik te grut want wêr litte wy de 40 partoer !!!! dy’t har no al opjûn ha. Boppedat kinne dielnimmers har noch altiten opjaan. Sjoch dêrfoar de poster hjirneast. Ferliden jier wienen der in dikke tritich partoer, dus it ynisjatyf slacht blykber oan. Nei ôfrin fan it keatsen is der live musyk yn ús doarpshûs. Ek supporters, fans, famylje, en oare belangstellenden binne fansels fan herte wolkom. Wy freegje gjin entree, dat elk kin fergees fan dit spektakel genietsje. Wolle jo op snein ris wat oars? Gean kommende snein nei Mantgum!!!

Afke Kuipers cs sluiten 1ste cyclus af met premie

Zondag 14 juni moest in Arum op de dames hoofdklasse partij de beslissing vallen over de winst in de eerste cyclus. Bovenaan stond het partuur van Maaike Joostema met 9 punten, daarna Maaike Wind cs met 8 en Afke Kuipers cs met 7 punten. Omdat de bovenste twee direct tegen elkaar moesten spelen, was de einduitslag van de eerste cyclus spannend tot aan de laatste slag.

Lees meer

Fjild lizze en Keaste

Wederom een drukte van belang op het kaatsveld. Het is prachtig om te zien hoeveel mensen er plezier beleven aan de kaatssport.

Lees meer

Afke Kuipers k(r)ansrijk in Stiens

Soms zit het mee en soms zit het tegen. En we weten allemaal dat bij sport de factor geluk een belangrijke factor speelt. Een bal net op, of binnen de lijn. Het zijn soms kleine verschillen die in een wedstrijd de doorslag geven. Dat was vrijdag in Stiens ook het geval op de dames hoofdklasse partij. Afke Kuipers had met Brecht Gerbrandy en Afke Hylkema op papier een sterk partuur, maar zou het allemaal wel mee zitten……?

Lees meer

Jong Famme partij live op internet

Dit jaar wordt de JONG FAMME kaatspartij gehouden op zaterdag 4 juli. Het belooft weer een bijzondere dag te gaan worden. Er is wederom een speciale openingsact door het damescollectief FET en alle deelnemende parturen gaan met elkaar op de foto. Nieuw is dit jaar dat de wedstrijden vanaf 12.00 live worden uitgezonden via de internetsite WWW.KNKB.NL.

Lees meer

Jacob Klaver wint pupillen afdelingscompetitie bij de meisjes

Amarins, Jennie en Brecht hadden de eerste wedstrijd in de afdelingscompetitie gewonnen en konden vandaag het kampioenschap binnen halen. Brecht kon helaas niet mee. Ze had een familiedag en ja zoiets laat je ook niet gemakkelijk schieten met zulke gezellige omkes, tantes, neefkes en nichtjes. Jenny en Amarins moesten de klus dus met z’n tweeën klaren. Zou dat gaan lukken....?

Lees meer

Twa Perken Fol

Op de avond van de première van het Berne-iepenloftspul veracht je natuurlijk niet een al te grote opkomst maar niets bleek minder waar.

Lees meer

As is ferbaarne turf

Oan de wâl stean de beste stjoerlju en fan efteren kin je in ko yn de kont sjen. Allegear folkswiisheden dêr’t je neat mei kinne. Mar as, ja as it op 2-3 en 6-6 in bytsje meisitten hie en as Sjirk Gjalt op 4-3 net 3x boekele hie en as Skelte dy iene bal net kwea slein hie en as, as, as .......

Lees meer

Gouden snein foar Amarins en Afke, sulver foar Ilse.

De dei sette al daliks goed útein. In moai sintsje, in temperatuer fan goed tweintich graden en sa no en dan in koel wyntsje. In prachtige dei om te keatsen. Doe’t ik mei Afke om goed tsien oere útein sette, wie it nocht noch net al te grut. Der wie ek al keatst op tongersdei en freed en de sneon wie bestege oan oare drokke lichamelike arbeid dat de lea makke al wat tsjinwrakselingen. Fan sokke prakkesaasjes hie Amarins de Groot op dat stuit gjin lêst. Sy siet allinnich mar te tinken oan de earste partij, want dan soe se tsjin Jenny Terpstra keatse moatte en dêr hie se dit jier noch net fan wûn. In pear strjitten fierder op, helle Ilse de fyts út it hok om nei Weidum te gean foar de KNKB wedstriid fan de dames earste klas. Ilse hie net allinnich keatst op tongersdei en freed, mar ek noch meidien oan it peloaten op woansdei en oan in t.i.l. partij op sneon. Hoe soe it allegear ferrinne..........

Lees meer

St. Anne winner fan de jonges ôfdielingspartij yn Mantgum

Neffens waarnimmend foarsitter Geart Oostra wie it “in moaie keatserij op de oant no ta moaiste dei fan it jier.” Der waard yndie keatst ûnder perfekte waarsomstannichheden. Hast gjin wyn, en in temperatuer fan sa’n 20 graden. De jonges wienen yn de earste omlopen noch wat sleau, mar doe’t ien kear de skiep fan de bokken skieden wienen, gie it oan en waard der fûl en goed keatst. Minnertsgea mei as sterke man Hendrik Kootstra gie hiel lang mei. Nei St. Jabik (5-2 + 6-0) wûnen sy fan Boalsert (5-3 + 6-0) mar krigen it frjemd genôch hiel dreech tsjin it twatal fan Frjentsjer (5-5 + 6-0). Yn de heale finale moasten sy op de stân 2-5 en 6-6 belies jaan tsjin it deeglik keatsende trio fan Easterein. Hendrik Kootstra, “de nije reus fan Minnertsgea”, fertsjinnet in grut komplimint foar de wize hoe’t er omgie mei syn twa jonge en wat minder talintfolle maten en dêrtroch it heechste der út helle wat der hjoed yn siet. In tredde priis wie úteinlik har diel.

Lees meer

Ilse Noorman debuteert met 2e prijs in de dames hoofdklasse

Wat begon als een prachtige kans, eindigde met een schitterend resultaat. Door blessures en andere omstandigheden, werd Ilse Noorman donderavond gebeld met de vraag of ze ook beschikbaar was om een dag later mee te doen op de dames hoofdklassepartij in Easterein. En hoewel Ilse na afloop van de eerste omloop bekende: “Ik wie best wol senuweftich”, werd het meer dan alleen maar meedoen……….

Lees meer

De Jonker Sikke partij

Snein de twadde ledepartij, dizze partij wurdt sponsore troch Jonker Sikke út Jellum Keatse om itersbonnen, ite bij Jonker Sikke is in feest!

Lees meer