Gezocht: Vrijwilligers voor bediening AED

Op de jaarvergadering van de verenigingen met Doarpsmienskip van woensdag 17 maart 2010 is het onderwerp AED aan de orde geweest . Tijdens deze vergadering is besloten, dat de vijf verenigingen, te weten de Kaatsclub, de Tennisclub, de Jeu de Boules vereniging, de Korfbalvereniging en de Stichting Wjukken, in hun verenigingen op zoek zullen gaan naar personen die opgeleid willen worden tot AED-bedienaar.

Lees meer

10 krânsen nei Mantgum

Nei de Lytse PC en it âlder/bern keatsen it ôfrûne wykein tochten in protte minsken yn Mantgum dat dit it lêste keatswykein fan 2010 wie. Mar it grutske súkses fan keatsfer. Jacob Klaver fan dit jier moast noch komme. Yn stilte hawwe twa teams harren dizze wike foarbereid op de útsetter fan dit keatsseizoen Yn Littens wiene hjoed de einwedstriden fan de KNKB Pelote kompetysje. De foarrondes hawwe ôfrûne simmer plakfûn, sawol de heren as froulju hawwe harren pleatst foar dizze einwedstriid en it waard in grut sukses!

Lees meer

Oprop, oprop, oprop!

Moarn wurde de krúsfinales ferkeats fan de KNKB-kompetysje fan it peloten. Sawol de mannen as de froulju hawwe sich yn de poulefase bewezen en meitsje dus beide noch kans op it winnen fan de KNKB-kompetysje. Der is natuurlik in soad Mantgumer steun foar nedich, dus kom allegear by ús mannen en froulju te sjen! It spylskema fyne jo op de KNKB side. At jo op ’Lees verder’ drukke krije jo de link.

Lees meer

Alder bern keatsen.

Ferline snein is de âlder-bern partij wer ferkeatst dy’t dit jier sponsore waard troch Poask. Mei tweintich partoer, fjirtich keatsers, 2 tillegraven te min en krekt genôch ballen wie de list wer behoarlik fuld en dêr binne wy fansels tige mei ynnommen.

Lees meer

Foto’s lytse PC

Tidens de Lytse PC hat Klaas Hijlkema prachtige foto’s makke. Jim kinne dizze besjen op www.kaatsfotograaf.nl

Prijzen verloting Lytse PC 2010

Nr. Oma fiets 718 2 x kaartje Iepenloftspul Pake Sytse 25 sept.’10, 2262 2 x kaartje Iepenloftspul Jorwert 22 sept.’10, 1017 2 x kaartje Iepenloftspul Pake Sytse 25 sept.’10, 771 Oplaadbare kruimelzuiger 1033 Dynamo Led zaklantaarn 1136 Mixer op statief 1754 Sandwich toaster 482 Olie en azijnset 1219 Friteuse 826 Spanbandset 2001 Koffiemokken 1791 Koffiezetapparaat + waterkoker 204 Bakplaat (26,5 bij 47 cm) 2096 Gevuld Joegoslavisch aardewerk 1650 Gevuld Joegoslavisch aardewerk 72 Kaatsballebonbons 595 Prijzen af te halen bij Baukje Stienstra de Wâl 2 Tel. 06-13043474

Jeugdig partoer Jan Brandt Wiersma wint 61 Lytse PC

Troch Popke van der Zee Se wiene der allegear wer op dizze twadde sneon yn septimber yn Mantgum. Al wer foar de 61-ste kear waard hjir de traditionele Lytse PC ferkeatst. In partij mei in heech ritueel gehalte. Allegear wolle se der graach by wêze: âld winners en oare grize koppen om de linen, en yn de krite erkende earsteklas partoeren, gelegenheidspartoeren fan âld keatsers , in soad dêrfan dy’’t soms jierren ferlyn krekt op dit poadium ôfskie nommen hiene, en lokale helden. Dit bûnt ferskaat fan talint, kwaliteiten en leeftiden, fan stive en linige spieren makke der wer in moai feest fan.

Lees meer

Winners B-klasse famyljekeatsen

Omdat er net meardere foto’s by ien stikje kinne, hjirby ek noch de foto fan de winners fan de B-klasse: Famylje Van der Valk.

KNKB pelote kompetysje dames

De Mantgumer froulju dogge dit jier foar it earst mei oan de KNKB kompetysje fan it peloten. Der doche 7 frouljuteams mei, welke ferdeelt binne yn twa poules. Yn poule A keatse Winsum, Boazum en Mantgum. Yn poule B striide Easterein, Easterlittens, Deinum en Weidum om in plakje yn de (krús)finales. De earste twa ut de poules gean troch, Oer poule B ha wy net in soad mei krigen, mar poule A witte wy alles oer te fertellen.

Lees meer

18 juny 2010, wat wie der toen ek alwer?

Famyljekeatsen, in partij yn opkomst by keatsferieniging Jacob Klaver! Nei in topopkomst yn 2009 in lytse weromfal yn 2010, mar noch steeds koe der keatst wurde yn in A- en B-klasse en dat foldie wer poerbest.

Lees meer

KNKB welpenjonges A en B, 29 augustus 2010

Buienradar meldde it hiele wykein al dat it gâns in toer wurde soe dizze lêste welpen wedstriid troch gean te litten. Mar we doarden it oan. We binne sels begûn mei hiel ridlik waar, mei sa no en dan it sintsje d’r efkes bij. Dit soe net sa bliuwe, om 11 oere hiene we in beste bui. Dochs waard nei in 20 minuten skûljen besletten troch te gean. Dit hat in goed bislút west. We koenen it net de hiele middei droech hâlde mar de grutste buien gongen om ús hinne.

Lees meer

Afke har 5e PC

Yn 2006 wûn Afke Kuipers de tredde priis op de froulju’s PC Yn 2008 it ultieme súkses, winst mei Leonie van der Graaf en Ingrid de Haan Yn 2010 is it wer raak, no de twadde priis mei Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra Noch mar 22 jier âld en dan al sa’n oersjoch, in prestaasje om grutsk op te wezen.

Lees meer

Ids van der Ende partij 22 augustus 2010

Suterige waarberjochten, mar Pyt Paulusma hat it mis! De buien geane boppe ús lans, alinne om healwei trije oere in snjitter fan 5 minuten Om 11 oere tagelyk begjinne, sawol de jeugd as de âlderen.

Lees meer

Mantgumer kaatsbeloften blijven winnen...

Nei in koarte fakansje thús komme, is it fansels altiten moai om te sjen dat de MANTGUMER keatsjeugd yn de tuskentiid net stilsitten hat. In lytse surftocht op de webside fan de KNKB levere it folgjende byld op:

Lees meer

De aanhouder wint....

Het is soms een hele opgave om altijd weer mee te doen aan kaatswedstrijden als je nooit eens een prijs wint. Dat was tot zaterdag het geval met ons jeugdlid Bregt Arendz. Ze vertelde dat ze soms ´s morgens geen zin had om er weer heen te gaan. `Mar as ik der ien kear bin, fyn ik it altiten ek wol wer moai.` Een prima instelling die afgelopen zaterdag in Hartwerd werd beloond met een derde prijs op de d.e.l. wedstrijd voor pupillen. Trochsette Bregt, want as der ien skiep oer de daam is, folge der mear!

Lees meer

Jennie wint de krans in Wjelsryp

Jennie Terpstra won zaterdag 31 juli de eerste prijs op een pupillen KNKB partij in Wjelsryp. Ze behaalde de prijs met Louise Knol uit EE.

Parse en foto’s

Mantgum stie ofrûne wieke aardich yn de picture mei de Jong Famme Partij en de Greidhoeke Kompetysje. Wij wolle jim al de oandacht net ûnthalde. (foto; Henk Bootsma)

Lees meer

Fantastysk keatsend Boazum moat nei dramatyske polsbreuk fan Wiljo Sybrandy de priis oan Ie litte op

It soe in prachtige finale wurde ôfrûne sneon op de Sande Jong Famme Partij. Ommers Ie en Boazum wiene as de twa absolute toppers yn de finale kaam. Beide partoeren hiene yn trije omlopen mar trije earsten tsjin krigen. En foaral Boazum hie yndruk makke. Se fersloegen oare favoriten as Penjum (foarich jier twadde) en St. Anne yn har oanloop nei de finale. It rûn oars. Der wie noch mar ien earst ferkeatst yn de finale doe’t Wiljo Sybrandy ûngelokkich op har pols telâne kaam. Sadanich slim dat se mei in brutsen pols opjaan moast. It minne waar mei tonger dat foarsein wie bleau út, mar dit sloech foar elk hurder yn as de ferwachte tongerslach. Litte we hope dat it skaad oer dizze moaie partij net symboalysk is foar de takomst.

Lees meer

Keatsclinic grut sukses

Op tiisdei 29 juny wie de keatsclinic. Jeen hie der in protte nocht yn, hy soe namelijk training krije fan de beste keatsers fan de wrâld. Op it fjild stienen Pyter Sybren Skarringa, Jouke Bosje, Gerrit Meijer, Teake Triemstra, Daniel Iseger en Gert Anne van der Bos dy’t hiel enthousiast mei de bern omgienen.

Lees meer

Lotting Jong Famme op Fideo

Op de ûndersteande link kinne jim de lotting foar de 7 Jong Famme Partij fine. Ek is de lotting te besjen mei in intervieuw mei foarsitter Oostra.

Lees meer