Sneu ferlies foar Baukje en Ilse op Frouljus PC

Dit jier wie der gjin súkses foar ús dames op de FrouljusPC yn Weidum. Alle trije ferlearen yn de earste omloop op fiif earsten gelyk. Mar foar sawol Baukje Aalbers as Ilse Noorman wie it ferlies wol hiel nipt. Allebeide ferlearen se mei “alles oan ‘e hang”.

Lees meer

Trije leden fan Jacob Klaver op de list fan Frouljus PC

Dit jier binne der trije leden fan ús keatsferiening ta litten om mei te dwaan oan de PC. It binne Baukje Aalbers mei har maten Iris van der Veen en Manon Scheepstra. Ilse Noorman spilet mei Feikje Bouwhuis en Anke Marije Pompstra. Us lid om útens Afke Kuipers keatst mei Nynke Sijbrandij en Bianca van der Veen. Foar kommend jier binne alle haadklase partoeren op ’e skop gien. Baukje hat har formearre mei Sanne Velsma en Gérieke de Groot. Ilse sil it besykje mei Anke Marije Pompstra en Mariska Hoogland. Afke Kuipers giet fierder mei Aukje van Kuiken en Imke van der Leest.

Keatsnijs fan de ôfrûne wiken

Nei in wat mindere periode einliks wer súkses foar Ilse Noorman. Nei in drege spulwike der’t it lichem net fan hersteld wie, wûn Ilse mei har fêste maten Anke Marije Pompstra Easterein en Feikje Bouwhuis Boalsert op 31 juli yn Lekkum de earste priis by de froulju 1e klasse KNKB.

Lees meer

Jennie Terpstra prinses in Tzum

Op de traditionele prins- en prinsessen partij te Tzum is Jennie verkozen tot prinses. Ondanks het natte en koude weer wist ze, samen met Simona Kootstra, in de finale tegen Alcula Bouma en Anna-Baukje Bloem de winst naar zich toe te trekken.

Lees meer

Kompetysje omloop alve.

It waarberjocht foar justerjûn wie fansels net al te bêst mar doch koene we in twa perken keatse. Guon kamen sels foar de earste kear te kompetysje keatsen.

Lees meer

Geweldich resultaat fan Gjalt, Jelle en Ignas

Wat ús suskes en doarpgenoatsjes kinne, dat kinne wy fansels ek! Want sukses wurket oansteklik en sa as de âlde Romeinske filosoof Seneca al 2000 jier ferline sei: “Een goed voorbeeld doet goed volgen”. Gjalt, Jelle en Ignas ha snein foar in geweldich resultaat soarge op de ôfdielingspartij foar welpen jonges yn Jirnsum.

Lees meer

Peloten froulju runde 2

De twadde en ek gelyk ien nei letste runde fan it peloten foar de froulju is moandei 18 july ferspyle op it fjild fan Mantgum. Hoe is dit ofrun?

Lees meer

FINALE GREIDHOEKE KOMPETYSJE AFGELAST

In verband met verplichtingen elders en het begin van vakanties konden de teams niet meer volledig of op volle sterkte aantreden. Om die reden is besloten de finale uit te stellen tot een nader te bepalen datum.

Pannekoek ite op it WK fan JK

It fjild fan de Jong Famme Partij wie it decor foar it WK fan JK. In WK waardich fjild mei sponsorboerden, in tinte foar de journalisten, in tinte foar de V.I.P’s en fansels wienen alle topkeatsers út Mantgum fan de partij.

Lees meer

Woansdei 13 july 2011 finales Greidhoekekompetysje

Kom woansdei 13 july 2011 allegear om 19.30 yn Wommels. Der wurde de finales fan’e Greidhoekekompetysje ferkeatst. Mantgum moat tsjin St. Anna oantrede foar it 5e of 6e plakje. Nei ofrin in gesellich samenzijn mei alle teams under it genot fan in drankje en musyk!

KNKB kompetysje peloten

Neidat de pelotekompetysje foarch jier foar Mantgum in grut sukses wie, moast der dit jier natuurlik wer oan meidien wurde. Sawol de manlju as de froulju doche mei en se wolle beide hun titel ferdedigje. De mannen foarch jier kampioen yn’e B-poule. Om bepaalde redenen binne se net nei de A-klasse gien, derom no mar sjen litte dat dat eins wol moatten hie. De earste wedstryd waard troch de mannen mei 8 – 0 wun, dus de goeie lijn is ynsetten. De froulju binne in wike letter begun en wol op moandei 11 july. Se moasten (net foar it earst dit jier) tsjin Easterlittens. Noch net ferlern dit jier en derom dit no ek net dien. It gie net sa maklik as de letste kearen, mar dat makket neat. De punten binne binnen en ek hjir is it begin makke foar in suksesje. Oare wike moatte de froulju tsjin Deinum oantrede, wat wol ris de grutste konkurint weze koe. Dus kom allegear oare wike de froulju oanmoedigjen op it keatsfjild fan Mantgum om 19.30!

Famyljekeatsen 2011

Op freed 8 july is de striid wer oangien tusken de ferskillende stammen ut Mantgum en omstreken: it famyljekeatsen. Nei jierren in oprinnende opjefte moasten we dit jier in stapke werom dwaan en kamen mar op sawn petoer. Op de eardere datum wie der mear opjefte, mar dat koe troch omstandigheden net trochgean.

Lees meer

Bregt, Amarins en Jennie pakke de priis by de KNKB ôfdielingswedstriid pupillefamkes

Hja skreaunen foar de twadde kear dit jier in ôfdielingswedstriid op harren namme, op 21 maaie yn Britsum en no snein yn Reduzum. Jennie en Amarins wiene juster op it NK Skoallefamkes ek al hiel ticht bij in priis. Op 5-5 en 6-2 ferleren hja mei Hedwig Dijkstra om de tredde priis krekt fan Peins. Troch kalm te bliuwen en konsintreare te keatsen wisten hja fan in 5-1 efterstân wer om te kommen ta fiijf earsten gelyk. In bysûndere prestaasje, want Jennie en Amarins diene mei as dispensaasje spylster. Mar hjoed yn Reduzum wie it rekke, Bregt, Amarins en Jennie wûnen de finale oertsjûgjend fan Jirnsum. Op 5-1 en 6-2 waard de keats foarby slein.

Lees meer

Greidhoeke kompetysje woansdei 29 juni 2011 Mantgum – Wommels.

Ofrûne woansdei wie it wer safier, in wedstryd foar de Greidhoekekompetysje. Dit kear moasten ús keatsers tsjin Wommels. De earste kear gong de striid tsjin en yn Wommels ferlern mei mar leafst 3 – 0. Revanche wie dus wol op syn plak. Foaral de froulju wiene belust op revanche. Harren ferlies wie mar min te setten en no woene ja wol efkes sjen litte hoe de kaarten der bij leinen.

Lees meer

Mantgum wint 2e prijs bij Provinciaal schoolkaatsen

Afgelopen woensdagmiddag is op de velden van LKC Sonnenborgh voor de 51e keer het Provinciaal schoolkaatsen gehouden Bij de schoolmeisjes was de overwinning voor It Funemint uit Wommels met de kaatssters Sjanet Wijnia, Martzen Deinum en Hedwich de Boer. De premie was voor de Gielguorde uit Mantgum met Bregt Arendz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra.

Lees meer

Frentsjer wint foar de twadde kear de Jongfammepartij yn Mantgum

De achtste edysje fan de Jongfammepartij yn Mantgum is foar de twadde kear yn de histoarje wûn troch de ôfdieling Frentsjer. Sy fersloegen yn in net al te spannende finale it partoer fan Bitgum mei 5 om 3 en 6-2. It wie ek foar de twadde kear dat Manon Scheepstra de gouden klaver meinimme mocht.

Lees meer

Kompetysje omloop njoggen.

Mei de Jong Famme Partij foar de boech wie der fan fjild lizzen gjin sprake. De achttjin keatsers koene nei yndieling fuort en daliks los. In it earste perk keatste de jeugd.

Lees meer

K.F. Jacob Klaver set de Jong Famme Partij noch better op de kaart

Fan’t winter ûntstie it idee om in wike foar de Jong Famme Party buorden by de dyk te setten, sadat eltsenien witte kin wannear de Jong Famme Partij plakfine sil. De buorden steane der no en eltsenien dy’t Mantgum mei de trein, auto, fyts, brommer, scootmobiel of rinnende binnenkomt falt it daliks op ’’Kommende sneon de Jong Famme Partij’’

Lees meer

Keatsclinic, jeugdleden fan K.F. Jacob Klaver traine mei keatstoppers

Tiisdei 28 juny om 7 oere jûns op it sportfjild fan Mantgum , foarôfgeand oan de lotting fan de Jong Famme Party, krigen de jeugdleden ekstra keatsles. Trije keatsters fan it earste en ienigste keatsteam ’’de Fjouwersprong’’ fersoarge de training. De entûsjaste bern krigen in clinic jûn troch Afke Kuipers, Bianca van der Veen en Wiljo Sijbrandij.

Lees meer