Gilbert O’Sullivan yn Mantgum?
Nee dit is Marten Hiemstra achter de toetsen. Dizze en noch folle mear foto’s fan de feestjûn nei de lytse PC steane yn it fotoalbum \feest lytse PC\"
Nee dit is Marten Hiemstra achter de toetsen. Dizze en noch folle mear foto’s fan de feestjûn nei de lytse PC steane yn it fotoalbum \feest lytse PC\"
In Mantgum werd voor de finale van de Lytse PC afscheid genomen van een aantal 1e klas kaatsers die om verschillende redenen stoppen met kaatsen op dit niveau. Warren van der Veen voorzitter van KV Makkum was aanwezig en schreef het volgende gedicht.
Lees meerBaukje Aalbers is dit jaar bij de dames eerste klas als hoogste geëindigd in het puntenklassement. Ze behaalde 22 punten en daarmee bleef ze nummer twee, Hermanna Miedema, maar liefst acht punten voor. Ze sloot het kaatsseizoen toch al prima af met een tweede prijs op de uitnodigingswedstrijd van de dames hoofdklasse in Marssum. Dit was de laatste knkb wedstrijd voor de dames van dit kaatsseizoen.
Kaatsen is sport en sport is passy en emoasje. By keatsen heart emoasje en as dat bart binnen de sportive kaders en fatsoensnoarmen dan is soks prachtich. As dat dan ek noch kombinearre wurdt mei spannende en moaie sport dan belibje jo as taskôger in geweldige dei. De 58ste Lytse PC, in frije formaasje partij foar mânlju yn Mantgum, kenmerke him dit jier troch emoasjes. Derneist wienen der ek noch in tal spannende partijen dy’t mei alles oan de hang beslikke waarden. De fynpriuwers ûnder de keatsleafhawwers kamen yn Mantgum oan har trekken. (foar foto’s: klik op \fotoalbum\")"""
Lees meerNog niet afgehaalde prijzen/lotnummer/kleur Mobiel Samsung X481 (Telfort) 690 rose DVD Speler 27 wit 2 maal kaartje Iepenloftspul Jorwert 12 sept 812 geel Micro menne-set 909 blauw Assortiment sokken/boxershorts/t-shirts 988 geel Gevuld Joegoslavisch aardewerk 329 wit 99 delig Ratelschroevendraaierset 855 oranje Waterslanghaspel 442 groen Koffiekan + bekers 721 groen 12 delig spanband/bagageset 801 wit Prijzen af te halen bij Anna Christien Piebenga it Stalt 11
hjoed wie om 20.00 oere de lotting yn de Wjukken, op de list dit jier 25 pertoer.
Lees meerIlse keatst al sûnt de legere skoalle en giet ek al jierren nei de KNKB wedstriden. Yn de foargeande jierren moast se har motivaasje foar it keatsen diele mei dy foar it reedriden. Mar dit jier hat it keatsen har dochs goed yn de “besnijing” krigen. Troch trou de KNKB trainingen te folgjen en sa no en dan ek yn Mantgum ris in baltsje op te smiten, wurde har prestaasjes ek better. It grutste sukses wie dit jier fansels de oerwinning op it NK mei Thalia en Elaine Reitsema, mar ek sûnder har maten út eigen doarp wie der sukses. By de KNKB wûn sy twa earste, twa tredde en ien twadde priis en in pear kear in priis by de ôffallers fan de earste omloop. Ilse mei folgend jier noch in kear dielnimme yn de famkes kategory. Mooglik kin se dan mei Elaine noch in kear besykje om in goed risseltaat te heljen op de Ald Meiers partij. Want dat is oant no ta sa’n bytsje de ienichste wichtige keatswedstriid dêr’t sy gjin priis wûn hat. De hoop is no festige op in seleksje foar de A-groep by de famkes. Dan kriget sy folgend jier mear útdaging en wurdt se mooglik noch better. Wa wit stean der oer twa jier trije of mooglik wol fjouwer Mantgumer froulju op de list foar de Froulju’s PC?
Foar de Froulju’s PC yn Weidum wienen dit jier twa leden fan ús keatsferiening selektearre. Dat wie Baukje Aalbers mei har maten Margriet Koelmans en Brecht Gerbrandy. Ek Afke Kuipers mei Anna-Lynn Wijbenga en Jindra ten Kate wienen útnoege. Foar dit lêste partoer siet der gjin sukses yn dit jier. Hja moasten al yn de earste omloop belies jaan tsjin it sterke partoer fan Gejanne Dijkstra-Buma en ferlearen kânsleas mei net in earst oan de hang. Foar Baukje Aalbers wie har earste PC dielname in ridlik sukses. Yn de earste omloop wûnen sy mei deeglik spul fan it partoer Afke Walstra. Yn de twadde omloop ferlearen hja fan it partoer Heida. Dochs hie der wol wat mear yn sitten en dan hienen sy troch in steand nûmer sels yn de finale sitten. Dat slagge net mar dochs smakket dizze earste dielname nei mear. Folgend jier sille wy Baukje grif werom sjen yn Weidum. Wa wit sit der dan noch wat mear yn dan dit jier.
froulju: 1ste priis: Willy van der Ende, Trijntsje van der Galiën, 2de priis: Lysbeth van der Ende, Jant van Dijk manlju: 1ste priis: Ids van der Ende, Tjipke Keuning, 2de priis: Libbe Poppema, Arjen Klaversma, 3de priis: Jochem de Vries, Jelle Anema. 1ste priis ferliezersronde: Gosse van der Ende, Jan Dick Slop/Meinte Bonekamp, 2de priis: Pieter van der Veen, Menno van der Galiën
Foar in protte minsken is it fâkansje om dizze tiid hinne. Sa ek foar de ferslachjouwers fan de Jacob Klaver side. Mar der wurdt ek yn dizze fakânsje tiid omraak keatst troch de Mantgummer froulju op de KNKB. Sa giet it foar de wyn mei Baukje Aalbers. Baukje stie op 15 juli yn de finale yn Wommels. Yn die finale wûn se mei har maten Magriet Koelmans en Brecht Gebrandy de earste priis troch it petoer fan Femke Akke Dijkstra, Froukje de Vries en Willy van der Ende te ferslaan. Op 28 juli wie it wer raak foar Baukje. Dizze kear wûn se de krâns op it smûke fjild fan Húns. Yn in spannende finale wist se mei alles oan de hang de partij te winnen. Se die dit mei har maten Magrietha Goodijk en Annefrouke Dijkstra troch fier boppe te slaan.
Lees meerIt wie droech mei sierlike wolkepartijen op de fjirde Jongfamme partij yn Mantgum ôfrûne sneon. In prachtich dekôr mei tinten, flagen en in soad folk om ‘e linen. Mar it waaide hurd, sa hurd dat de feestflage twa kear út de tsjerketoer waaide . De tredde kear, krekt foar de finale, wist Pieter Bouma de flage kreas te plak te krijen. De strak wapperjende flage like spesiaal útstutsen te wêzen foar it pertoer fan Ie dat oppermachtich wie de hiele dei en lyksa yn de finale. Mei fiif om twa skjinne seis waarden se tsjin Boalsert foar de twadde kear op rige winner fan de gouden klaverkes. Nei de winst op de senioarebond dûbel sukses dus yn twa wike tiid. (foto: Antje Kuipers)
Lees meerGrondnet docht yn grûn en dan benammen it organisearjen fan it transport fan grûn fan A nei B. Wilco Fopma, ien fan de eigners, fertelt dat sy 27 frachtweinen op ‘e dyk hawwe, per wein 20 kúb grûn en dan ride sy ek noch meardere kearen op ‘e dei mei nije fracht, oars sein: in deze handel verdien je met massa. Fopma praat oer ‘grondstromen’. Fanút syn eigen bedriuw Fopma Milieuadvisering soarget hy foar de nedige papieren foar al dizze kúbs. Mei dy papieren kin elke kúb folge wurde, wêr’t it weikomt, wêr’t it hinne giet en watfoar soarte grûn it is.
Lees meerYn Boalsert ha Ilse Noorman, Elaine Reitsema en Thalia Reitsema it Nederlânsk Kampioenskip keatsen foar de famkes behelle. Mei troch in knap lot wist Mantgum har redelik makkelijk yn de finale te keatsen. Yn de finale wist it partoer fan de coaches Joke Koldyk en Sjirk Gjalt de Groot de pleatselijke favoriet Boalsert op 3 buordsjes te hâlden. Troch in foartreffelike sitbal op 5-3 6-0 te pleatsen makke Ilse in ein oan de wedstriid. Foto (Antje Kuipers) v.l.n.r. Thalia, Ilse en Elaine
Lees meerBehalve it sukses yn Boalsert, wêrfan hjirnei noch ferslach dien wurdt op ús website, wienen der mear Mantgumer priiswinners. Jasper Visser en Johannes Muller wienen nei Eanjum, KNKB jonges t.i.l. Sy troffen inoar yn de finale. Jasper wûn mei Gosse Beeksma en Paulus Yde Walda uit Wjelsryp de krâns. Johannes pakte mei Gerrit Jan Duiven en Jorren Westra de preemje. Yn Boazum wûn Baukje Aalbers de twadde priis en Afke Kuipers wie suksesfol in Doanjum, sy wûn de tredde priis.
By de jeugd waard keatst troch 14 pertoer yn 3 kategoryen. By de grutten wienen der 13 pertoer en 2 kategoryen. Op tiisdeitejûn reinde it fûleindich mar de linen dy der moarns om seis oere troch Anna Christien dellein wienen, bleaunen lizzen. Der wie krekt ien perk temin, goeie saak, derom moast der by de jeugd ek op woansdei noch ien partij keatst wurde. De útslaggen: skoaljeugd 1e Feike van Zadelhoff en Marijk Abma. Pupillen 1e Jan vd Meer en Christiaan de Graaf. 2e Jente Wieberen Muller en Tjardo Bouma. Welpen: 1e Wout Jan Slop en Jenny Terpstra 2e Jurian Tolsma en Myra de Graaf 3e Leroy Fens en Janna Fopma 4e Skelte de Jong en Melissa vd Galiën. By de froulju: 1e Maaike Kuipers en Hilda Dolstra 2e Boukje Kuipers en Jitske Klaversma 3e Trees Bos en Corrie vd Meer. By de manlju 1e Lieuwe Fopma en Pieter vd Veen 2e Baukje Stienstra en Theo Kuipers 3e Bouwe de Bruin en Johannes Muller ].
Jan Watze Wiersma, de tentsetter van het Noorden. Sa’n 10 jier ferlyn wie Jan Watze syn heit foarsitter fan in hûneklup yn Ljouwert. Elk jier hiene sy foar dy klup in grut evenemint mei in tinte derby. Syn heit hat mei twa maten yn april 1997 sels in tinte kocht en dy ferhierden sy oan de hûneklup. Earst in kateraar, mar letter ek oaren woene dy tinte ek wol ha, dat yn septimber fan dat jier wiene der al twa tinten. Al gau wie it te grut foar de twa maten, dat heit, mem en soan Jan Watze gongen mei har trijen fierder. Mem docht de administrative kant en katering, heit soarget foar klanten en Jan Watze behâldt se. Op it stuit kin Wiersma Verhuur 4500 m2 oerkaapje. Sy hawwe bygelyks 58 fan punttintjes fan 5 x 5 meter, mar ek tinten sa grut binne (10 bij 40, 12 bij 36, 15 x 80). Dy kinne net allinne mear mei mankrêft opboud wurde, der komt in heftruck by. Yn harren loads hawwe sy in eigen wurkpleats foar ûntwerp, bou en ûnderhâld fan de tinten, mar ek in keuken fan 40 m2, in spielkeuken fan deselde grutte en it porslein nimt 80 m2 (sjoch ek www.wiersma-verhuur.nl).
Afke Kuipers, Riemke van der Zee en Baukje Aalbers wonnen zaterdag 23 juni de 2e prijs op het Nederlands Kampioenschap voor dames in Raard. Na een vijfde prijs in 1982 en derde prijzen in 83, 89 en 90 was dit het beste resultaat dat de Mantgumer kaatsvereniging behaalde bij het NK voor dames. De Mantgumer dames lieten bijzonder goed teamspel zien en maakten in de eerste twee omlopen korte metten met hun tegenstanders. Makkum werd verslagen met 6-2 en de studentes uit Groningen werd zelfs geen eerst gegund. (6-0). Een ware thriller was de partij tegen St. Annaparochie. In deze wellicht mooiste en spannendste partij van de dag keerden de kansen slag na slag.
Lees meerDe 1e Pearke Teatspartij om het kampioenschap van Littenseradiel is een succes geworden. Alle deelnemers zijn enthousiast en garanderen dat ze volgend jaar weer van de partij zullen zijn. Zo moet deze partij wel uitgroeien tot een jaarlijks terugkerend evenement waar iedere kaats- of tennisliefhebber aan mee wil doen. De door de Mantgumer Tennisclub en kaatsver. Jacob Klaver georganiseerde wedstrijd is gewonnen door Aukje Nauta en Ido Altenburg uit Oosterwierrum. Zij zijn dus de eerste kampioenen Pearke Teatsen van Littenseradiel. De 2e prijs is voor Baukje Stienstra en Pyter Klaversma van Mantgum. De 3e prijs gaat naar Houkje Fopma en Jelle Anema ook Mantgum.
In de finale van deze “Generale” voor het Nederlands Kampioenschap te Kimswerd stond Afke Kuipers met Riemke van der Zee en Baukje Aalbers voor Mantgum tegen het Bolsward van Gejanna Dijkstra, Afke Walstra en Fenna Zeinstra. De opening is voor Mantgum zij nemen de leiding als Riemke er in slaagt de bal voor de kaats te keren op 6-4. Fenna brengt al gauw de stand in balans als zij met een prachtige onderhandse beweging de kaats weet te passeren op 1-0 0-6. Bolsward gaat gelijk door en weet de leiding over te nemen, het is Gejanna die er in slaagt het perk van Riemke en Baukje met een zitbal op 1-1 4-6 weet te verschalken. Mantgum blijft echter gelijke tred houden als Gejanna haar bal voor het perk ziet ploffen op 1-2 6-4. Afke, Riemke en Baukje weten hier niet van te profiteren en de leiding over te nemen.
Lees meerUitslagen KNKB jongens zondag 10 juni 2007, Mantgum. A-klasse: 1e prijs, Hans Wassenaar, Tzummarum Jort Oving, Raerd Sibe Wijbrandi, Loënga 2e prijs, Rienk Veltman, Makkum Klaas de Vries, Witmarsum Jort Strikwerda, Wommels 3e prijs, Jan Brandt Wiersma, Grou Rients Julianus, Marssum Arnold Zijlstra, Tzummarum
Lees meerôfrûne sneon is op it fjild yn Mantgum de federaasjepartij foar de jeugd keatst. Der waard keatst yn 5 kategoryen. De útslaggen: Welpejonges, 1e Pieter Postma en Jesse van Berkum 2e Bouke Sieswerda en Hindrik Meinsma 3e Sander Kuperus en Koen Zuidema. Welpefamkes, 1e Rixt Keuning en Amarins de Groot, 2e Wietske de Vries, Sietske Faber en Hedwich Veldman, 3e Fenna Kramer en Elisabeth Sijbesma. Pupille jonges en famkes, 1e Geart Dijkstra en Joost Verheus, 2e Gerwin Veltman en Annette Brinksma 3e Jan van der Meer en Amarins Poelstra. ôffallers 1e Rienk Swart en Dieuwke de Vries, 2e Douwe Kooistra, Christiaan de Graaf en Janine van Berkum.
Lees meerWiljo Sybrandy uit Dearsum, Ilse Noorman uit Mantgum en Joukje Kuperus uit Dronrijp wonnen zaterdag in Kollum de kransen bij de meisjes. De premie was voor Marie Jetske Lettinga uit Dongjum, Nynke Andringa uit Grou en Lisette Wagenaar uit St.-Annaparochie(bron KNKB site)
Us keatsferiening wurdt troch oare ferienings wolris Jacoba Klaver neamt. Soks om’t it de lêste tiid hast altiten de froulju binne dy’t foar suksessen soargje. Ik hearde lêst ien dy’t frege as wy in froulju’s keatsferiening wienen. \Ha jim wol jonges dy’t keatse? Soks moat ús jonges dochs oan it tinken sette...........
Je ha yn de sport ieuwige talinten, miskende talinten mar ek letbloeiers! Yn ús keatsferiening ha wy fan de twa earste kategoriën in hyl bosk. Mar wy ha no ek it fenomeen fan in letbloeier. It is Lieuwe Fopma. Einliks noait fuort te keatsen, mar wol in echte leafhawwer fan it spultsje. Tsja en dan komt dêr in dei dat jo sjen litte dat jo dochs wol mear kinne dan allinnich mar wat \sljocht wei hinne balje\". Dat wie foar Lieuwe op 7 juni 2007. Op de twadde BOEREN PC yn Stiens wie hy de allerbêste. Nei \""tije kear lotsjen\"" hie hy trije kear wûn en mar trije earsten tsjin. En dan te betinken dat er yn de earste partij fuortendaliks mei in spul efter stie. In echte \""letbloeier\"" ús Lieuwe. Mar Trees kin ek fan syn sukses genietsje want de priis bestie út in reis foar twa persoanen nei in kastiel yn it bûtenlân. Heit Geart hoecht net oer it melken yn te sitten want de Boerenhulp komt dy dagen foar it wurk op de pleats. Wy binne benijd as dit \""lette\"" sukses ek in ferfolch kriget."""
Jenny Terpstra en Amarins de Groot moesten zaterdag 2 juni tegen elkaar in de finale van de federatiewedstrijd bij de pupillen meisjes. Uiteindelijk won Jenny met haar partuur de eerste prijs. Amarins behaalde de tweede prijs. In haar hand houdt zij de ijstaart die door Theo Kuipers was uitgeloofd voor de eerste drie jeugdleden die buiten Mantgum een prijs zouden winnen. Wij zijn benieuwd wie de derde ijstaart wint. Jasper Visser won bij de jongens (14-16 jaar) de krans met zijn partuur op dezelfde partij in Welsrijp, proficiat. Geen ijstaart, omdat Jasper al in de derde klas van de middelbare school zit en Theo heeft 3 ijstaarten uitgeloofd voor de eerste drie basisschoolleerlingen die een prijs winnen op KNKB of federatiepartij.