Lytse PC

Histoarje Lytse PC

De Lytse PC waard foar it earst hâlden yn 1947. Yn earsten wie it in troch-inoar-lotters partij, doe noch foar 2e klassers, mei knappe prizen en nei ôfrin in feestjûn foar de keatsers. De pleatslike keatsferiening Jacob Klaver hie yn it begjin gjin bemuoienis mei de organisaasje, dy waard fersoarge troch in 9-tal keatsleafhawwers út Mantgum en omkriten. It prizejild waard byinoar brocht troch in tal lammen fet te weidzjen.
Yn 1997 waard de organisaasje oernommen troch KF Jacob Klaver. Troch it weromrinnend tal partoeren waard de partij yn 1997 fan troch-inoar-lotters partij feroare ta in frije formaasje partij. Dat wie in goede set: stiene yn 1996 noch mar 17 partoeren op'e list, yn 1997 wiene dat wer 25 partoeren.
De Lytse PC is foar de 1e klassers de lêste partij fan it jier en wurdt, fanwege it feest nei de tiid, ek wol de Los fan it Wiif partij neamd.
Piet Zondervan is oant no ta de meast súksesfolle keatser op de Lytse PC. Hy wûn 6 kear de krânse en helle ien kear in tredde priis.

Winners Lytse PC 

1947: P. de Boer (Hjerbeam), W. Hoekstra (Mantgum) en ûnbekend
1948: S. de Groot (Weidum), M. Hiemstra (Bitgum) en K. Nicolai (Baard)
1949: P. Zijlstra (Ljouwert), P. Kamminga (Menaam) en K. Wielinga (Ljouwert)
1950: Oflast
1951: P. de Boer (Hjerbeam), P. Fokkema (Sweins) en U. Tolsma (Arum)
1952: M. Hiemstra (Bitgum), A. Radelaar (Ljouwert) en P. Buren (Baard)
1953: D. Westerlaan (Ljouwert), H. Zijlstra (Wytmarsum) en Piet Kuipers (Bitgum)
1954: J. de Groot (Weidum), G. Travaille (Ried) en H. Zijlstra (Akkrum)
1955: K. Koldijk (Grou), H. Bouma (Bitgum) en J.J. Wijbinga (St. Jabik)
1956: D. Westerlaan (Ljouwert), J. Paassen (Huzum) en H. van der Burg (Ljouwert)
1957: J. Galama (Harns), A. Radelaar (Ljouwert) en T. Dantuma (Mantgum)
1958: D. Smedinga (Harns), K. Knol (Harns) en J. van Sloten (Ljouwert)
1959: M. Santema (Easterlittens),P. Tolsma (Mantgum) en K. Fritsma (Jorwert)
1960: C. Oostenbrug (Froubuorren,K. Koldijk (Jorwert) en F. Oosterbos (Mantgum)
1961: R. de Groot (Ljouwert), M. Hiemstra (Bitgum) en W. Herrema (Ljouwert)
1962: D. Smedinga (Harns), J. Quarré (Frjentsjer) en K. Delgrosseo (Ljouwert)
1963: P. Tuinman (Baard), F. Helfrich (Ljouwert) en A. Broersma (Easterlittens)
1964: H. Gjaltema (Skalsum), C. Helfrich (Wergea) en D. de Graaf (Ljouwert)
1965: G. Hoekstra (Huzum), H. Meier (Peins) en D. Bakker (Akkrum)
1966: W. de Groot (Berltsum), A. de Vries (Boalsert) en M. Fridsma (Huzum)
1967: G. Tempel (St. Jabik), K. Thyssen (Jorwert) en Jan van der Ploeg (Dronryp)
1968: H. Zijlstra (Damwâld), W. Hiemstra (St. Anne) en R. Hiemstra (Winaam)
1969: L. Odolphi (Mullum), W. de Groot (Bitgum) en K. Thyssen (Jorwert)
1970: J. van der Mey (Menaam), H. Beetstra (Stiens) en A. Gillebaard (Winaam)
1971: W. Hiemstra (St. Anne), P. Groenendijk (Penjum) en Joh. van der Ploeg (Dronryp)
1972: W. Hiemstra (St. Anne), S. Oostra (Baard) en W. de Groot (Bitgum)
1973: A. de Vries (Winsum), P. de Vos (Ljouwert) en J. Baggelaar (Peins)
1974: S. Saakstra (Sweins), H. Beetstra (Stiens) en W. Wieringa (Ljouwert)
1975: K. Bouma (Hijum), J. Dijkstra (Jorwert) en W. Punter (Weidum)
1976: A. Toering (Easterlittens), S. Janzen (Easterbierrum) en G. Faber (Stiens)
1977: Oflast
1978: F. Groen (St. Anne), S. Janzen (Easterbierrum) en M. Braam (Seisbierrum)
1979: A. van Straten (Kimswert), P. Heeringa (Tsjummearum) en A.J. Anema (Reduzum)
1980: B.Hollander (Ljouwert), K. van der Vlugt (Wergea) en K. Stavinga (Poppenwier)
1981: P. Zondervan (Ysbrechtum), L. de Jong (Tsjummearum) en T. Houtsma (St. Anne)
1982: G.H.Faber (Stiens), S. van der Meer (Rinsumageast) en J. Hiemstra (St. Anne)
1983: C. Veltman (Dronryp), G. Hofman (Dronryp) en G. Faber (Stiens)
1984: W. Tuinman (Dronryp), F. Groen (St. Anne) en P. Zondervan (Ysbrechtum)
1985: T. van der Meulen (Menaam), A. Tolsma (Frjentsjer) en A. Salverda (Boalsert)
1986: D. Groen (Frjentsjer, L. de Jong (Tsjummearum) en K. van der Leest (Stiens)
1987: J. Hilliger (Damwâld), A. Kooistra (Penjum) en J. Algra (Kubaard)
1988: S.G. de Groot (Raard), A. Kooistra (Penjum) en P. Tienstra (St. Anne)
1989: L. Bierma (Holwert), S. Kleefstra (Huzum) en P. Zondervan (Ysbrechtum)
1990: J. Hilliger (Damwâld), J. Sjoers (Frjentsjer) en J. Dijkstra (Dokkum)
1991: S. Kuipers (Mullum), D. Boomstra (St. Anne) en P. Zondervan (Ysbrechtum)
1992: S. Kuipers (Mullum), J.G. Dijkstra (Aldebiltsyl) en P. Dijkstra (Bitgum)
1993: I. de Haan (Kimswert), K.A. Terpstra (Ingelum) en J. Dijkstra (Gytsjerk)
1994: Oflast
1995: R. Monsma (Tsjummearum), C. Wassenaar (Minnertsgea) en J.W. van Beem (Dronryp)
1996: S. Boonstra (Itens), J. Abma (Goaiingea) en P. Zondervan (Ysbrechtum)
1997: S.G. de Groot (Snits), P. Zondervan (Jorwert) en E. Siderius (Jorwert)
1998: G. Okkinga (Arum), R. Bleeker (It Hearrenfean) en D. Groenendijk (Penjum)
1999: H. Talsma (Achlum), T. Miedema (Frjentsjer) en J. Abma (Goaiingea)
2000: C. Terpstra (Minnertsgea), J. Wassenaar (Minnertsgea) en R. Goudberg (It Hearrenfean)
2001: J. Wassenaar (Minnertsgea), M. Feenstra (Berltsum) en R. van der Meer (Wergea)
2002: H. Sweering (Folsgeare), J. Boersma (Winsum) en G. Bijlsma (Grou)
2003: J. Meirink (Hallum), M. van der Veen (Frjentsjer) en P. Piersma (Ljouwert)
2004: S. Minnesma (Menaam), K. Nijman (Wytmarsum) en F. van der Wei (Wytmarsum)
2005: Y.K. Dijkstra (Makkum), P. Dijkstra (Bitgum) en R. Anema (Balk)
2006: G. Groen (Wergea), R. Anema (Balk) en W. Rienks (Wageningen)
2007: G.H. Wijtsma (Ljussens), J. Zaagemans (Wytmarsum) en M. Lautenback (Amsterdam)
2008: J. Bouma (Easterlittens), E. Haitsma (Wommels) en P. Piersma (Ljouwert)
2009: S. Minnesma (Dronryp), C. Wassenaar (Minnertsgea) en A. den Breejen (Arum)
2010: Jan Brandt Wiersma (Grou), H. Wassenaar (Tsjummearum) en Jouke Bosje (Baaium)
2011: Oflast
2012: Karel Nijman (Ljouwert), Cornelis Terpstra (Wirdum) en Pieter Bakker (Ljouwert)
2013: Haye Jan Nicolai (Britsum), Hyltsje Bosma (Makkum) en Jan Schurer (Frjentsjer)
2014: Menno van Zwieten (Peins), Kees van der Schoot (Seisbierrum) en René Anema (Balk)
2015: Enno Kingma (Westhoek), Pieter Jan Plat (Ljouwert ) en Jouke Bosje (Ljouwert)
2016: Feiko Broersma (Ljouwert), Michel van der Veen (Frjentsjer) en Aloys Freitag (Makkum)
2017: Arnold Zijlstra (Tzummarum), Pieter Jan Plat (Ljouwert) en Haye Jan Nicolai (Britsum)
2018: Remmelt Bouma (Weidum), Jelte Visser (Seisbierrum) en Willem Heeringa (Ljouwert)
2019: André van Dellen (Berltsum), Bauke Dijkstra (Easterein) en Jouke Bosje (Ljouwert) 
2020: Bauke Triemstra (Sint-Jabik), Pieter Jan Plat (Ljouwert), en Elgar Boersma (Stiens)
2021: Haye Jan Nicolay (Britsum), Germ Epema (Arum) en Yannick Hielkema (Bitgum)