Werom yn de tiid......de lytse PC fan 2000
It wie it jier dat it petoer fan Rimmer Goudberg harren favoriete rol wier meitsje koe. Yn de finale waard it petoer fan Johan Abma ferslein.
Lees meerIt wie it jier dat it petoer fan Rimmer Goudberg harren favoriete rol wier meitsje koe. Yn de finale waard it petoer fan Johan Abma ferslein.
Lees meerSa as wij went binne, is ein augustus dizze tradisjonele ledekeats partij. Moarns de bern fanôf 10 oere. De fjouwer KNKB welpen famkes keatse mei yn de âldere klasse. Acht partoeren yn dizze klasse en keatse mei in ferliezers ronde. De jeugd hat spannend keatst en de finale waard pas op fiif earsten gelyk beslikke.
Lees meerIt pelote-team fan Winsum hie dus de weddenskip fan Mantgum ferlern en moast de daad by it wurd foege. Hja moasten swimme fan Winsum nei Easterlittens. Fan it Mantgumer team wienen Sjirk Gjalt en Wilco middeis al mei in lûdsprekker troch de buorren fan Winsum west om de doarpsbewenners fan de ferlerne weddenskip op de hichte te stellen. Jûns om 18.00 oere moast elkenien ferskine by de brêge yn Winsum om te sjen hoe’t de mannen te wetter gienen.
Lees meerYn de jierren tritich gie de ferneamde keatskening Klaas Kuiken fan St. Jabik troch de wike op it fytske nei de omlizzende doarpen en dage dêr ledekeatsers út om it mei syn trijen tsjin him allinnich op te nimmen. It gie dan meastentiids om fiif of tsien gûne. Kuiken liet de tsjinstanner dan de earste partij winne en pakte syn winst yn de twadde partij dêr’t de ynset dan it dûbele wie. It binne de moaie ferhalen út it ferline. Mar hoe sil der oer 50 jier praten wurde oer de weddenskip tusken it pelote-team fan Winsum en Mantgum? In bysûndere weddenskip ...............
Lees meerAndrea Kroes (Gauw) en Amarins de Groot (Mantgum) zijn winnaar geworden van de A-klasse welpen meisjes d.e.l. wedstrijd in Dronrijp. Andrea Kroes en Amarins de Groot kaatsten de hele dag degelijk en wisten in de A-poule alle 3 wedstrijden te winnen (5 – 3, 5 – 4 en 5 – 4).
Lees meerDe lêste wiken wat minder sukses foar Afke en Ilse besjut net dat d’r neat meer wûn wurdt bij de KNKB wedstriden. De welpen famkes soargje d’r foar dat Mantgum yn it keatsnijs bliuwt. Sa keatsten de famkes snein 16 augustus yn Mantgum.
Lees meerIt hie woansdei 19 augustus samar DE DEI fan Boukje Aalbers wurde kinnen. Mar dat waard it úteinlik net. Uteinlik wie in twadde plak it heechst helbere foar har partoer. De dei begûn sa goed mei de winst op it meastentiids deeglike partoer fan Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Bianca van der Veen. Der waarden oan beide kanten in protte fouten makke en einliks wie it allinnich Boukje dy’t goed stie te keatsen. Har sitbal op 4-2 en 6-6 joech úteinlik de trochslach. De fraach wie dêrnei fansels as se ek fierder komme soenen..
Lees meerDoe’t moandei de lotting foar de Froujus PC yn Weidum bekend wie, liken de kânsen ridlik foar sawol Ilse Noorman as Afke Kuipers. Ilse makke har debút en Afke moast har titel ferdedigje. Beide hienen se lotte tsjin in “op papier” lykweardich partoer. Dan ha jo fansels kânsen……
Lees meerEn toen was het ineens 7 augustus..
Lees meerAl aan het begin van dit seizoen had haar huidige partuurmaat Ingrid de Haan te kennen gegeven dat dit haar laatste kaatsjaar zou worden. Ze heeft besloten om met haar Australische vriend naar het land van de kangoeroes te vertrekken. Afke moest dus in ieder geval voor het volgende seizoen op zoek naar één of twee nieuwe maten.
Lees meerIt is fakânsjetiid en in protte minsken sitte yn har kampingstuoltsje of lizze earne op in strân om lekker út te rêsten of sa as in famyljelid seit “efkes te chillen”. Dat jildt net foar ús famkes en froulju dy te KNKB keatsen gean. Hja libbe har út oan de stuit of yn it perk. Amarins, Brecht en Jenny yn de famkeskategory en Afke en Ilse by de froulju. Spitich is ûndertusken de mislearre missy fan Bouwe de Bruin. Syn dream om te keatsen op de PC moat foarearst en mooglik foargoed by in dream bliuwe.
Lees meerHoewel het belrondje niet echt veel leek op te leveren, werd er toch driftig gekaatst op de vrijdagavond.
Lees meerIt frije formaasje partoer fan Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Bianca van der Veen rekket sa stadich oan goed yn foarm foar de wichtichste partijen fan it jier. Nei’t der yn Baard in twadde priis behelle waard, heakke it eefkes yn Doanjum en Wytmarsum, mar op de woansdei partij yn Minnertsgea waard in knappe twadde priis behelle.
Lees meerExtra prijzen te winnen bij het competitiekaatsen.
Lees meerTroch Popke van der Zee Debuteare as ôfdieling en debuteare as twaddejiers famke op in klassiker sa as de Jong Famme Partij no al hast neamd wurde mei, en dan drekt mei de krans nei hûs. Dat oerkaam Manon Scheepstra ôfrûne sneon op it feestlik oanklaaide fjild fan KF Jacob Klaver. Mei har maat Baukje Aalbers foarme sy it twatal dat yn de finale in oar twatal , de beide Maaikes (Osinga en Wind) mei fiif om fjouwer en skjinne seis fersloech. Foar Baukje wie dit gjin debút. It wie har fyfde optreden yn trije ferskillende ôfdielingsformaasjes. Meer foto’s van deze wedstrijd op www.kaatsfotograaf.nl
Lees meerWoansdei hat de lotting plak fûn foar de 6e Jong Famme Partij.
Lees meerIt bestjoer fan Jacob Klaver is al wiken warber om ek dit jier de JONG FAMME partij ta in sukses te meitsjen. Fansels moatte de keatsters foar striid, spanning en sensaasje soargje, mar in optimale entoeraazje kin de prestaasjes en de sfear allinnich mar ferheegje. Al wiken hingje der rûnom affysjes mei de oankundiging fan dizze partij en ek fia oare media wurdt de partij bekend makke. Bysûnder is dat dit jier de JONG FAMME partij live te folgjen is fia it ynternet. Op www.knkb.tv is de wedstriid fan ôf 12.00 rjochtstreeks te sjen. De tagong op it fjild is sneon fergees.
Lees meerZondag 28 juni waren er zowel in de jongste categorie bij de welpen meisjes als ook in de hoofdklasse dames, successen voor onze meiden. Amarins de Groot won in de A-Klasse op de KNKB wedstrijd in Engelum de 2e prijs. Een buitenslag op 5-5 en 6-6 versperde haar uitzicht op de krans. Helaas pindakaas!! Oare kear better Amarins!! Afke Kuipers won op de hoodklasse partij bij de dames de 2e prijs in de Vrije Formatie wedstrijd in Baard. In de finale moesten zij met 5-3 en 6-6 de zege laten aan Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra.
Krustocht oer de fryske fjilden. De Mantgummer froulju ha alwer priis. Dit kear moasten de minsken yn Wommels ta sjen hoe de kranse om de nekke fan Amarins, Brecht en Jenny hongen waarden. Yn in trije kamp ferdield oer de doarpen Mantgum, Winsum en Wommels hienen de froulju gjin moeite om harren favorieten rol wier te meitsjen. Mei net in ferlies partij oer 9 wedstriiden wienen sy de fertsjinne winners.
Lees meerFreed stie der foar de 3e kear de famyljekeatserij op it programma. Omdat der troch te min dielname (ûnder oare troch it horeka keatsen) te min opjefte wie foar de sneins hienen we de famylje partij nei freed ta setten.
Lees meerUt in list fan, skrik net, fjouwer en fjirtich pertoer kamen Esther Hoitenga en Tjipke Okkema dit jier wer as bêsten nei foaren. Yn in spannende finale wûnen sy fan Jitske Arendz en Willard Terpstra mei 5-5 en 6-2. Jitske en Willard hienen mei harren krachten smiten yn de fjirde omloop. Hjir moasten sy it opnimme tsjin de finalisten fan ferline jier, Wiepkje Hiemstra en Feite de Haan. Dit wisten Jitske en Willard te winnen mei 5-3 en 6-6. Wiepkje en Feite moasten dit jier genoegen nimme mei in fjirde priis. De oare fjirde prizen wienen foar Trees Bos en Lieuwe Fopma, Pauliena Kastelijn en Albert Jonker en Aukje Nauta en Ido Altenburg. Aukje en Ido wienen de winners fan de edysje 2007. foto’s op: http://www.mijnalbum.nl/Album=PANL7LPT (link copy & paste yn adresbalke explorer)
Lees meerTrije fammen út Mantgum yn ’e prizen. Hoe is soks dochs mooglik? Ha wy no ynienen allegear priiskeatsers yn it doarp. It liket de Spaanske Griep wol, it stekt hast elkenien oan. We ha ien fan de priiswinners ris frege om der sels wat oer te skriuwen. Klik op \lees meer\" en lês hoe’t Bregt har kranse wûn. """
Lees meerUpdate: Opjaan kin oan te mei tongersdei 18 juni 2009 18.00 oere. Snein 21 juni Iepen Kampioenskip Pearke Teatsen fan Littenseradiel. Sa as oankundige begjinne de wedstriiden om 10.00. It kampioenskip is wat it tal dielnimmers oanbelanget no al in grut sukses, mooglik te grut want wêr litte wy de 40 partoer !!!! dy’t har no al opjûn ha. Boppedat kinne dielnimmers har noch altiten opjaan. Sjoch dêrfoar de poster hjirneast. Ferliden jier wienen der in dikke tritich partoer, dus it ynisjatyf slacht blykber oan. Nei ôfrin fan it keatsen is der live musyk yn ús doarpshûs. Ek supporters, fans, famylje, en oare belangstellenden binne fansels fan herte wolkom. Wy freegje gjin entree, dat elk kin fergees fan dit spektakel genietsje. Wolle jo op snein ris wat oars? Gean kommende snein nei Mantgum!!!
Zondag 14 juni moest in Arum op de dames hoofdklasse partij de beslissing vallen over de winst in de eerste cyclus. Bovenaan stond het partuur van Maaike Joostema met 9 punten, daarna Maaike Wind cs met 8 en Afke Kuipers cs met 7 punten. Omdat de bovenste twee direct tegen elkaar moesten spelen, was de einduitslag van de eerste cyclus spannend tot aan de laatste slag.
Lees meerWederom een drukte van belang op het kaatsveld. Het is prachtig om te zien hoeveel mensen er plezier beleven aan de kaatssport.
Lees meer