Keatsdreamen
Us jonge famkes ha fansels noch in soad dreamen. Jenny waard snein te moarn 19 july fan sa’n moaie dream wekker. De dei dêrfoar hie se yn Lollum/Waaksens de krânse wûn yn in kombinearre A en B wedstriid. Dweiltrochwiet fan de reinbuien wûn se fan Amarins dy’t dêrtroch mei de twadde priis nei hûs gie. Sneon 1 augustus wûn Jenny de twadde priis yn Anjum. Afke Kuipers stiet mei har maten wêr mei beide fuotten op de flier. Nei in dreamwykein yn Seisbierrum fergoaiden se hjoed de kâns op de earste priis yn de twadde syklus. Se rekken der al yn de earste omloop ôf. Dochs wie it oant no ta behelle oantal punten genôch foar de twadde priis yn de syklus. In poerbêste snein en mooglik ek in swiete dream is der foar Ilse Noorman en har maten. Sy wûnen mei deeglik en goed keatsen de earste priis by de earste klas dames yn Huizum. Mei dit resultaat kin se, nei ús betinken, folop dreame fan dielname oan de Frouljus PC yn Weidum. Dêr kin je, yn je earste jier by de dames, hast allinnich mar fan dreame. Soms komme dreamen út.........
Geplaatst op 02 August 2009