Krekt gjin priis foar Brecht, Amarins en Jennie op NK

Sneon 26 juny dienen Brecht Arendz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra foar ús feriening mei oan it Nederlâns Kampioenskip yn de welpenkategory. Se hienen in moaie lotting mar soks is fansels net altiten in garânsje foar sukses. Boppedat wie it moai om te sjen dat de jonge famkes yn Boazum ek in protte belangstelling en morele stipe krigen fan ús leden.

Lees meer

Keatsclinic

Jeugdleden fan K.F. Jacob Klaver traine mei keatstoppers Tiisdei 29 juny om 7 oere jûns op it sportfjild fan Mantgum Team Construction 7 fersoarget de training mei: Gert-Anne van der Bos Holwerd PC WINNER Teake Triemstra Sint Jacobiparochie PC WINNER Daniël Iseger Ljouwert PC WINNER Gerrit Meijer Hurdegaryp TALINT Jouke Bosje Baaium FREULE WINNER Pieter Sybren Scharringa Wjelsryp FREULE WINNER Thomas van der Meer Baard TRAINER EN PC WINNER

Lees meer

Strjit keatsen, woansdei 23 juni

Foar it earst dit jier op jûn noflike temperaturen Ideaal strjitkeatswaar dus Fan ’e jûn de jongeren 6 partoeren bij de welpen 3 partijen wurde op fiif earsten gelyk beslist 1e priis foar Gjalt de Groot en Thomas van Keulen 2e priis Mathijs van Keulen en Rutger Mulder 3e priis Jelle Terpstra en Wout Jan Slop 6 partoeren bij de skoaljeugd Ek dêr in protte spannende partijen 1e priis Jenny Terpstra en Wisse Arendz 2e priis Jente W. Muller en Amarins de Groot 3e priis Tjardo Bouma en Reinder Bonekamp Tongersdei fuotbal en freed strjitkeatsen foar de folwoeksenen.

Hedwich Stienstra en Sander Hageman winnen Pearke Teatstitel

Voor de vierde maal organiseerde keatsferiening Jacob Klaver Mantgum, samen met de Mantgumer Tennisclub, het open kampioenschap Pearke Teatsen van Littenseradiel. Er wordt geteatst als tweetal (man + vrouw). Op 20 juni s’morgens om 10 uur werd er begonnen aan de vierde aflevering van het Teatsspektakel. 37 tweetallen hadden zich ingeschreven, er werd gespeeld met een verliezersronde. Om 16.25 uur viel de laatste slag toen in de verliezersronde de plaatselijke favorieten Baukje Stienstra en Johannes de Jong in een spannende partij op 5-4 en 6-6 wisten te winnen van Alinda Miedema en Hendrik Jan Finnema. De derde prijs werd behaald door Wytske Cnossen en Johan Jilderda.

Lees meer

De erfenis fan Jacob Klaver (diel 2)

Sa as yn diel 1 beskreaun, is der nei it ferstjerren fan de pakesizzer fan Jacob Klaver it ien en oar oer de nammejouwer fan ús keatsferiening boppe wetter kommen. It houtsnijwurk is fansels prachtich erfguod en in moai oantinken oan de nammejouwer en earste foarsitter fan ús keatsferiening. Mar der is mear.

Lees meer

De erfenis fan Jacob Klaver (diel 1)

Woansdei 2 juny 2010, wie ik te gast by de oerpakesizzer fan Jacob Klaver. Dizze man dy’t net neamt wurde wol, wie mei syn heit op 9 maaie 2003 as “special guest” oanwêzich op de resepsje fan it ieufeest fan ús keatsferiening. As noch libbene neiteam fan keatskening Jacob Klaver krigen hja doe út hannen fan foarsitter Anne Muller as earste it jubileumboek oanbean. Hoewol dizze famylje de bining mei de keatssport ferlern hie, wie it oantinken oan Jacob Klaver wol sa grut dat hja yn de jierren tachtich fan de tweintichste ieu meibetelle ha oan de tinkstien op it tsjerkhôf yn Mantgum. In famylje mei grut histoarysk besef.

Lees meer

Amarins bliuwt foarbest opslaan

It moat foar de oare pupillen famkes hast ferfelend wurde om tsjin dat blonde famke út Mantgum te keatsen. Mei dat “blonde famke” bedoele wy fansels ús Amarins. Se hie snein 13 juni al wer de earste priis op in t.i.l. partij. Dizze kear yn Bitgum. Foar har sels sil it winnen noch wol net sa gau ferfele en foar ús ek net.

Lees meer

Greidhoekekompetysje Mantgum - Easterlittens

Op woandeitejun waard der wer keatst yn de greidhoekekompetysje. Littens kaem op besite en de keatsers wiene opladen foar in revanche, want de earste kear wie der ferlern. Mantgum stiet yn de kompetysje op it ûnderste plak en dat is foar ús keatsers mar min te akseptearjen. Mei gremiteche gesichten waard de arena ynstapt.

Lees meer

KNKB jongens afdeling + t.i.l., zondag 6 juni te Mantgum

Afdeling 25 parturen stonden er op de lijst. Om 9.15 uur namen de scheidsrechters T. Kuipers en H. Sytema het terechte besluit dat de perken omgelegd moesten worden. Met behulp van vele vrijwilligers werden de 8 perken naar de andere kant van het speelveld gebracht. We konden om dik 10 uur toch nog beginnen in de broeierige arena. Het zou vooral in het eerste driekwart van de wedstrijd erg warm blijven met nauwelijks een zuchtje wind. Daarna werd het wat bewolkt met in de finale de verkoelende lichte regen. Al met al een kaatsdag met goede weersomstandigheden.

Lees meer

Amarins en Jennie bliuwe winnen

Wylst der yn mantgum omraak keatst waard op de ôfdielingspartij foar jongens sieten wy sûnder betoefte blokjerinners. Dat wie efternei ek net sa slim, want dy blokjerinners wûnen op KNKB partijen hast allegearre in priis.

Lees meer

Greidhoekekompetysje Easterein-Mantgum

Woansdei 02-06-2010 moasten ús keatsers nei Easterein foar wer in wedstriid yn de greidhoekekompetysje. De earste wedstriid tusken Mantgum en Easterein gie ferlern mei 2-1 dus de revanche gevoelens wie sterk. Foaral Sjirk Gjalt en Wilco wiene der echt op út om tegeare mei Skelte, Easterein in leske te learen.

Lees meer

Amarins slacht foar best op

Ferliden jier noch in bytsje yn it skaad fan har keatsmaatsje Jennie, stiet Amarins no al fol yn it sinneljocht. Ferliden wike sneon yn Niawier in twadde priis mar hjoed yn Berltsum de krânse. In prachtich moai resultaat. Lokwinske Amarins. En fan dy oare spikers oan de muorre sille dit jier ek grif noch wol in oantal brûkt wurde.

Federaasje keatsen 29 maaie

Fjouwer kategorieën, yn alle klassen jonges en famkes bijinoar. De dielname hâldt net oer. Kompetysje keatsen bij pupillen, skoalbern en 14-16 48 bern, sawat de helte minder as ferline jier We wiene ek 2 wike earder as oare jierren, mei konkurrinsje fan kuorkebal, fuotbal en de KNKB ôfdielings kompetysje. Om 1 oere middeis begjinne yn pleats fan 10 oere moarns. Skiedsrjochter Theo Kuipers hat gjin drege middei hawn, in gemoedlike keatserij mei moai waar.

Lees meer

Team Pyter Terpstra Consultancy op nei finaleplak

Tsjinstander wie hjoed Weidum yn Wiuwert. Foar ôf wie der al aardich troch beide partijen tsjin elkoar op beert, de ferliezer fan dizze partij soe dit it hiele jier noch oanhearre moatte. Derom wienen beide partijen beide gebrand op in goed resultaat.

Lees meer

Greidhoekepartij Mantgum - Wommels

Woansdei 26-05-2010 om healwei achten wie it wer safier en moast der wer keatst wurde yn de nije kompetysje. No kaem Wommels nei Mantgum en it doel wie om nei twa ferliesbeurten tsjin Easterein en Easterlittens einliks in kear de winst yn Mantgum te hâlden. De flagge wer yn top, it reklamedoek fan Hankel wer op de boppe. It koe oangean.

Lees meer

Mantgum – Easterlittens

Tiisdei 25 maaie 2010 gie dan eindelik de pelotekompetysje fan de froulju los. Nei in hiel geregel fan wie, wat en wer moasten we úteindelik tsjin Easterlittens ús earste wedstryd spylje. Dit is dus oars dan fermeld stiet in it boekje.

Lees meer

Jonker sikke partij 2010

Mei 4 petoer bij de froulje en 6 petoer bij de de manlju moast der middeis nog in perk bij lein wurde. Dit bestjut dat der mear opjefte wie dan we foarôf tocht hienen. Under de champions league finale hienen wij de dielnimmers 3x lotte.

Lees meer

Tredde priis foar Ilse yn Berltsum

Snein 16 maaie waard yn Berltsum in frije formaasjewedstriid haadklasse froulju onbeperkt hâlden. Ilse Noorman en har maten Feikje Bouwhuis en Anke Marije Pompstra moasten yn de 1e omloop keatse tsjin it partoer fan Jildou Jorritsma c.s. út Easterein.

Lees meer

Wêr’t de ien wint, ferliest de oare

Snein 16 maaie keatsten de puppillen famkes en de welpen famkes beide yn Wytmarsum. Der waard troch sawol Amarins de Groot by de puppillen as ek troch Jennie Terpstra by de welpen in twadde priis behelle. In prachtich moai kettinkje mei dêroan in keatsbâltsje. In moaie priis dy’t je net sa gau ferjitte. Moai wurk froulju.

Lees meer

Greidhoekepartij kompetysjeronde 1.

Kjeld, rein en hurde wyn wie it dekor fan de iepeningswedstriid fan de Greidhoekepartij yn Mantgum. Woansdeitejûn 12 maaie om healwei achten wie it dan sa fier en koe de nij opsette Greidhoeke kompetysje útein mei foar Jakob Klaver in wedstriid yn eigen doarp. It fjild lei der moai by, de flaggen yn top en in reklamedoek op ’e boppe. It wie kâld en wiet, mar de keatsers lieten harren der net troch wjerhâlde en stapten mei opstrûpte mouwen en inkelden sels yn koarte broek mar mei in fûle blik yn ’e eagen it fjild yn.

Lees meer

We binne wer los!

Snein wie it safier, de earste wedstryd fan Jacob Klaver is wer ferkeatst. Nei in koarte opleving yn de seal yn Easterein wie der nei in lang skoft eindelik wer alderwets ledenkeatsen. Dat wie ek te sjen oan de massale opjefte. We hienen sels ien persoan mear as foarich jier op de list en dit jier ek noch in aparte damesklasse. Hjirfoar hulde! Ien puntsje foar ferbettering fan ús fanatieke ledenkeatsers is it opjaan.

Lees meer