Kompetysje omloop 2

3 Perken fol! Ik wie moai op tiid op it fjild om de karre ree te meitsje mei linen, proppen, krammen en blokjes doe Jelmer van der Valk frege as der mij helpe koe. Tegearre hawwe we trije perken klear lein omdat wij tochten dat er wol aardich animo wêze soe.

Lees meer

KNKB Jongens A klasse 3 maaie 2015

Hjoed stûn de earste wedstriid fan de KNKB troch inoar lotsjen wer op it programma. Der waard keatst yn in A- en in B-klasse. Ûnder redelijke waarsomstannichheden begûn de A klasse om 11.00. Der waard oer it algemien spannend keatst, mar der wie ien partoer dat der boppe út stuts.

Lees meer

KNKB Jongens B klasse 3 maaie 2015

Hjoed stûn de earste wedstriid fan de KNKB troch inoar lotsjen wer op it programma. Der waard keatst yn in A- en in B-klasse. Om 10 oere giene de jongens fan de B klasse los. Der wie ien ofsizzer, dus keatsten we mei in list fan 22 partoer. It waar wie knap, dus it beloofde in moaie keatsdei te wurden.

Lees meer

Kompetysje omloop 1

Het is de eerste vrijdag in mei, dus start van het competitie kaatsen. Na eerder deze week op Facebook een aankondiging te hebben gedaan dat de competitie op het punt staat te beginnen verwacht ik toch wel een paar kaatsers.

Lees meer

Keatstrainen 2015

Under lieding fan Nynke Wiedijk en Jitske Venema binne op moandei 20 april de bern mei de keatstraining útein set.

Lees meer

Poiesz Jeugd Sponsor Gala

Troch in geweldige Poiesz aksje koe KF Jacob Klaver op freed 10 april in cheque fan € 1.234,- ophelje. Dizze cheque waard útrikt op it Poiesz Jeugd Sponsor gala yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dizze jûn wienen d’r optredens van O’g3ne, Tim Douwsma en Monique Smit en Jan Smit. Jente Sjoerd en Hedzer Seffinga, Willem en Tjitte Reitsma en Rikst Mulder wienen hjir as jeugdleden hinne en ha in moaie jûn hân ûnder begelieding fan Maria Molenbuur en Gerbrig Wiersma. Wy wolle eltsenien betanke foar it stypjen fan Jacob Klaver mei dizze sponsor aksje.

Algemiene Ledefergadering 2015

It bestjoer fan Keatsferiening Jacob Klaver Mantgum noeget jo út ta it bywenjen fan de Jiergearkomste. Plak: MFC Wjukken Datum en tiid: tongersdei 19 maart 2015 20.00 oere

Lees meer

64ste Lytse PC, keatserij mei in ferhaal

KF Jacob Klaver hie syn saakjes, sa as gewoanlik, goed foarinoar. In prachtige keatsarena, in prizepot fan goed € 1400,--, winners fan 50 en 25 jier ferlyn útnoege, nei ôfrin live muzyk, útrikking fan de Janse Skaal foar de meast trouwe supporter fan de earste klasse en it ôfskie nimmen fan keatsers dy’t stoppe op it heechste nivo. In moaie ambiance foar de ôfslúter fan it jier op earste klasse nivo. Want ek it waar, de meast ûnwisse faktor, koe sneon 13 septimber net better. In sêft wyntsje en in mylde temperatuer, skitterjend keatswaar.

Lees meer

Geite-wolle-sokke partij

Op 7 september hienen we yn Mantgum in primeur. Foar it earst yn it bestean fan de Keninklijke Nederlânske Keats Bûn waard de geite-wolle-sokkepartij ferkeatst. Der waard keatst yn twa ferskillende klassen. Bij de jongste bern wie it “girlpower” dy’t der mei de krânsen fan troch gienen. Yn in poultsje fan 3e wie it twatal fan Rixt Mulder en Tara de Puijsselaar de sterksten. Bij de âldste bern gie de hage ek al wer nei de Kolmar. Der hat salang de Kolmar bestiet noch nea safolle krânsen oan de mourre hongen. It petoer fan Willem Reitsma en Nik de Puijsselaar wienen hjir it sterkste. Ek hjir waard poultsje keatst. Al mei al in slagge dei en 4 keatsers dy’t de skiednis boeken yn gean as earste winners fan de geite-wolle-sokke partij.

Prijzen verloting Lytse PC 2014

Prijzen verloting Lytse PC 2014 2 x kaartje Iepenloftspul Jorwert 16/9 302 2 x kaartje Iepenloftspul Jorwert 16/9 789 Multipan 1229 Sandwich Toaster 1859 Philips mixer 350 Galaxy 4 delige kookset 824 Electrische koelbox 250 Kekenweegschaal 1052 Kappersbon 2486 Xiron radio/cd speler 1011 Bakkerspakket 232 Sprekende personen weegschaal 051 Serveerschaal met rechaud 634 Prijzen af te halen bij Hendrik Poppema Swannedrift 9 Mantgum Tel. 058 2501636

Van der Ende wint op Ids van der Ende Partij 2014!

Bakker Ids van der Ende hie froeger altyd it fjild fol mei keatsers. Hy regele dit gruttendiels fanof syn bakkersfyts at hy de bôle útsúttele. Hy sei tsjin Jan dat Piet mei die en tsjin Piet dat Jan mei die. Sa fun elts it leuk en wie it altyd drok op it keatsfjild.

Lees meer

KNKB skoaljongens

Met een lijst van 8 parturen in de A klasse en initieel 26 parturen in de B-klasse konden we een mooie kaats-dag tegemoet zien. Helaas vielen in de B-klasse, door blessures en ziektes, nog een drietal parturen af. Na wat bij- loten en het aanpassen van de lijst konden we exact tien uur van start.

Lees meer

Jonker Sikke Partij 29 juny 2014

Yn tiiden dat Jacob Klaver wat minder organiseert op'e keatsfjilden, moatte we der natuurlik wol foar soargje dat der wat nijs op ús side komt. Derom komme we noch efkes werom op de Jonker Sikke Partij fan in pear wiken lyn.

Lees meer

Suksesfol keatswykein Amarins, Gjalt en Ignas

Sneon 5 july in frije formaasje wedstriid foar skoalfamkes yn Reduzum D’r binne mar twa wedstriden weryn de skoalfamkes har eigen partoer gearstalle meie. Boppedat keatse hja dan mei trije yn in partoer, dat is net it gefal by it troch in oar lotsjen. Sneon wie de earste fan de twa. Amarins de Groot hie formeare mei Selma van der Molen Wytmarsum en Kim Dijkstra Makkum. Hja wiene oppermachtich, yn 4 partijen mar 2 earsten tsjin en de winst wie behelle!

Lees meer

Pearke Teatsen in Mantgum

22 juni 2014, voor de achtste maal Pearke Teatsen om het open kampioenschap van Littenseradiel Vorig jaar een record aan deelname met maar liefst 64 tweetallen. Dit jaar kwamen we niet zover en mochten we het doen met het respectabele aantal van 38 ”pearkes”. Echter zinde dit de grote promotor van dit evenement, Baukje Stienstra, niet. ”It moat takom jier oars” waren dan ook haar woorden. Zij doelde op het tijdstip. Vorig jaar vond het spektakel op 4 augustus plaats, de zondag na de PC. ”Echte kaatsliefhebbers zijn in deze periode niet op vakantie”, aldus Baukje.

Lees meer

KV Jan Bogtstra prolongeert titel op JONG FAMME partij

Met een recorddeelname van 24 parturen werd in Mantgum voor de 11e keer de JONG FAMME partij georganiseerd. Onder de deelneemsters waren een groot aantal speelsters die qua leeftijd nog tot de meisjescategorie behoorden. Ook had een aantal verenigingen twee parturen afgevaardigd. Daarmee lijken twee belangrijke doestellingen uit de beginjaren – soepele overgang van meisjes- naar damescategorie en het vasthouden van spelers in de beginjaren van de damescategorie, nu vaste grond onder de voet te krijgen. Nadat de gebruikelijke groepsfoto was gemaakt kon de wedstrijd onder leiding van Astrid Kooistra en Durk Houtsma een aanvang nemen.

Lees meer

Lotting Jong Famme Partij

Fan ’e jûn hat yn M.F.C. de Wjukken de lotting plakfûn fan de 11e Jong Famme Partij. Mei in rekord oantal dielnimmers fan 24 partoeren liket it wer in moaie keatsdei te wurden. Wolle jo d’r bij wêze dan binne jo op sneon 28 juny fan herte wolkom op it sportfjild fan Mantgum!

Freed 20 juny federaasje ôfdieling kompetysje

De fjildkommisje hie moai wurk lefere Trettjin perken neistinoar sadat alles yn ien kear los koe Under lieding fan Jelle Anema gong it om healwei fiif oere hinne Bern steane te popeljen om te begjinnen, dy hoege je net út de klaeikeamer as Wjukken te heljen. Sa bleaun it de hiele tiid, in moai flot ferrin fan dizze keatsmiddei/ jûn. De ôfdielings kompetysje wurdt ferkeatst op trije plakken, jûn yn Mantgum wie de lêste. We troffen it mei it waar, 4 karmasters, in bestjoersdelegaasje en âlden soargen meiinoar foar it ferrin fan de keatspartij. Gjin wanklank, in leuke sportive keatserij

Lees meer

Strjittekeatsen tongersdei 19 juny 2014

Krekt as oare jierren wie der ek dit jier strjittekeatsen. Op Om'e Terp, De Swannedrift en de Mr. Janssestrjitte waarden sneon 14 juny troch Hendrik en Jaap tige sekuer lynen ferfe, dy as perken fungere moasten. De mailtsjes wienen de doar út en alle fierdere foarbereidingen wienen troffen, sadat der mar om raak keatst wurde koe.

Lees meer