De lêste slach fan it seizoen. It is goed healwei 3en, yntusken hat de sinne it wûn fan de grize wolkenmassa dy’t ús oan it begjin fan de dei noch parten spile, as we oan de priisútrikking ta binne. It hat in lang mar foaral in moai keatsjier west
Lees meer
Ofrûne tiisdei, trije dagen nei de Lytse PC is, yn de âldens fan 82 jier, Æde Stapenséa ferstoarn. Foardat Æde yn it bestjoer fan K.F. Jacob Klaver kaam hie hy in sit yn de kommisje fan de Lytse PC.
Lees meer
Ha jim dat no ek, dat as je op de grutte PC yn Frjentsjer binne, je altiten efkes stilstean by dy buorden mei winners út it ferline? Efkes it each gean litte oer de nammelist. En de tiid efkes de tiid jaan om de bylden fan doe op it netflues te krijen.
Lees meer
2 x kaartje Iepenloftspul Jorwert 1497
2 x kaartje Iepenloftspul Jorwert 2194
Philips Micro Hifi System 59
3 keramische braadpannen 1873
Broodtrommel en 3 voorraadbussen 1768
Tomado Staafmixer 419
Coffee Pad machine 1263
Triaster Brownie maker 788
Jacob Klaver jubileum wijn 510
Sijbesma pakket 827
Kookset Galaxy 4 delig 897
Peper en zoutsel 318
Mini ijzerzaag 1128
2 Luxe rode en 2 luxe witte wijnglazen 1834
Prijzen af te halen bij Baukje Stienstra de Wâl 2
Tel. 06-13043474
Achte keatsers en keatsleafhawwers,
Twa jier lyn hawwe we de Lytse PC ôflasse moatten fanwege in te wiet fjild
No binne we oan it bereinen omdat it sa droech is.
Meiwurkers fan Gemientewurken Littenseradiel dogge harren bêst om de gersmatte te perfeksjonearen. Wat wis is, is dat it dit jier wol troch giet!
We hawwe dit jier in jubileumjier en jouwe ekstra oandacht oan ús partijen
Dat bestjut foar de Lytse PC een ûnthulling.
We dogge dit krekt foar tsien oere.
Foar de finale al wer de 8e útferkiezing fan trouste supporter fan de 1e klasse fan dit jier mei de útrikking fan de Janse skaal en oandacht foar ôfskie nimmende keatsers
Dit fersoarge troch keatsers sels in prachtich barren, mei faek pikefel.
De Wjukken stroomt dan leech om te harkjen nei in sprekker fanút de keatsers.
Ferline jier wie dat Peter de Boer.
Nei ôfrin feest mei ”live muzyk” yn M.F.C. de Wjukken
Allegeare dus kommende sneon nei Mantgum, it wurdt moai waer, in list mei 24 partoeren en de tagong is fergees!
Lees meer
Prachtich waar, fleurige keats(t)ers en in prachtige arena wienen de perfekte ingrediënten foar in moaie keatsdei.
Wat letter as healwei tsienen waarden de earste ballen nei it perk ta brocht. Dit keer dienen der ek wat KNKB toppers mei. Moai om te sjen dat sy it nivo fan de oaren optille nei in heger level.
Lees meer
Nei inkele drok besochte partijen wie it op sneon 24 augustus gjin topdei foar KF Jacob Klaver.
Nei wat tillefoantsjes en Whatsappkes stienen der 10 minsken op'e list. Net in soad, mar fan de hurde kern moatte je it hawwe, dus wy binne bliid mei disse minsken.
Lees meer
Uitslag A klasse (d.e.l.)
1e prijs Remmelt Bouma (Weidum), Mark Jan IJkema (Sexbierum) en Erwin Zijlstra (Easterlittens)
2e prijs Bart Reijenga (Witmarsum), Jelte Drijfhout (Poppenwier) en Laas Pieter van Straten (Feinsum),
Lees meer
Kv Warber Bliuwe te Morra Lioessens organiseerde zaterdag 17 augustus de Pupillen jongens wedstrijd. De afstand van 50 km was voor de familie Dijkstra geen belemmering om naar het hoge noord-oosten van Friesland af te reizen. Achteraf zal Ignas hier ook geen spijt van hebben want mede dankzij fantastich kaatsweer werd het voor Ignas een zeer geslaagde kaatsdag.
Lees meer
Takom woansdei stiet Ilse mei har frije formaasje maten Marine Tiemersma Easterein en Margriet Bakker fan Winsum op de list fan de froulju’s PC YN Weidum
Hja hawwe harren as 7e yn de ranking pleatst. 12 partoeren dogge d’r mei
Lees meer
Sneon 17 augustus wie de lêste ôfdielingswedstriid foar skoalfamkes fan dit keatsseizoen.Dit barde by keatsferiening Foarút yn Marsum.
D’r hienen harren 10 partoeren oanmeld.
Foar Mantgum keatsten Bregt Arendz, Amarins de Groot en Jennie Terpstra
Lees meer
Wa de ôfrûne wiken op facebook of twitter fan Jacob Klaver sjoen hat, hat der grif wat fan meikrigen. It wie suver in soarte fan spam, it oandacht freegjen en lobbyen foar it pearke teatsen fan 4 augustus. It die fertuten want mei 64 partoer op de list ha jo in drokke dei op snein.
Lees meer
Op 29 juny kaam Jennie mei Ilse Noorman en Bregt Arendz foar Mantgum op de 10e Jong Famme Partij út. Hja kamen de earste omloop net troch, ferlies wie d’r tsjin Dronryp.
Mar it soe sa mar kinne dat it meidwaan oan dizze prestiizjeuze partij de opmaat wie nei it sukses ferhaal dat no al trije wike duorret.
Lees meer
Sneon 13 july 2013 om 11.00 oere gongen alle partoeren tagelyk los
Yn in fjild mei 4 perken gongen alle 24 keatsers foar de prizen.
In wat meagere, mar wol moaie, list mei in ôffal omloop en gjin bylotterij soarge foar in flot ferrin fan de wedstriid. Dit ûnder lieding fan Theo Kuipers, genôch karmasters en fjouwer blokjerinners. Om 15.30 oere foel op 5-4 en 6-4 de lêste slach en koenen de prizen troch foarsitter Hans de Boer útrikt wurde.
Lees meer
De earste 23 pearkes stean al op papier, mar hjirby ek noch de offisjele oankondiging op ús side!
Under lieding fan Jaap Noorman keatsten acht twatallen en ien trijetal de tradisjonele jierlikse keatswedstriid op strjitte. Der waard keatst mei in ferliesersronde. Jaap naam it ferstandige beslút de partijen begjinne te litten op spullen gelyk. Sa wiene we moai op tiid út en koe Jaap om healwei tsienen de prizen útrikke. Fan de njoggentjin keatsers gongen tsien keatsers mei it Poiesz gebak nei hûs.
Lees meer
Mei de jubileumpartij hiene wy in moaie start: gebak mei limonade! Dizze dei koe net mear stikken en mei it liif fol oranjekoeke wie it best keatsen! Omdat de leden fan it JK fan JK ek ferplichtingen hiene op it fjild, moasten wy in goede spullieder sykje, gelokkich wie dêr Jan-Watze Wiersma! Betanke dast it fan ús oernimme koest!
Lees meer
2 juli hienen wy wer strjittekeatsen, mei 16 bern op papier koenen d´r noch wol in pear mear by, mar der is prachtich keatst!
Lees meer
It is dúdlik, de JONG FAMME is yn de ôfrûne tsien jier in klassiker wurden dy’t je winne wolle. Wie ferline jier de dielname mei 18 partoer oan de meagere kant, dit jier hienen 21 partoer har oanmeld. In teken dat dizze partij net allinnich in partij is dy’t je winne wolle, mar ek in partij is dêr’t je oan mei dwaan wolle. In partij wêrfan je letter sizze kinne, dêr ha ik ek op de list stien. De doelstelling fan KF Jacob Klaver om de oergong tusken de famkes- en de dameskategory mei in oansprekkende wedstriid te ferykjen is yn dy tsien jier mear dan slagge. It feit dat it winnen fan de JONG FAMME partij diel útmakket fan de Fjouwer Wimpels, seit genôch.
Lees meer
Nei in moaie muzikale iepening, mei in ûnthulling fan in boerd mei alle priiswiiners, setten we moai op tiid út ein.
Lees meer
Woansdei te jun wie de lotting fan de jong famme partij.
Lees meer
Hierbij willen wij u van harte uitnodigen aanwezig te zijn bij de loting van de 10e Jong Famme Partij
Lees meer
Ôfrûne wykein fierden we ús 110 ierich jubileum. In feriening dy’t 110 jier bestiet is wol in bysûnderheid. Derom hiene we besluten om in partij de organisearren dy’t dizze mylpeal eare oan dwaan soe. De jubileum partij! Yn oerlis mei it bestjoer sponsors ensf. hiene we it wykein fan it NK famkes keazen om dit te dwaan. Om meardere redenen kin ik jo wol bekenne. Oare wike is der de tsiende Jong Famme Partij. Sa koene de tinten stean bliuwe en in barbecue wie dan, wat waar it ek wurde soe, trochgean op it fjild. Dat die tinten fertuten diene wie in dei earder al dúdlik. Hoewol it reinwaar wie bij it NK, bleaune de minsken op it fjild. Der hearre se ek, seker as der in finale keatst wurd.
Lees meer
K.F. Jacob Klaver bestaat dit jaar 110 jaar. Dit heugelijke feit willen we niet ongemerkt voorbij laten gaan. Op 23 juni organiseren wij een kaatspartij voor leden en oud-leden. Na afloop kunt u aanschuiven aan de barbecue, verzorgd door Wiersma Catering.
Lees meer
De buorden hiene it de hiele wike al oanjûn, “FREED ledekeatsen”, en guon minsken begrepen wer dat om gie, it famyljekeatsen. Der wie dan ek in enoarme opkomst want as je fyftjin partoer op de list hawwe wêrfan der mar twa mei twa dan ha je it fjild moai fol. Mar ek taskôgers wiene der genôch sadat de ek noch banken bij moasten. It moaie oan dit evenemint is dat der keats wurd mei in sêfte bal. Jo maaie net in ien kear oer de boppe, dit jout moaier tusken spul en der is hast altyd ek in stuit dy’t dat tuskenspul mooglik makket.
Lees meer