Verliene wike freed wiene er trije keatser op it fjild die dit jier noch net mei it kompetysje keatsen mei dyn hawwe, dat wiene Jelmer en Albert Jonker en Hans de Boer.
Dat dizze trije noch net mei dien hawwe wie net te sjen. It wie suver in demonstraasje partij. Hans keatste mei Martin en Albert tsjin Jelmer vd Valk, Jelmer Jonker en Jouke Wiersma oftewol de 3 J's.
It wie in prachtige striid mei in protte tuskenspul en mei moaie útspraken sa os: 'Do bist krekt in Fryske klok, slachst mar ien kear yn it oere.' De punten waarden moai ferdielt en de earsten gongen gelyk op. De stân lit it ek sjen, mei 5 earsten gelyk en 6 gelyk gong de winst nei it partoer fan Hans.
Hans, Albert en Martin -> Jelmer, Jelmer J en Jouke 5-5/6-6 mei winst foar Hans
Snein 28 juny stjit de earste edysje fan de keetpartij op it programma. Keatsferiening Jacob Klaver organiseare dizze partij yn gearwurking mei Keet it Bierfiltsje.
Noch efkes werom sjen op de Jong Famme Partij? Dat kin. Henk Bootsma hat prachtige foto's makke wer it ferrin fan de dei hiel moai út blykt.
Jim kinne disse foto's fyne op http://henkbootsmafotografie.nl/index.php?id=1&map=12&submap=864.
Yn Mantgum wurd hjoed de Jong Fammen partij keatst. Der steane 19 partoeren op de list. �nder lieding fan skiedsrjochters Murk de Jong en Peter de Bruin is de earste omloop keatst. Hjir�nder de �tslaggen.
Freed te jun tweintich oer 7en, binne Jouke en ik op it fjild en kin we moai efkes sjen hoe Sjirk Gjalt, Gjalt Sjirk oan it trainen is foar it NK. It is Healwei achten en der komt Johannes de Jong it fjild op wêrmei de competysje keatsers op twa komme. De meagerste opkomst oant no ta.
It is sneon 20 juny 2015, ik sit thús en stean wat yn dubio, it is moai (fyts)waar, wol of net nei it keatsen en werhinne? D’r binne hjoed 3 NK’s (bûnspartijen), dy fan de froulju (St. Anne), skoalfamkes (Makkum) en skoaljonges (Minnertsgea). Mantgum docht mei yn Minnertsgea en St. Anne. Sa no en dan gean ik efkes nei de KNKB webside en sjoch dat Mantgum by de skoaljonges de earste twa omlopen oerlibbe hat.
Dit jier it NK Famkes yn Dussen, organisearre troch de jubilearjende keatsferiening HDKC (Hank Dussen Kaats Club). Ik gong d’r fanút dat Hank Dussen it plak wie wer keatst wurde soe. Mar Hank is in plak en Dussen leit 5 km fierderop en telt +/- 2500 ynwenners. In NK yn Noard Brabân. Pas no wurdt my dúdlik werom at it gjin bûnspartij mear is, de KNKB giet it lân ien nei in bûten ôfdieling. HDKC telt 19 leden. Dussen, wert yn 1930 Anton Verhoeven berne waard, in legendaryske alve stêdentocht rider.
In bekint filosoof/historicus út Mantgum hie it heartiids oer dagen dy’t yn de historische boeken kamen. Dat wienen hiele âlde boeken! Mar juster koe der wer in haadstik taheakke wurde yn de âlde boeken.
Mantgum 3 en Mantgum 2 steane yn e finale te peloten yn Weidum en beide teams witte de finale te winnen wêrtroch se promovearre. Lokwinske mannen! Nei't de froulju juster jun al kampioen wiene yn hun klasse koene jimme ik net efter bliuwe fansels.
Wat in ferskil mei foarich jier. Doe gong de BBQ-partij fanwegen it minne waar net troch, no sinne by de rûs, dat eltsenien gong mei nocht oan’t keatsen.
Moai waar, in soad fjilden en in protte bern. De ôfdielingswedstryd fan de federaasje koe los gean. Ûnder lieding fan wedstrydlieder Geart en skiedsrjochters Jelle, Albert en Lyssa gong om fiif oere it keatsen los.
Kaatsvereniging Jacob Klaver organiseert op zondag 7 juni een kaatspartij.
Niet alleen voor leden, maar voor alle Mantgumers die mee willen doen!
Met na afloop een barbecue verzorgd door Wiersma Catering.
Moai waar, it gers meant, in moaie opkomst en Jelmer van der Valk ferliest.
Sa soenen je dizze omloop yn in pear wurden samenvatte kinne, mar er is mear bart.
Freed 15 maaie 2015 waard foar de twadde kear yn de skiednis fan Jacob Klaver it buertsjekeatsen halden. Keatserij mei grutte bal, sadat iederien meidwaan kin. It is namelik it idee dat je je buorlju freegje mei jo te keatsen. Ek at disse net keatse kinne.
3 Perken fol!
Ik wie moai op tiid op it fjild om de karre ree te meitsje mei linen, proppen, krammen en blokjes doe Jelmer van der Valk frege as der mij helpe koe. Tegearre hawwe we trije perken klear lein omdat wij tochten dat er wol aardich animo wêze soe.
It keatsen is wer los. Neidat we op ús eigen sportfjild de jonges fan de KNKB hienen te keatsen, wienen der ek ferskillende Mantgumers fuort te keatsen. En dit net sunder fertsjinste.