K.F. Jacob Klaver set syn keats(t)ers yn ’e klean

In fearnsjier lyn hat keatsferiening Jacob Klaver by Muta Sport nije trainingspakken besteld Dizze wike wienen de pakken klear en koene de nije klean presinteare wurde. Woansdei te jûn waard yn Mantgum de Greidhoeke kompetysje ferkeatst In moai momint om de nije outfit sjen te litten oan keatsers en publyk. De pakken sille brûkt wurde troch dyjinge dy’t K.F. Jacob Klaver fertsjintwurdigje by ôfdielings wedstriden. We binne der fan oertsjûge dat dit prestaasje ferheegjend wurkje sil.

Peloten froulju 2011

It is alwer in tiidsje lyn, mar wy wolle net oan jim foarby gean litte dat de froulju de kompetysje fan de Federaasje wun ha! Yn de A-poule wienen mar fjouwer teams yndielt: Winsum 1, Easterlittens, Spannum en Mantgum. Der hoefden dus mar trije potsjes peloten te wurden. Fan de earste tsjin Spannum is hjir earder al ferslach dien. Die wedstryd waard wun mei 10 – 4. De wike dernei moasten de froulju oantrede tsjin Winsum. Allinich gie it der mis, fander dat it ferslach ek wat langer op sich wachte hat.

Lees meer

Lotting 8e Jong Famme Party

Tiisdei te jûn om 20.15 oere hat de lotting plakfûn fan de 8e Jong Famme Party Keatsteam de ‘’fjouwersprong’’ hat tusken 18 en 19 oere earst in clinic fersoarge foar de jeugdleden fan K.F. Jacob Klaver. De bern wat drinken en dernei de lotting. In 25 tal minsken, werûnder wedstriidsponsor GrondNet, fertstintwurdige troch Wilco Fopma en keunstenares Hennie Broers fan Nyello, dy’t de prizen foar de Jong Famme Party makket, binne oanwêzich en lûke om beurten in lotsje. Wat dit oplefere hat, sjogge jimme op de wedstriilist wer’t 19 partoeren opstean.

Lees meer

Loting 8e Jong Famme Partij, dinsdag 28 juni 20.15 uur in Mfc. de Wjukken te Mantgum

Hierbij wil K.F. Jacob Klaver kaats(t)ers, pers, liefhebbers en belangstellenden van harte uitnodigen aanwezig te zijn bij de loting van de 8e Jong Famme Partij Zaterdag 2 juli zal op het sportveld van Mantgum voor de 8e keer de Jong Famme Partij plaatsvinden. Voor de eerste keer mogen er dit jaar meerdere parturen per afdeling meedoen. Mede door de verruiming van de dispensatie regel verwachten en hopen wij dit jaar een hoger aantal deelnemers te mogen begroeten Op de dag van de Jong Famme Partij vinden er geen andere kaatspartijen plaats in de officiële damescategorieën waarin de eventuele deelnemers van de Jong Famme Partij (kunnen) kaatsen. Zo zijn er op die dag geen wedstrijden in de categorieën meisjes, dames senioren (1e klas) en Hoofdklasse dames. Het wedstrijdschema van de KNKB vormt hiermee geen enkel beletsel voor de kaatsers in de doelgroep om deel te nemen aan de Jong Famme Partij. De KNKB heeft hiermee bovendien een uitstekende voorwaarde gecreëerd voor kaatsers en andere belangstellenden om als toeschouwer aanwezig te zijn op de Jong Famme Partij. Alle aandacht voor het dameskaatsen is die dag gericht op de Jong Fammen

Lees meer

Bregt wint yn Achlum

Bregt Arendz woe net mear KNKB keatse. Wol hie hja tasein mei te dwaan oan de ôfdielings wedstriden. Der wiene we bliid mei, mar no blykt dat Bregt har betocht hat en dat is mar goed ek want Bregt hat talint. En it is sonde dat dit talint alinne mar ledekeatst. In pear wike lyn die Bregt ek mei oan de federaasje ôfdielingswedstriid yn Mantgum en wûn mei har maten de 2e priis. Soe hja dêr de smaak wer te pakken krigen hawwe? Bregt joech har op foar de t.i.l. wedstriid pupillefamkes yn Achlum De lottingsploech fan de KNKB koe har noch wol, hja setten har fuort wer as earste maat. En dat wie terjochte, Bregt wie op dreef en wint út in list fan 14 pertoeren mei maat Boukje-Ellen Bosma út Makkum de earste priis troch yn de finale te winnen fan Brechtsje Jorritsma Poppenwier en Marijke Keuning Britswert.

Lees meer

Dronryp ferrassende winner fan NK Famkes

Sneon 25 juny waard foar Elly Hofman, Anouk Tolsma en Jeanette Jansma in dei mei in gouden rândsje. Tsjin alle foarsizzings yn stapten sy nei ôfrin fan it Nederlâns Kampioenskip foar Famkes (14-16 jr.) as winners fan it fjild. Net de favoriten út Seisbierrum, Minnertsgea, Stiens, St. Anne of Frjentsjer mar it jeugdige en o sa deeglike trijetal fan keatsferiening Sjirk de Wal út Dronryp wie harren allegearre de baas.

Lees meer

Kompetysje rûnde acht!

Dat it drokke tiden binne foar keatsleafhawwer hie ik al earder skreaun. Mei it NK famkes foar de doar hat dat ek foardielen. Jo hoege gjin fild te lizzen.

Lees meer

Hendrik Wiedijk wint syn earste krânse

Moandei te jûn hawwe Jelle, Deyna en Hans de perken lein sadat der op woansdei 22 juny wer strjitkeatst wurde koe. Hjoed wie it in optreden fan de bern. Mei súterich waar begjinne, mar fanôf in oere sa sawn waard it droech en dat is it de jûns fierders ek bleaun Mei by de Welpen (3 partoeren) in nije winner. Hendrik Wiedijk woe syn earste krâns tegearre mei Jeen Arendz Twadde waard Willem Reitsma, Marten de Jong en Rutger Mulder.

Lees meer

Zaterdag 25 juni Nederlands Kampioenschap Kaatsen voor meisjes in Mantgum

De Koninklijke Nederlandse Kaatsbond heeft Kaatsvereniging Jacob Klaver gevraagd om dit jaar het NK meisjes te organiseren. Wij waren en zijn vereerd met dit verzoek en gaven afgelopen winter de KNKB dan ook te kennen dat we dit graag doen. Dit is de tweede keer in het 108 jarige bestaan van de kaatsvereniging dat we een NK organiseren. A.S. zaterdag is het zover, inmiddels heeft de lotings ploeg van de KNKB zijn werk gedaan. We hebben een prachtige lijst van 21 parturen, we zijn er klaar voor en hebben er zin in! In 2003 bestond onze kaatsvereniging 100 jaar. Om dit eeuwfeest luister bij te zetten werd er in overleg met de KNKB een kaatswedstrijd georganiseerd om het Nederlands Kampioenschap voor meisjes ( leeftijdsklasse 14 t/m 17 jaar). De positieve ervaringen van deze wedstrijd heeft het één en ander in gang gezet en deden het bestuur besluiten om een jaarlijkse kaatswedstrijd in het leven te roepen met een meer dan gemiddelde aandacht en uitstraling. Het eeuwfeest werd op die manier niet het einde van een periode maar het startpunt voor nieuwe uitdagingen en elan. Dit heeft geresulteerd in de “Jong Famme Partij”, een kaatswedstrijd voor jonge vrouwen in de leeftijd van 17 t/m 21 jaar. We zien het ook als een beloning en waardering van de KNKB dat ons dit NK weer gegund is. De organisatie van een NK vraagt wel het één en ander van de vereniging, zowel organisatorisch als financieel. We zijn dan ook erg blij dat Wiersma Tenten verhuur deze dag onze wedstrijdsponsor is. We hopen u deze dag als toeschouwer (of als deelnemer) te mogen begroeten, de toegang is gratis.

Lees meer

Wiljo Sijbrandij en Skelte Anema winnen Pearke Teatstitel

Voor de vijfde maal organiseerde keatsferiening Jacob Klaver Mantgum het open kampioenschap Pearke Teatsen van Littenseradiel. Er wordt geteatst als tweetal (man + vrouw). Op 19 juni s’morgens om 10.20 uur werd er begonnen aan de vijfde aflevering van het jaarlijkse teatsspektakel. Het weer liet zich s’ochtends niet van zijn beste kant zien, harde wind, regenachtig en een temperatuur van slechts elf graden. Omdat de buienradar aangaf dat het de eerste uren niet echt zou verbeteren werd er toch maar begonnen op de acht uitgezette teatsvelden. Met af en toe wat regen en vanaf 2 uur s’middags droog weer. We hadden liever wat beter weer gehad, maar niemand die klaagde en er werd fel gestreden om de begeerde titel 35 tweetallen hadden zich ingeschreven, er werd gespeeld met een verliezersronde.

Lees meer

Jacob Klaver suksessen wykein 17,18 en 19 juny

Ofrûne freed waard de twadde omgong fan de ôfdielings kompetysje Federaasje Littenseradiel spile. Dit barde yn Weidum op freed yn de neimiddei. Der diene trije partoerkes út Mantgum mei. It partoer fan Mantgum dat by de welpenjonges mei die, foel yn de prizen. Ut in list fan 9 ôfdielings partoeren stiene hja yn de finale tsjin ”angstgegner ” Wommels. Yn Mantgum waard noch mei 5-3 ferlern fan Wommels, mar dizze kear binne hja oppermachtich en krije mar ien tsjinearst. 5-1 en 6-6 Lokwinske Ignas Dijkstra, Jelle Terpstra en Gjalt de Groot.

Lees meer

Ilse Noorman wint yn Jorwert by de haadklasse froulju

Nei de twadde priis by de earste klasse yn Wommels ferline wike no de krâns yn Jorwert by de haadklasse. Op dizze tradisjonele útnoegingspartij op pinkstersnein wie Ilse lotte by har frije formaasje maat Feikje Bouwhuis en efterynse Aukje van Kuiken. Yn de finale keatsen hja tsjin Afke Kuipers, Romy van der Veen en Miranda Scheffer. In spannende partij dy’t wûn waard op 5-4 en 6-4 troch in bûtenslach fan Afke.

Lees meer

Kompetysje runde sân

It is efkes nei fifen moarns as ik dit stikje skriuw. Ik moat der út om dat ik in dei te fiskjen sil. Troch it finster sjoch ik reinwetter mei bakken nei ûnderen kommen. In dikke wyn lûkt oan de beamen by it stasjon. Hoe oars wie dat justerjûn. Doe wie de wyn der hielendal út en koe der dus machtich keatst wurde.

Lees meer

Snein 5 juny, de 5 doarpen partij yn Easterwierrum

Sûnt 2003 stiet dizze party op it wedstriidroaster fan Easterwierrum, Wiuwert, Britswert, Jorwert en Mantgum. Jorwert lit it de lêste jierren wat ôfwitte, we moatte takom jier mar ris sjen at we de Jorwerters wer wat entûsjaster meitsje kinne. Mantgum wie goed fertsjintwurdige yn Easterwierrum. Dizze party is destiids yn it libben roppen om ledekeatsers de kâns te jaan ek ris mei oaren te keatsen Foar sommige bern kin it ek in opstap wêze om mei te dwaan oan federaasje en/of KNKB partijen.

Lees meer

Bakkerij Sybesma Mantgum nieuwe attentie sponsor K.F. Jacob Klaver

Bakkerij Sybesma opende op dinsdag 1 februari een vestiging aan De Dobbe in Mantgum.. Voor Bakkerij Sybesma was het naast de winkels in Boksum en Deinum de derde vestiging. Sybesma leverde eerder brood aan de supermarkt van Ernst. Er kwam een einde aan de samenwerking omdat de familie Ernst stopte met hun PLUS winkel Rients en Agnes Sybesma runnen de bakkerij. In Mantgum heeft de fam. Sybesma de beschikking over 35 vierkante meter. De winkel heeft een moderne inrichting gekregen. De bakkersorganisatie ziet de bakkerij in Mantgum als een voorbeeldwinkel.

Lees meer

Zondag 19 juny Pearke Teatsen in Mantgum

Pearke keatsen om het open kampioenschap van de gemeente Littenseradiel. Voor de 5e maal organiseert keatsfer. Jacob Klaver Mantgum het open kampioenschap Pearke Teatsen van Littenseradiel. In 2007 werd deze partij voor het eerst georganiseerd. De 10 deelnemende pearkes waren erg enthousiast, wat resulteerde in een deelname van 35 pearkes in 2008. De stijgende lijn zette door tot maar liefst 44 pearkes in 1999. Vorig jaar een kleine terugval tot 37 tweetallen. Wanneer de voortekenen ons niet bedriegen gaan we dit jaar af op een record aantal deelnemers, we verwachten ± 50 pearkes. Er wordt gespeeld met een verliezersronde.

Lees meer

Keatstraine by K.F. Jacob klaver

Tiisdei 24 maaie start it skoallekeatsprojekt fan iepenbiere basisskoalle de Gielguorde yn Mantgum Dit is in inisjatyf fan de KNKB , keatslessen wurde ûnder skoalletiid jûn oan de groepen 3 en 4. De KNKB levert hjirfoar in trainer. Mar no al foar it tredde jier efter elkoar kin de bûn gjin trainer leverje op tiden dat gaadlik is foar skoalle. Krekt as ferline jier rêdt Joke Kolyk de situaasje troch as trainer te fungearjen.

Lees meer

Weekend 28/29 mei, wat presteerden de JK kaatsters op KNKB niveau?

Knappe tweede plaats Baukje Aalbers in Grou bij dames hoofdklasse. In een spannende finale verloren Iris van der Veen, Baukje Aalbers en Manon Scheepstra met 5-5 en 6-2 nipt van Maaike Osinga, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. De partijen gaven elkaar maar weinig toe en pakten om beurten de bordjes. Trio Maaike Osinga bereikte als eerste de vijf eersten en kreeg op 5-4 en 6-6 het eerste matchpoint maar een forse uithaal van Baukje bracht de telegraaf weer in evenwicht. De formatie van Maaike Osinga bleef echter aan de goede kant van de score

Lees meer

Muzykkeatsen mei Guus Meeuwis

Doe’t we om healwei 11en op it fjild kamen wienen wie der hurde wyn en reinwetter. Om 5 foar 11en hienen we it lêste reinwetter en koe der droech keatst wurde. Om de hurde wyn jouwe de Mantgummer keatsers net sa’n protte en waard der op de klanken fan Guus Meeuwis (mei dank oan Marten de Jong) om raak slein.

Lees meer

Federaasje Littenseradiel ôfdielings kompetysje yn Mantgum

De animo foar dizze ôfdielings party wie dit jier gâns minder as de lêste jierren. Dat hat him net oan Karin lein, hja hat der tige oanlutsen om mear partoeren nei Mantgum te heljen Troch 2 x in ”reminder” te stjoeren en te skiljen mei oare ferienings, wat hast neat oplefere. Karin is dyjinge dy’t it ôfdielings keatsen fan federaasje Littenseradiel yn “portefeuille” hat Fan de mooglike 8 klassen koenen der toch te min dielname mar twa trochgean Derom wiene der ek Mantgumer partoeren dy’t net keatse koenen Dochs wolle wy dyjinge dy’t der wol wienen net te koart dwaan want der is prachtich keatst, wer it nedige talint te bewûnderjen wie.

Lees meer

Greidhoekeparty d.d. 25 maaie 2011 Mantgum – Bitgum

Woansdei wie it wer safier en moasten de Mantgumer keatsers wer de arena yn om te keatsen tsjin Bitgum foar de Greidhoekekompetysje. Dizze kompetysje is dit jier in bytsje oars opset. Ferline jier gong de striid tusken Mantgum, Wommels, Easterein en Easterlittens, dit jier dogge ek Sint Anneparochie en Bitgum mei. De wedstriiden binne yndield yn twa poules en Mantgum komt hjir yn út tsjin Wommels en Bitgum. Ferline wike waard de striid opnommen tsjin Wommels, mar dit waard in desepsje. Ferlern mei 3-0. It ferlies yn Wommels die sear, mar hie as foardiel dat de motivearring tsjin Bitgum optimaal wie. De mouwen waarden yn elts gefal heech opstrȗpt.

Lees meer

Kompetysje runde fiif!

It wie drok op it sportfjild doe de kompetysje keatsers útein sette woene. Dit kaam om’t der noch keatst waard troch de bern foar de ôfdieling Littenseradiel. Dêr sille jimme grif yn in oar stikje wat oer lêze.

Lees meer

Peloten froulju Mantgum 24 maaie 2011

Nei hiel wat geregel koenen de froulju tiisdei 24 maaie 2011 om 18.30 ofsette nei Winsum om der op it asfalt tsjin Spannum oan te treden. Út de Mantgumer seleksje fan acht froulju wienen der fiif die mei dwaan koenen. Disse kear wienen Sissel de Boer, Maaike Kuipers, Anke Koldijk, Elaine Reitsema en Baukje Stienstra fan’e partij. Joke Koldijk, Ant Fopma en Ilse Noorman binne ek yn’e seleksje opnaam, sy sille letter yn’e kompetysje noch wol oantrede.

Lees meer

Rutger Fopma wint 1e priis federaasje keatsen yn Jorwert (18 maaie 2011)

By de jongens pupillen steane 13 nammen op de list. Nei in pear drege partijen gie de finale tusken Arnout Meijer en Rutger Fopma tsjin Sefan van der Meer en Luuk van der Schaar. It like der op dat Arnout en Rutger dat maklik winne soene, want der hongen samar 5 buordsjes oan de telegraaf wylst Stefan en Luuk der mar 2 hiene. Dochs waard it noch hiel spannend,

Lees meer

Utnoadingspartij mei barbekjoe en grut springkessen

De korrespondint hie efkes wat oponthâld mar hat syn stikje no klear. Op 15 maaie wie de earste ledepartij fan de JKfanJK. De opkomst op dizze partij wie noch wat oan de sunige kant. Spitich as je sjogge hoefolle bern der te trenen binne by Nynke, Ilse en Anneke. Wat is der no moaier om de treningsarbeid te etaleren yn in wedstriid. Mei miskien wol as einresultaat in moaie beker, in krans as yn elts gefal it goeie gefoel fan in wedstriid. Oan de âlden wol ik dan ek freegje om de datums yn it keatsboekje goed yn de gaten te hâlden en de bern oan te fyterjen om oan de wedstriden mei te dwaan.

Lees meer