Winners Lytse PC 2021
Snein 12 septimber 2021 de dei fan de Lytse PC, ferliene jier frije formaasje dit jier troch inoar lotsjen.
De opjefte is lyts mei acht partoer op de list, dat binne we oars went en dat mat einliks ek oars. Acht partoer op de list mei ien keatser ut it eigen doarp. Ferliene wike ha we op it NK keatst yn Tsjom mei 42 partoer op de list, dat is natuerlik ek een útsjitter nei beneden.
Giet it dan min mei it keatsen, miskien wol mar der binne ek echt wol positive punten. Seker as we nei Mantgum as ferieniging sjogge. Een protte jeugd op it fjild te trainen, yn de federaasje geane se der al op ut. It stapke as stap moat noch makke wurde nei de KNKB, dan sjochst je ek wat oare keatsers. Op alle NK wie Mantgum fan de partij, manlju, froulju twadde yn Froubourren, junioaren en 50+. En net te ferjitten de earste priis op de Jong Famme partij.
Mar no werom nei de Lytse PC, yn de earste omloop wurde der yn fjouwer perken keatst sadat we om goed alve oere klear binnen mei de earste omloop. De leste partij is wat letter klear want Jelle Cnossen hat wat opstartproblemen. De kening Bauke Triemstra fan ferliene jier, giet der de earste omloop of mei 1-5 6-6. Bauke daagt út prikelt mar it mei net helpe. De beide Littensers Simon Zijlstra en Pier Piersma winne hun partij mei 3-5 2-6. Pier do hiest dochs ôfskied nommen? Klopt seit Pier mar ik wie bang dat it oars net trochgean soe dus ha mei mar opjûn. Klasse natuurlijk en hy slacht lekker fan him of. Yn de twadde omloop kinne se net op tsjin Wessel v.d. Woud en dy, met 5-4 6-2 is it dien. De oare partij op de twadde list wurd ienfâldich wûn troch Haye Jan Nicolay mei 3-5 0-6.
De finale liket hurd te gean Haye Jan komt flot op een foarsprong fan 4-1. Troch flaters mar ek it knappen keatsen fan Wessel, Marco en Redmer komme se werom 4 earsten gelyk. Jammer is dan dat it fyfde earst te ienfâldich fuort jûn wurd. It wurd noch 5 earsten gelyk mar ek it lêste buordsje giet nei Haye Jan en syn maten. Sa komt noch foar trije oere komt der in ein oan de 71 ste lytse pc
Jan Heida
Yn cyfers.
Eerste Omloop: 1 Wierd Baarda Dronryp Jelle Cnossen Bolsward Jesse Heida Mantgum 2 Simon Zijlstra Easterlittens Pier Piersma Easterlittens Thom Stellingwerf Makkum 3-5 2-6;
3 Jesse Kroondijk Sint Annaparochie Elgar Boersma Stiens Luka van der Weg Wommels 4 Wessel v.d. Woud Goutum Marco de Groot Franeker Redmer Cnossen Bolsward 3-5 2-6;
5 Bauke Triemstra Sint Jacobiparochie Jorn Lars van Beem Dronryp Jelmer Miedema Goutum 6 Corné Tuinenga Berltsum Jari Visser Witmarsum Jurrit Osinga Ingelum 1-5 6-6;
7 Auke Boomsma Morra Willem Miedema Hitzum Jorrit van Smeden Franeker 8 Haye Jan Nicolay Britsum Germ Epema Arum Yannick Hielkema Bitgum 4-5 0-6; Twadde omloop
2 Simon Zijlstra - 4 Wessel v.d. Woud 4-5 2-6; 6 Corné Tuinenga - 8 Haye Jan Nicolay 3-5 2-6;
Finale 4 Wessel v.d. Woud - 8 Haye Jan Nicolay 5-5 0-6.
Priiswinaars: 1 Haye Jan Nicolay Britsum (k), Germ Epema Arum en Yannick Hielkema Bitgum; 2 Wessel v.d. Woud Goutum, Marco de Groot Franeker en Redmer Cnossen Bolsward
Geplaatst op 13 September 2021