Willem Heeringa kening op 68ste Lytse PC
Keatsferiening Jacob Klaver hie it mar wer kreas foar inoar. In moai koart meand gersfjild dat nettsjinsteande de doechte fan de ôfrûne simmer der goed bespylber by lei. Kompliminten oan de behearder! Ek de tinten fan WBW Wiersma stienen der wer fleurich by en yn kombinaasje mei it boerd dêr’t alle winners fan de Lytse PC op stean, makke dat in fersoarge yndruk.
Skiedsrjochter Astrid Kooistra joech om rûchwei tsien oere it sein dat de mannen los koenen en eefkes letter gienen de earste keatsballen al troch de loft. In tal partoeren wienen oppimt yn kleurde shirts fan de KNKB haadsponsor Oranjewoud. In hiele foarútgong neffens sa’n tweintich jier tebek doe’t elkenien in wyt shirt en swart broekje oan hie. It is no fuort dúdlik wa byinoar hearre.
De yn sponsorshirts kleide partoeren makken dizze dei ek de tsjinst út. Uteinlik bedarren ek trije fan harren foar de tinte by de priisútrikking. Mar foar it safier wie moast der fansels wol efkes skrap setten wurde. Sa wûnen de lettere winners yn de twadde omloop mei 5-4 en 6-4 fan Gerard de Vries, Jan-Sjouke Weever en Yannick Hielkema, mar it hie ek samar mislearje kinnen. Sawol Remmelt Bouma as ek Willem Heeringa dy’t beide de opslach fersoargen, hienen grutte muoite om de bal yn it perk te krijen. Mar om’t de tsjinpartij op it lêst mank gie oan itselde euvel koenen se de partij dochs yn har foardiel beslisse. Mar in boekelpartij, wie it wol.
Yn de tredde omloop waard der fjoerwurk ferwachte fan de partij tusken Jan Dirk de Groot, Hyltsje Bosma en Evert Pieter Tolsma tsjin Auke Boomsma, Jacob Klaas Haitsma en Laas Pieter van Straten. Mar it wie in ôfdijer. Partoer De Groot cs wie op de beslissende mominten folle slachfeardiger en seame de tsjinpartij ôf mei 5-0 en 6-2. Je soenen ferwachtsje dat De Groot en dy no wisten hoe’t it moast mar it tsjindiel wie it gefal want yn de heale finale krigen ek sij in flink pak op ‘e hûd fan Remmelt Bouma, Jelte Visser en Willem Heeringa en moasten mei in skjinne telegraaf (0-5 en 0-6) nei de klaaiboksen.
De finale gie tusken de partoeren fan Heeringa cs en Elgar Boersma mei de bruorren Bauke en Jelte Pieter Dijkstra. Dizze lêsten hiene de hiele dei deeglik keatst, sieten knap yn ‘e list en hienen noch net in protte tsjinspul hân. De partij sette lykweardich útein mei fiif kear efterinoar seis gelyk wêrby de buordsjes lykweardich ferdield waarden. Doe’t it seisde earst op 6-4 nei partoer Heeringa gie, stie de partij wer hielendal yn lykwicht. Dêrnei kantele de partij. It wie earst Jelte Visser4 dy’t op 6-4 boppe sloech en dêrnei op 4-3 en 6-4 de keats foarby sloech. Op 5-4 en 4-4 retoernearre Remmelt Bouma syn opslachbal ta efter de foarline en de partij gie op 5-4 en 6-4 de skiednis yn mei in kwea opsleine bal fan Elgar Boersma. It wie foar him ek syn lêste bal yn it formele KNKB-sirkus want hy hie oankundige dat hy net wer yn de frije formaasje keatse wol.
Mar de winst gie nei Remmelt Bouma (Weidum), Jelte Visser (Seisbierrum) en Willem Heeringa (Ljouwert). Willem Heeringa waard mei 7 stimmen útroppen ta kening en mei de wikselbeker in jier mei nei hûs nimme.
Geplaatst op 10 September 2018