Update Coronafirus maaie: De bern kinne wer traine!!
Us lêste update oer de Corona en it keatsen is alwer efkes lyn. We ha no bettere berjochten! It trainen foar de jongste bern kin wer begjinne.
We binne bliid dat we de jeugd fia dizze wei útnoegje kinne foar de fjildtraining op moandei 11 maaie. Krekt as oars starte we yn twa groepen. Dit betsjut:
· Groep 3 en groep 4: 17:15 oere oant 18:00 oere
· Fanôf groep 5: fan 17:00 oere oant 18:00 oere
· De pjuttetrainingen geane noch net los, hjir sille we noch op werom komme
De earste training is allinnich tagonklik foar de leden, op de trainingen dernei binne ek
net-leden fan herte wolkom. Opjaan foar de training as dat noch net dien is kin op jkfanjk@hotmail.com. Albert Tilma sil de bern en de âlder op de hichte stelle.
Fanwege de Corona-maatrigels nimme wy de folgende saken yn acht:
· Foar alles jildt: sûn ferstân brûke stiet foarop!
· Hâld de algemiene maatregels fan it NOC*NSF yn acht. De wiidweidige útlis fan de maatregels kinne jim fine yn it taheakke oersjoch fan it NOC*NSF.
· Graach de bern, foardat se nei de training gean, thús nei de wc gean litte en de hannen waskje litte (mei sjippe, minimaal 20 sekonden). De WC’s yn de Wjukken binne ticht tiden de trainingen.
· Kom net earder as 10 minuten fantefoaren op de training en gean drekst nei ôfrin nei hús.
· Âlders (of oar publyk) binne net wolkom op de trainingen of sportlokaasje en kinne de bern allinne bringe en ophelje.
We hoopje jimme allegearre gau wer te sjen op it keatsfjild. Mei syn allen sille we der noch in moai keatseizoen fan meitsje! Sadra we mear witte oangeande de oare keatsaktiviteiten sille we fansels wer mei in nije update komme.
Groetnis it bestjoer fan Jacob Klaver
Geplaatst op 05 May 2020