Update Coronafirus

Hjirby in nije update oer de stân fan saken rûnom it coronafirus en ús aktiviteiten as keatsferiening. De KNKB hat ús dizze wike mei in brief ynformearre oer de kar dy de keatsbûn makke hat oangeande harren aktiviteiten en keatspartijen. 

Update Coronafirus

De KNKB annulearret al harren aktiviteiten oant 1 juny en de start fan it keatsseizoen wurdt útstelt oan’t 20 juny. Alle hjirfoar ynplande KNKB partijen komme te ferfallen. Sy ha hjiroer yntinsyf kontakt mei NOC*NSF.

Wy folgje it advys fan de KNKB en ha wy besluten om ek al ús aktiviteiten oan’t 1 juny te annulearjen. Konkreet betsjut dit dat ûnder oare de folgjende aktiviteiten ôflast (en net ynhelle) wurde:

Bestjoers- en kommisjegearkomsten;

Kompetysjekeatsen foar jongerein en senioaren;

Jeu de Pelote;

Trainings Foar de bern;

BBQ partij 10 maaie

Federaasje partij 15 maaie

Jonker Sikke partij 24 maaie

Alder bern keatsen 24 maaie



At der wer nije ûntwikkelingen binne dan sille wy jim fansels wer ynformearje. Hâld ús webside, mail en Whatsapp yn’e gaten foar it lêste nijs.

Keatsen is prachtich moai, mar sûn bliuwe is better.

Bestjoer Jacob Klaver.

Geplaatst op 30 March 2020