Snein 11 septimber Lytse PC
Op snein 11 septimber organisearret keatsferiening Jacob Klaver de Lytse PC te Mantgum
Dit jier meie wy as keatsferiening Jacob Klaver al wer foar de 72ste kear de Lytse PC organisearje.
De Lytse PC waard foar de earste kear ferkeatst yn 1947. It is dan ek in keatspartij mei in lange skiednis. En ek in partij mei in soad moaie ferhalen. En dan geane de ferhalen faaks oer de feestjûn dy't tradisjoneel nei dizze lêste keatspartij fan it seizoen plak fûn op it plein en yn kafee Bonnema. In hichtepunt hat de partij belibbeyn it jier 1965n mei mar leafst fjouwerensechstich partoeren op 'e list. Fan hearren en sizzen waard troch it grutte tal partoeren oant let op 'e jûn keatst, mar hat men ta eintsjebeslút om't der gjin ljocht mear wie de prizen ferlotte. Der waard dy jûn ek gjin kening oanwiisd. Dy syl dêrom dan ek ûntbrekke op it board mei alle winners.
Bysûnder om te neamen: 25 jier lyn wûn ús doarpsgenoat Sjirk Gjalt de Groot de Lytse PC tegearre mei Piet Zondervan en Emke Siderius (beide út Jorwert).
Tiden bin feroare mar de keatsers en animo foar de Lytse PC binne altyd bleaun. Dit jier stiet der wer in frije formaasje edysje op it programma. Wy ferwachtsje dan ek in soad earsteklas partoeren, gelgenheidspartoeren fan âld keatsers en wa wit ek guon pleatslike toppers.
De organisaasje fan dizze partij wurdt alle jieren mooglik makke troch in soad frijwilligers, sponsoren en stipers út it doarp. Wy kinne net sûnder. Ut namme fan it bestjoer tige tank!
Wy nûgje jo snein alve septimber dan ek fan herten út op it Mantgumer sportfjild.
Geplaatst op 01 September 2022