Opbringst oliebollen 2020
Aldjiersdei ha de leden fan keatsferiening Jacob Klaver en kuorbalferiening WWC wer alderhearlikste oliebollen oan it bakken west. Dit jier krekt wat mei in oare tarieding as de ferline jierren.
Dit jier binne we hearder begûn. Al om 1 oere wie it earste lid yn de Wjukken om te begjinnen mei de tariedingen. De frituurbakken waarden alfêst oan setten en de miks waard makke.
Om 3 oere waard útein set mei it bakken fan de oliebollen. Mei in moaie ploech minsken waarden der al gau hearlike oliebollen bakt. Tuskentroch kaam Omrop Fryslân noch efkes del om te filmjen hoe at dizze dei der foar ús leden út sjocht en fansels om úse oliebollen ek efkes te priuwen.
Foar 10.00 oere koene de minsken thús al genietsje fan dizze oliebollen en ek kamen de minsken al gau nei de Wjukken om harren oliebollen op te heljen.
It bakken gie wer hartstikke best en rûn 12.00 oere wiene de lêste oliebollen klear.
Noch efkes opromje en skjinmeitsje en dizze ploech fantastyske frijwilligers koene dit jier ek meirinne mei de Hassiebassie tocht en dernei genietsje fan in fertsjinne drankje.
Dit jier is der in prachtich bedrach fan € 509.46 per feriening ophelle troch it bakken fan dizze oliebollen! Beide ferieningen binne hjir tige wiis mei!! Wol wie it nedich om ien fan de frituurbakken reparearje te litten wat in helaas wol wer in aardich bedrach fan ús opbringst ôfhelje soe.
Bakker Vakkeuken út Berltsum hat dizze reparaasjekosten sponsere. Beide ferieningen kinne hjirtroch elk de € 509,46 op harren rekken byskriuwe.
Wy wolle Bakker Vakkeuken tige tank sizze foar harren sponsoring.
Ek wolle wy alle briefkeophellers, oliebollen rûnbringers, bakkers, miksers, mar foaral ek de minsken dy’t ús oliebollen kocht ha en hjirmei ús stipe ha tank sizze. Troch jim kinne we wer fantastyske aktiviteiten dwaan en nije materialen oanskaffe!
Mei freonlike groetnis,
Keatsferiening Jacob Klaver en Kuorbalferiening WWC
Geplaatst op 16 January 2020