Mantgum wint de 18e Jong Famme Partij!!
Jonge fammen Amarins, Bregt en Jennie skriuwe skiednis, mei flagge en wimpel
(Troch: Ate de Jong)
(Foto: Jelmer Jonker)
Jonge fammen Amarins, Bregt en Jennie skriuwe skiednis, mei flagge en wimpel
It is de 18-de Jong Famme Partij. Hjoed, 3 july 2021, kin it Mantgumer partoer skiednis skriuwe. Nea earder wûn Mantgum har eigen partij, ien fan fjouwer Sulveren Wimpels (by de manlju: Klaverke Fjouwer). Hjoed kin dat barre. Der binne mear kânshawwers, mar Mantgum heart dêr seker by. Amarins de Groot, Bregt Arendz en Jennie Terpstra ferdigenje de kleuren van Jacob Klaver. Foar Jennie Terpstra is ‘t now or never. It oare jier mei se net mear meidwaan.
It fjild leit der prachtich by, de begroeting is freonlik, op de list in moai ferhaal fan Aletta van Popta, dy ‘t foarich jier wûn – oan alles kinst sjen dat Jacob Klaver grutsk is op syn Jong Famme Partij en der flyt op docht. De tiid dat Hendrik Jepma it draaiboek foar de Lytse PC op de achterkant fan in sigaredoaske notearde – “Punt 1: De flagge moat op de toer” – leit fier achter ús. Is is in enoarme organisaasje en no mei koroana hielendal. Leafst fyftich frijwillers binne ynskeakele. ”Je hoege se mar te skiljen en dan stean se der,” seit Lyssa van der Ende, de sekretaris fan Jacob Klaver.
Mantgum is der klear foar.
Mar de earste omloop, tsjin Ried, giet net fansels. Gelokkich, Ried helpt in hantsje mei in foarslach op 3-2 en 6-6 en dan stoomt Mantgum troch: 5-2 en 6-2.
De twadde omloop, tsjin Marsum, hat in selde soarte ferrin. Ek de Marsumers jouwe punten wei, en wichtige. Op 2-1 en 6-6 slaan se wol héél fier bûten: 3-1. De Marsumers komme noch even werom (3-2), mar dan slacht Mantgum de partij út (5-2 en 6-2). Amarins, Bregt en Jennie keatse mei power en plezier.
Noch nea earder heard: speaker Jan Geert Nutma winsket de ferliezers, Marsum, yn ’e takomst mear súkses: ”In nij jier, nije kansen.” Achter my beprate twa froulju it libben yn koroanatiid – se hawwe krekt de twadde prik hân. In mem leart har dochter telegrafearjen. Danny Vera sjongt Roller Coaster. En ik sjoch hoe ‘t in keatsoanmerkster nei de bal fljocht, werom drave sil, mar dan sjocht dat de opslachster yn ‘t oare perk har oanrin nimt. Dy lit se keurich foar gean. Dy oanmerkster kin sa as ballefamke nei Wibledon.
Beskermfrou Manon Scheepstra is ek arrivearre. Se sjocht in âldere frou, in bekende, makket even kontakt, sjocht har rollator en seit freonlik: “Veel plezier. En als ik even wat voor u moet ophalen...”
De tredde omloop, tsjin Makkum, is bloedspannend. De froulju fan Makkum binne fan dy “stille killers,” seit in kenner. Op 1-1 en 6-6 pakke sy mei in prachtige sitbal it spul en se bliuwe foar. Mar Mantgum bliuwt by de les. Op 3-2 en 6-2 foar Makkum is Bregt alert yn it tuskenspul, de twa punten wurde fierd as in boppelach: 3-4 en 6-4. It wurdt 6-6 en der leit in lyts keatske. Dy moat it sterke Mantgumer perk pakke kinne, soene je sizze en dan binne se wer by. It liket in slaanbere bal, mar Jennie mist ‘m. Bliksem, 4-2 achter yn pleats fan trije earsten gelyk. Hjir hiene se de partij ferlieze kinnen en dan hie Jennie fan dy slach noch gauris wekker lein.
Mar sy en Amarins sette de turbo oan en yn in omsjoch binne se wer by. En op 4-4 en 6-6 set Jennie even wat rjocht. Ferwoestend slacht se de keats foarby: 5-4 foar Mantgum! Amarins raast it út! Sy en har maten witte: dit is de nekslach foar de Makkumers. Dy krije gjin punt mear: 5-4 en 6-0. Mantgum Sit Yn De Finale!
Ien kear earder yn de achttjin edysjes fan de Jong Famme partij is dat bard, mar doe ferlear Mantgum. As Mantgum no wint dan skriuwe Amarins, Bregt en Jennie histoarje. En elk wit: it kin! Dat geloof groeit by de measten fan de 150 minsken om it fjild hinne. “Omloop na omloop tekende een steeds duidelijker wordend droomscenario zich af voor het publiek,” skriuwt de ferslachjouwer fan Ljouwerter Krante dy jûn. “Zou Mantgum wellicht zelf het winnende partuur leveren bij deze prestigieuze wedstrijd? Het ging van ‘zou mooi zijn’ langzaam naar ‘het zou best eens kunnen’ tot ‘het gaat nog echt gebeuren ook.’“
De oare finalist is Goiïngea, mei Iris Oosterbaan, Andrea Kroes en Moniek Lootsma, in omkesizzer fan âld-Haadklasser Sibbele Lootsma. Se hat in prachtige opslach, mei gong.
De omstannichheden binne ideaal, de stekkende sinne is fuort.
De oerwinning fan Mantgum komt net in momint yn gefaar. Goaiïngea komt yn ‘t earste earst mei 6-2 foar, mar se pakke evensagoed it buordsje net. In earste mentale tikje? Is Goaiïngea wat útblust? Mantgum nimt in 3-0 foarsprong. Op 3-1 en 6-6 mei in dikke keats hawwe ús froulju twa spul binnen it berik, mar Goaiïngea slacht noch ien kear werom: 3-2. Mar dan jouwe Amarins en Jennie wer gas. Jennie raamt ien op it kafee en dêrnei slacht se opnij mei Amarins de partij út. Grutte mannen Oebele en Sjirk sjogge op de boppe de ballen nei.
Op 5-2 en 6-4 falt de lêste slach. Dan skriuwe Amarins, Jennie en Bregt Mantgumer skiednis. Mei flagge en wimpel. Freondinnen en famylje fleane nei de fammen. Der knalt in koark fan in sjampanjeflesse.
Ate de Jong
Geplaatst op 05 July 2021