Makkum wint 20ste Jong Famme
De oanrin nei de Jong Fammepartij wie foar it bestjoer fan Jacob Klaver sawol hektysk als fruchtber. Yn de lêste wike krigen mar leafst trije bestjoersleden besite fan in eiber dy’t harren blid makke mei gesinsútwreiding. Hoewol der mei it each op takomstige partoerfoarming foar de Jong Fammepartij ynsetten wie op trije dochters mocht dat net sa wêze. Twa famkes en in jonge. De tiid sil leare of se yn de takomst ek foar bêst opslaan sille. Dat hienen de oare bestjoersleden en in groep frijwilligers yn elk gefal al dien. It fjild lei der sa as gewoanlik wer picobello by, mei boarding en de prachtige tinten fan Wiersma. En dat lêste wie ek hartstikke noflik foar it begjin fan de wedstriid doe’t se dêr boppe it reinskerm noch net tichtlutsen hienen. Gelokkich waard it yn de rin fan de dei droech.
Foto: Jelmer Jonker
De earste omloop
Under lieding fan skiedsrjochter Lolke Bierma, dy’t dêrfoar hielendal út Beverwyk reizige wie, koe nei it meitsjen fan de tradysjonele groepsfoto, de partij begjinne. Want sa as in filosoof njonken my opmurk: ‘wol je winne, dan moat je beginne…’. Yn de earste omloop koe Winsum it lang net bolwurkje tsjin Makkum (1-5 en 4-6). Dronrijp 2 like it frij maklik te hawwen tsjin it skoalfamkespartoer fan Lollum-Waaksens. Hja kamen frij maklik in ein foar mar de wol erg jonge fammen fan Lollum-Waaksens kamen mei goed spel doch werom oant 5-3. Mar op 6-4 dienen se harren sels de das om mei in bûtenslach. In ferliezend partoer mei potinsje foar de takomst.
De partij fan Boalsert tsjin Grins wie der ien fan: ‘soms win je, soms leer je.’ Boalsert hie op papier miskyn wol in wat better en slútender partoer mar wie gjin ienheid en en makke te folle flaters oan sawol de opslach as ek yn it fjildspel. En dêr seach it yn it begjin net nei út, want se kamen mei 3-1 foar. Mar doe’t Grins werom kaam oant 3-3 en Boalsert op 6-6 de bal net yn it perk krije koe, knapte der wat. Boalsert kaam noch ien kear werom oant 4-4 mar doe wie it twa kear op 6-4 dat Grins mei in sitbal de seis earsten fol makke. Dochs wol in ferrassing.
Goaiengea en Tsjom keatsen in frij anonime partij. By Goaiengea moast it tefolle komme fan Moniek Lootsma en dat slagge har net tsjin it deeglike trio fan Tsjom. Op 5-2 en 6-2 gie Tsjom troch nei de twadde omloop. Ek Mantgum hie in jong partoer yn de krite. Alle trije noch keatsend yn de famkesleeftiid wie it doel ‘meidwaan, erfaring opdwaan en genietsje’. Yn it begjin noch wat senuwêftich foar eigen publyk kamen se (te) snel mei trije earsten efter. Mar fia 3-1 en 4-1 waard it 4-3 en like der sels mear mooglik. Mar fierder liet Seisbierrum it net komme. Op 5-3 en 6-0 kaam der in ein oan dizze partij.
De kwalitatyf moaiste partij út de earste omloop wie dy tusken Easterein en Dronryp 1. Twa sterke partoeren wêrfan it lot beslikke hie dat der ien ôffalle moast. De partij bliuw lang yn evenwicht. Oant trije earsten gelyk gie it lyk om. Dan wie Dronryp wêr in earst foar en dan wer Easterein. Op trije earsten gelyk koe Easterein in foarsprong nimme troch de bal yn it tuskenspul ‘gewoan’ retour yn it perk te slaan. Mar de bal waard fiersten te hurd rekke en gie krekt njonken de hoekpeal kwea. Dronryp kaam op 4-3 en Easterein wie it eefkes kwyt. Nei in snel earst sloech Senne Idsardi op 6-0 mei in boppeslach har Rypster partoer nei de fiif earsten. Easterein soe noch ien kear werom komme oant 5-4 mar dêrnei wie it Lisanne Scharringa dy’t op 6-2 mei in boppeslach de partij útmakke.
De twadde omloop
Makkum keatste in ‘rommelige en dreege’ partij tsjin it twadde partoer fan Dronryp. Hja kamen (te maklik?) mei 3-1 foar mar begûnen doe mei missers oan de opslach. En omdat Dronryp deeglik stie te keatsen krigen se de partij net kado. It waard trije earsten gelyk en dêrnei ek fjouwer earsten gelyk. En as Dronryp krekt efkes wat mear it gelok oan har side hân hie, dan …? Mar it gelok siet hjoed net yn de hoeke fan de Rypsters en Makkum wie ek op tiid wer bij de les en makke op 5-4 mei in sitbal de partij ta skiednis.
De partij tusken Grins en Tsjom wie net heechsteand. Der waard dreech keatst mar de sterke opslach fan Grins joech úteinlik de trochslach. It brekpunt fan de partij lei op 4-3 en 6-6 doe’t Fiera de Vries foar Grins in sitbal sloech. Tsjom kaam noch werom oant 5-4, mar dêrnei koe Grins op 6-4 de keats behâlde en wie de partij dien.
Spitichernôch koe Seisbierrum it dêrnei lang net hâlde tsjin it earste trijetal fan De Ryp. Yn no-time rûnen se troch de partij hinne en op 5-0 en 6-4 kaam der ein oan in partij dy’t nea in partij west wie.
Om’t De Ryp no stean bliuw, wienen sij de earste finalist.
De tredde omloop
Grins en Makkum moasten tsjinoar útmeitsje wa it oare finalepartoer wurde soe. Op foarhân wie it partoer fan Makkum favoryt. Mar dat seit soms neat en in partij wurdt net beslikke troch de selsbeneamde ‘kenners’ oan de sydline. Grins hie blyker, krekt as tsjin Boalsert, goed neitocht hoe’t se de tsjinstanner bespylje koenen. Yn it perk wiksellen Fiera en Romy no en dan fan posysje en dêr hie Makkum it nuodlik mei. Nei fjouwer kear in 6-4 kaam Makkum dochs op in 3-1 foarsprong. De partij like beslikke te wurden doe’t Grins de bal op 6-6 net oer de foarline kriich. Mar mei in 4-1 foarsprong begûn it te haperjen by Makkum. Der waarden (te folle) missers makke oan de opslach en doe’t Gerde Lycklama à Nijeholt op 4-2 en 6-6 in frij maklike bal net retour nei de grûn sloech, mar heech troch de loft, koe Grins de bal dochs foarby de keats slaan. It waard sa net 5-2 mar 4-3 en doe’t it dêrnei fia twa bûtenslaggen skjinne fjouwer foar Grins waard, drige der in oanslúting. Sa fier soe it net komme. Makkum herpakte – krekt op tiid – en makke mei twa sitballen fjouwer gelyk. Op 4-3 en 6-4 sloech Makkum de keats foarbij en kaam it ein yn sicht. Mei twa sitballen en in reourslach oant yn it perk kaam Makkum dêrnei op matchpoint. Grins krige noch ien meneat oan de telegraaf, mar op 5-3 en 6-2 sloech Gerde har partoer nei de finale.
De finale
Sa stienen twa partoer yn de finale dy’t dêr op foarhân ek wol ferwachte waarden. Mar je moatte it fansels wol wiermeitsje en it hie sawol foar Dronryp tsjin Easterein as Makkum tsjin Grins ek wol oars útpakke kinnen. En dat de iene partij net gelyk is oan in oare en resultaten út it ferline neat sizze foar in partij dy’t noch spile wurde moat, gie op foar de finale. Dronryp hie de hiele dei deeglik spel sjen litten. Oan de opslach net folle missers en yn it perk treflik útslachwurk. Makkum wie wat op en del (12 missers oan de opslach tsjin Grins) en makke yn it tuskenspul noch wolris wat ûnnoadige flaterkes. De finale soe eins krekt it tsjinoer stelde sjen litte. It wie no De Ryp dat begûn mei missers oan de opslach. En ja, as je yn elk earst twa missers ha, dan rin je efter de feiten oan. Tel dêr by op dat Makkum yn it begjin flaterfrij keatste en de 4-0 foarsprong is ferklearre. Doe kantelle de partij. Makkum begûn ek te bûkeljen oan de opslach en Dronryp koe de boppe wat makliker fiene. Fia twa kear 6-4 en ien kear 6-2 waard it 4-3 en siet in oanslúting der oan te kommen. Mar dat soe net barre. Krekt as tsjin Grins krige Makkum de partij wêr op it goeie spoar en nei in skjin earst waard it 5-3. De Ryp soe dit foarbyld folgje en kaam nei skjinne seis op 5-4. Fierder liet Makkum it net komme. Nei in lêste earst mei twa boppeslaggen kaam it ein op 5-4 en 6-2 doe’t De Ryp de bal net ynbringe koe.
Theo Kuipers
Utslach
- Makkum. Larissa Smink, Anouk Smink, Gerde Lijcklama à Nijeholt.
- De Ryp. Iris Veltman, Lisanne Scharringa, Senne Idsardi.
- Grins. Rixt Fokkema, Romy Postma, Fiera de Vries.
Geplaatst op 02 July 2023