Makkum prolongearret titel

Ferslach: Skelte Anema
Foto: Jelmer Jonker

Makkum is de winner wurden fan de Jong Famme partij 2024. Mei mar ien earst tsjin yn fjouwer wedstriden wiene Larissa Smink, Anouk Smink en Gerde Lycklama à Nijholt oppermachtich. Sy namen foar it twadde jier op rige de krânsen mei út Mantgum

Makkum prolongearret titel

Nei in wiete 20e edysje ferline jier wienen de foarsizzingen foar de 21e Jong Famme Partij ek net al te bêst. Mar it foel wat ta mei it ûnwaar en de froulju trochstienen it reinwetter dat moarns dochs wol aardich foel, en de hurde wyn sûnder te kleien. Mei 15 partoer op ‘e list in ridlik oantal keatsers op it fjild. Yn it foar wienen Dronryp, Easterein, Grins en Makkum oan te wizen as de favoriten. It partoer fan Makkum dat ferline jier wûn mocht it dit jier noch in kear besykje mei deselde nammen op papier.


De ferrassing fan de earste omloop wie it partoer fan Lollum-Waaksens mei trije keatsters dy’t noch yn de famkeskategory útkomme. Sy lieten it sterke partoer fan Easterein sjen wêr’t se ta yn steat binne.

Easterein kaam yn dy partij tsjin Lollum noch wol efkes werom yn ‘e wedstriid doe’t se op 4-1 en 6-6 der 4-2 fan makken, mar dêrnei wie it ferset fan de Eastereiners brutsen en op 5-3 6-2 wie it Lollum dy’t de partij útmakke.

Fierder wienen der yn de earste omloop in soad partijen dy’t snel foarby wienen en dan sjochst dat it kwaliteitsferskil tusken de ferskillende keatsdoarpen en stêden dochs wol oansjenlik.


Alle útslaggen fan de earste omloop: 


Exmorra

Winsum

2-5 4-6

Tsjom

Dronryp II

5-3 6-2

Dronryp I

St Anne

5-1 6-4

Easterein

Lollum

3-5 2-6

Makkum

Menaem

5-0 6-4

Stiens

Nijewier

1-5 6-6

Mantgum

Boalsert

1-5 4-6

Grins


Steand nûmer


Yn ‘e twadde omloop moasten Grins en Winsum tsjin elkoar. It wie in clash tusken de twas suskes Postma. Mei Romy dy’t foar Grins keatste en Monique dy’t foar Winsum keatste. Grins makke de favoriterol yn dizze omloop wier troch in saaklike oerwinning te beheljen tsjin it twatal fan Winsum.

Ien fan de spannedste partijen fan dy twadde omloop wie de wedstriid tusken Dronryp en Tsjom. De keatsters fan Dronryp hienen it dreech tsjin it deeglik keatsende partoer fan Tsjom. Se kamen mei 3-1 foar, mar dêrnei wie it Tsjom dat brutaal de lieding naam en sels mei 5-4 en skjinne 6 foarkaam. Dronryp kaam werom op 5-5 nei in foarslach fan Tsjom op 5-4 6-6. Ek yn it lêste earst like it derop dat Tsjom de partij nei harren talûke koe, mar wer wienen it de Rypsters dy’t weromkamen nei in 6-2 efterstân en op 5-5 6-6 wie it in goede opslachbal fan Iris Veltman dy’t der foar soarge dat Tsjom werom nei Tsjom koe.

Makkum dy’t yn de earste omloop maklik fan Menaem wûn, moast yn ‘e twadde omloop tsjin it famkespartoer fan Lollum-Waaksens. Makkum begûn mei fjouwer boppeslaggen en hold de goede foarm fêst oant de ein en wûn mei in skjinne telegraaf.

Lollum hat wol in partoer om yn ‘e takomst rekken mei te hâlden, se wûnen net foar neat de Ald Meijers partij yn Hitzum yn 2023.



De lêste partij fan de twadde omloop wie dy tusken Boalsert en Nijewier-Metslawier. It partoer fan Boalsert hie it aardich dreech mei it dapper striidjende partoer fan Nijewier. Boalsert like op 5-3 en 6-2 maklik nei de heale finale troch te streamjen, mar Nijewier kaam knap werom oant 5 earsten gelyk en naam sels de foarsprong yn it lêste earst. Troch ûnder oaren twa bûtenslaggen fan Boalstert waard it 6-4. Nei in sterke opslachbal wie it Nijewier dy’t de oerwinning tocht te pakken, mar in bal dy’t sitbal like te wurden, stuite noch en koe troch Boalserters dochs noch foarby de keats slein wurde en dêrmei kaam de telegraaf hielendal fol te hingjen. Doe wie it Boalsert dy’t dochs de winst pakte nei in werklik fantastyske opslachbal dy’t krekt foar de kwealine telâne kaam. Hielendal knap ast dy der efkes by yntinkst dat it wynkrêft 6 wie.



Alle útslaggen fan de twadde omloop:


Grins

Winsum

5-2 6-6

Tsjom

Dronryp I

5-5 6-6

Lollum

Makkum

0-5 0-6

Nijewier

Boalsert

5-5 6-6



De earste heale finale wie dy tusken Dronryp en Grins. Dronryp like nei in drege twadde omloop wat better foar de dei te kommen en naam in fjouwer om ‘e twa foarsprong. Grins kaam dochs werom yn de wedstriid, op 5-4 en 6-6 wie it in foarbal fan Dronryp dy’t der foar soarge dat Grins wer alle kâns hie op it finaleplakje dêr’t se om striden. En dy kâns grepen se mei beide hannen oan, want yn it lêste earst krigen se fan Dronryp in oantal punten cadeau. De wyn helle aardich oan en dat resultearre yn in oantal bûtenslaggen oan de kant fan Dronryp. Grins hold de ballen der wol foar en op 5-5 een 6-4 koe Dronryp de keats net foarby en wie it Grins dy’t in plakje yn de finale bemachtige.


De oare heale finale gie tusken Makkum en Boalsert. De Makkumers hienen oant de heale finale noch gjin earst tsjinkrigen en setten ek de wedstriid tsjin Boalsert mei faasje út ein. Trochdat sy wat mear grip op ‘e wyn hienen koenen sy frij flot harren plakje yn ‘e finale feilichstelle.


Utslaggen heale finale

 

Grins

Dronryp 1

5-5 6-4

Makkum

Boalsert

5-1 6-0


De finale gie dus tusken Grins en Makkum. Twa partoeren dy’t yn it foar ek al tipt wiene as mooglike kânshawwers. Benammen it partoer fan Makkum wie goed op slach en hie oant de finale ek sjen litten dat prolongaasje fan de titel in goede mooglikheid wie. De útslach fan finale, 5-0 6-6 seit in soad oer it ferrin fan de wedstriid. Makkum wie te goed foar Grins en waard de terjochte winner fan de 21e Jong Famme Partij.


Skelte Anema

Geplaatst op 06 July 2024