KNKB Welpen Jonges en Famkes

Op snein 23 augustus hat keatsferiening Jacob Klaver yn Mantgum de KNKB partij Welpen Jonges A+B en de Welpen famkes organisearre.


KNKB Welpen Jonges en Famkes

Op dei mei in protte sinne en sa no en dan wat aardige buien giene de welpen jonges en famkes om 10.00 oere los.

Yn de earste omloop waard der hjir en der hartstikke spannend keatst. Der waard hartstikke best op en útslein. Efkes waard der in lytse ûnderbrekking hâlden om’t der in frij grutte bui boppe Mantgum hong, mar al gau waard der wer troch keatst en koe ek de rest fan de omlopen ferkeatst wurde.

Yn de A poule fan de welpen jonges waard der yn in poultsje keatst. Yn de B klasse by de jonges en by de famkes waard der keatst mei in winners en ferliesersrûne. Om’t der yn beide klassen by lotte wurde moast wie it efkes in gepuzzel sa no en dan, mar dit ferûn prima en waard troch de keatsers ek tige goed oppakt.

Yn alle kategoryen waard der hartstikke leuk keatst. Hiel faak hongen (hast) alle buordsjes oan de tillegraaf en wie it tige spannend.

Wy ha as feriening in prachtich moaie dei hân. Hjirûnder de útslaggen.

Welpen Famkes
1e priis: Iris Verhoeven (Dronryp) en Sygrid Bosch (Arum)
2e priis: Floorke de Boer (Hommerts) en Marrit Hoekstra (Scharnegoutum)
1e priis ferliesers: Fenna Koster (Damwâld) en Lyset Westra (Bolsward)
2e priis ferliesers: Fenna Raap (Hommerts) en Marit Visser (Sexbierum)

Welpen Jonges A poule
1e priis: Thomas Zeinstra (Dronryp) en Jan Willem Koopal (Spannum)
2e priis: Frank de Kroon (Dronyp) en Roan Luimstra (Bitgum)

Welpen Jonges B poule 
1e priis: Roan van Swinden (Exmorra) en Sem van der Wei (Witmarsum)
2e priis: Roan Bruinsma (Minnertga) en Auke Pieter Kalsbeek (Stiens)
1e priis ferliesers: Rimar Kaper (Sint Annaparochie) en Jelle Rosier (Anjum)
2e priis ferliesers: Jitse Jan Kroondijk (Wytmarsym) en Rindert Douma (Wytgaard)


Lyssa van der Ende

Geplaatst op 23 August 2020