KNKB WELPEN FAMKES T.I.L. A –Klasse en T.I.L. B-Klasse mei Herkânsing.

Snein 24 juny 2018 hie kfJacob Klaver de eare om boppensteande keatspartij te organisearjen.

KNKB WELPEN FAMKES T.I.L. A –Klasse en T.I.L. B-Klasse mei Herkânsing.

Snein 24 juny 2018 hie kf Jacob Klaver de eare om boppensteande keatspartij te organisearjen.

It keatsen begong om 10.00 oere en it wie krekt 13.30 oere doe’t de lêste slach foel.

It wie moai keatswaar net te waarm, net te kâld wat wolle jo noch mear.

24 bern hiene harren opjûn foar de kategoryen “ welpen famkes t.i.l. A-Klasse (8 famkes) en welpen famkes t.i.l. B-Klasse mei herkânsing” (16 famkes).

Troch de meiwurking fan Oebele Anema en Goos Nijman as klupskiedsrjochters en in grut oantal karmasters kinne wy sprekke fan in tige slagge keatsdei.

PRIISWINNERS:

 

KNKB welpen famkes t.i.l A-Klasse. 

1: Lieke Tuiner (Makkum) en Marrit Bruinsma (Dronryp)

2: Anne Lotte van Beem (Dronryp) en Manouk Scharringa (Dronryp)

KNKB welpen famkes t.i.l. B-Klasse mei Herkânsing:

1. Rianne Osinga (Ingelum) en Britt Joustra(Lollum)

2. Minke Tjalsma (Bolsward) en Karin Mollema (Dronryp)

3. Jildou Sterk (Berltsum) en Maud Scheffer (Sexbierum)

Geplaatst op 25 June 2018