KNKB Jonges 6 maaie 2018

Op snein 6 maaie stie de earste wedstriid wer op itprogramma foar Jacob Klaver. Sa as al in oantal jier organisearret Jacob Klaverde KNKB jonges wedstriid. In moaie list fan 30 partoer en prachtich waar,  bettere yngredïinten foar in slagge keatsdeikoene we net winskje.  

KNKB Jonges 6 maaie 2018

Op snein 6 maaie stie de earste wedstriid wer op it programma foar Jacob Klaver. Sa as al in oantal jier organisearret Jacob Klaver de KNKB jonges wedstriid. In moaie list fan 30 partoer en prachtich waar, bettere yngredïinten foar in slagge keatsdei koene we net winskje.

Rûn 10 oere gie de dei los. It wie wer de earste KNKB jonges wedstriid, de Technyske kommisje die harren praatsje en dernei giene we gau los. De jonges hiene der wer sin oan.
Yn de earste omloop wiene der al spannende partijen. In oantal partijen eindige yn 5-5- 6-6. De partoeren wiene dúdlik oan inoar wage. Ek ien de twadde omloop bliuwn it spannend. Der sieten spannende partijen tusken en de jonges diene der alles oan om elts punt binnen te heljen. Yn de tredde omloop wie der in lyts dipje. De partijen wiene net hiel spannend en de bettere partoeren lieten sjen dat se toch krekt wat better wiene dizze dei. De heale finale yn de winnersrûne wie dúdlik. It partoer fan Karel Monfils, Jelger de Boer en Wessel Hilverda en it partoer fan Erik Minne Cats, Thomas Dijkstra en Jacob Klaas Dijkstra lieten sjen dat se yn foarm wiene en wûnen frij ienfaldich. De heale finale yn de ferliezersrûne wie spannender. Sa keatsten Allard Dijkstra, Pieter Toren en Aizo Veltman tsjin Ingmar Wijma, Jorn Lars van Beem en Simon van der Vaart. Dizze partij eindige yn 5 gelyk 6 gelyk. It partoer fan Ingmar Wijma pakte de winst en stie sa yn de finale tsjin it partoer fan Marten Jansen, Jasper Jager en Gerrit Hendriks.

De finale yn de winnersrûne gie tusken Karel Monfils, Jelger de Boer en Wessel Hilverda tsjin it partoer fan Erik Minne Cats, Thomas Dijkstra en Jacob Klaas Dijkstra. It wie redelijk spannend yn de finale, allinne it partoer fan Karel Monfils liet sjen de bettere te wêzen dizze dei. Sei wûnen mei 5-3 6-4.
De finale yn de ferliezersrûne gie tusken Ingmar Wijma, Jorn Lars van Beem en Simon van der Vaart tsjin Marten Jansen, Jasper Jager en Gerrit Hendriks. Dizze finale wie krekt wat minder spannend. It partoer fan Ingmar Wijma wie better en pakte al gau in foarsprong. It partoer fan Marten Jansen hat noch probeare om yn te heljen, allinne dit mocht net slagje. It partoer fan Ingmar Wijma wûn mei 5-2 6-6.

It wie wer in tige slagge keatsdei en wy wolle eltsenien tank sizze dy’t hjiroan meiholpen ha.

Winnersrûne:
1e priis: Karel Monfils (Kimswerd), Jelger de Boer (Hommerts) en Wessel Hilverda (Winsum)
2e priis: Erik Minne Cats (Menaam), Thomas Dijkstra (Berltsum) en Jacob Klaas Dijkstra (Morra)

3e priis: Jelle Cnossen (Bolsward), Jelmer Miedema (Goutum) en Jesse Kroondijk (Sint Annaparochie)
3e priis: Lucas Postma (Dronryp), Wessel Schraa (Wommels) en Wilke van der Meulen (Stiens)

Ferliesersrûne:
1e priis: Ingmar Wijma (Makkum), Jors Lars van Beem (Dronryp) en Simon van der Vaart (Spannum)
2e priis: Marten Jansen (Sexbierum), Jasper Jager(Dronyp) en Gerrit Hendriks (Lollum)

Geplaatst op 06 May 2018