Keetpartij en 50+ partij in grut sukses
Snein 25 juny wie de tredde edysje fan de keetpartij. Dit jier wie der ek in nije partij opsetten, nammentlik de 50+ partij.
Mei 12 partoer by de Keetpartij en 4 partoer by de 50+ partij wie it fjild goed fult dizze snein.
Yn de 50+ klasse waard der keatst yn trijetallen, de âldste dielnimmer wie 73 jier. Dit wie Durk Monsma.
Der waard poultsje keatst, dus der moast 3 kear keatst wurde. Der wie ien partoer krekt wat te sterk en wist alle partijen te winnen.
Yn de Keetklasse waard der trije kear lotte eltsenien siet trije kear by in oare maat. Wa dan oan it einde de measte earsten hie pakte de krâns.
De wiene 4 keatsers dy't trije kear wûnen, der waard nei de tsjin earsten sjoen en dat resultearre dat Jesse Heida de winner wie.
Nei de tiid wie it fjild gau opromme, ûnder it genot fan in hapke en drankje wie it noch lang gesellich yn de Wjukken. De neisit waard it langste folhâlden troch de 50+'ers, dizze kategory liet sjen dat se it bierdrinken noch net ferleard wiene.
Útslagen Keetpartij
Manlju:
1e priis: Jesse Heida
2e priis: Bart Zijlstra
3e priis: Rutger Fopma junior
4e priis: Geart Reitsma
Froulju:
1e priis: Jennie Terpstra
2e priis: Agnetha Jutte
Treastpriis:
Manlju: Jouke Bonekamp
Froulju: Anna Visser
Dan wie der ek noch in priis te winnen mei it reitsjen fan in parasol. Der leine op 'e boppe in oantal parasols, at dizze rekke waard koene je ek noch in priis winnen.
Der wiene trije persoanen dy't de parasol wisten te reitsjen: Kees Herder, Bart Zijlstra en Jelmer de Jong
Geplaatst op 02 July 2017