Keatskamp Jacob Klaver 2018
Ofrûne Himelfeart wie it safier. It keatskamp foar de jeugd fan keatsferiening Jacob Klaver. Keatsferiening Jacob Klaver bestiet dit jier 115 jier en ien kear yn de fiif jier wurdt der in keatskamp organisearre foar de jeugd.
Ofrûne Himelfeart wie it safier. It keatskamp foar de jeugd fan keatsferiening Jacob Klaver. Keatsferiening Jacob Klaver bestiet dit jier 115 jier en ien kear yn de fiif jier wurdt der in keatskamp organisearre foar de jeugd.
Der hiene 23 bern harren opjûn foar it keatskamp. Op tongersdei 10 maaie kamen alle bern op it fjild op om in sliepplak te sykjen yn ús tinte fan Wiersma Tenten- en Partyverhuur.
Dernei koene we gau begjinne mei ús programma. Om’t it waar noch net fantastysk wie ha we de warming up, fersoarge troch Sander Hageman Personal Training, binnen hâlden. It wie in super leuke warming up en de bern wiene al gau waarm en klear foar de trainingen. Tongersdei te moarns waarden de trainingen jûn troch Joke Koldijk, Nynke Wiedijk en Albert. Nei dizze trainingen koene de bern wer op krêft komme en ha we mei syn allen in broadsje knakwoarst iten. Nei iten binne we mei syn allen yn de auto stapt nei Dronryp, der stiene nammentlik Jennie Terpstra en Amarins de Groot (de trainers fan de bern) yn de tredde omloop fan de KNKB ôfdieling. Der bern fûnen it prachtich om ris by in echte KNKB wedstriid te sjen en fansels ha se Jennie en Amarins goed oanmoedige. Oan it ein fan de middei ha de bern noch in oantal spultsjes dien en ha we ôfsluten mei in twadde training dit kear jûn troch Jennie, Amarins en Albert. Om 18.00 stie der in hearlik miel makke troch Wietze en Jitske Geertsma klear. Nei iten koene de bern noch efkes boartsje en oefenje foar de bûnte jûn.
Om 20.00 begûn de bûnte jûn, alle bern ha tige harren best dien en it wiene moaie stikjes.
Nei de bûnte jûn hiene we noch in super gesellige disko. Wêrtroch de 1e dei fan it keatskamp gesellich ôfsluten waard.
Nei in kâlde nacht begûn de twadde keatsdei al betiid. De bern hiene der alwer betiid sin oan. Nei in goed ontbijt giene de bern wer los mei in trainingen. De bern wiene fanatyk oan it trainen en ha wer in soad leart. Nei de trainingen ha de bern in ruilspul troch it doarp dien. De bern krigen in teepûdsje mei en moasten sjen oft se it krekt sa lang ruilje koene oant se in grut foarwerp meikrigen. No dit is wol slagge, se kamen werom mei in matras, bureaustoelen, tûnstoelen en noch folle mear. Nei dit spul ha de bern genietsje kinnen fan pankoeken. Nei iten ha de bern earst wer in training hân en dernei ha se in leuk spul dien wer’t se kennis meitsje koene mei oare keatsspullen sa as it muorrekeatsen, keatstennis en Jeu de pelote. Nei in lytsskoft ha de bern noch in einspul dien, wylst de âlders al it sliepspul wer oprommen.
It wiene twa tige slagge keatsdagen en wy wolle alle bern, lieding en oare minsken dy’t meiholpen ha tige tank sizze.
Oer fiif jier ha we seker wer in keatskamp!!!!
Geplaatst op 15 May 2018