Jonker Sikke Partij 2020 is wûn troch Jesse Heida en Jant van Dijk..
Dit jier is de Jonker Sikke Partij oer twa wykeinen keatst. Troch de Coroana krisis hawwe wy it fjild oanpast sadat wy optimaal rekkening hâlde mei de oardel heale meter. Fjirtjin dagen lyn hawwe wy de earste wedstriid keatst. Nei dizze earste wedstriid wiene der noch 8 keatsers dy twa wedstriden wûn hiene. It twadde wykein wie der noch foldwaande spanning.
ôfrûne snein in reinige moarn, mar yn de middei wurdt it drûch. Om healwei ienen op it fjild, wêrby wy noch efkes betinke om de perken om te lizzen. Sneon by it fjildlizzen wie der al in soarte fan diskusje. In soarte fan diskusje want der wurdt yn prinsipe net diskusseare mei it haad fjildlizzen. De wyn siet dochs yn it westen, dus de perken omlizze.
Tusken de beide wykeinen binne de froulju fan de 35+ oan tafoege, Jant, Adelma, Maria en Hannke. Dit binne tsjintwurdich allegearre hiele fitte froulju want hja wurde op syn minst twa kear per wike op it sportfjild as by in sportskoalle sinjalearre. Hanneke wit dêrby sels de foarside fan de pleatslike krante de Skille te heljen. Dizze fjouwer froulju keatse twa tsjin twa en spylje yn totaal trije partijen. Jant wit dêrby trije kear te winne, Adelma einiget as twadde, Hanneke as tredde, Maria as lêste. De priis is in kuiertocht foar fjouwer nei Jonker Sikke mei in bon foar it terras. Kommende wedstriid kinnen der noch wol in pear froulju by.
Nei de earste wedstriid binne der noch acht keatsers dy twa kear hawwe wûn. Nei de tredde partij binne der noch trije keatsers oer dy't alles wûn hawwe. Jesse Heida, Reinder Bonekamp en Jelle Terpstra, se binnen de tredde partij bij elkoar en witte te winnen. It komt dus oan op de lêste partij wêrby Jesse de measte earsten wit te sammeljen. Reinder wurdt twadde en Jelle Terpstra wurdt tredde.
Sa komt in ein oan in slagge Jonker Sikke Partij, op de foto de priiswinners mei moaie krânsen. Makke troch de krânsen kommisje, hertlik tank dêrfoar. It grien by de famylje Bonekamp is op dus wy binne op syk nei alternativen.
Geplaatst op 09 June 2020