Jonker Sikke Partij 2018

Op snein 27 maaie wie de jierlikse Jonker Sikke Partij.Der wiene dit jier net in soad opjeftes foar dizze partij. Gelokkich wiene der noch wol in oantal keatsers (in soad dy’t de jûns der foar ek nei Hy-night west binne) die harren wol opjûn hiene wêrtroch we dizze moaie partij toch trochgean litte koene. 

Jonker Sikke Partij 2018

Jonker Sikke Partij 2018

Op snein 27 maaie wie de jierlikse Jonker Sikke Partij. Der wiene dit jier net in soad opjeftes foar dizze partij. Gelokkich wiene der noch wol in oantal keatsers (in soad dy’t de jûns der foar ek nei Hy-night west binne) die harren wol opjûn hiene wêrtroch we dizze moaie partij sponsore troch Jonker Sikke toch trochgean litte koene.

Sa as elts jier mei dizze partij waard der wer trije kear lotte en dat soarget der foar dat je eltse omloop wer mei oare persoanen keatse. It wie dit jier spannend oan’t de priisútrikking. Der wiene twa keatsers dy’t like folle foar as tsjin earsten hiene. Der waard lotte en dat soarge foar de folgende útslach.

1e priis: Jesse Cuperus
2e priis: Jelmer van der Valk
3e priis: Jan Reitsma

Geplaatst op 04 June 2018