JK fan JK hat mar leafste 43 jeugdkeatsers op it fjild
Ofrûne snein wie de earste ledenpartij foar de jeugd fan Jacob Klaver. De JK fan JK is al moannen oan it tarieden en kin no eindelijk súnt in pear wike los.
Al in pear wike ha de jeugdleden wer traine kinnen op moandei en freedtejûn.
Mar ôfrûne snein koe dan ek echt it ledekeatsen wer los.
Mei mar leafst 43 bern op 'e liste waard der echt prachtig keatst. Der waard keatst yn ferskiedene fjilden sa't de bern inoar net yn it paad rinne koene.
It wie prachtig om te sjen dat der wer aksje wie op it sportfjild fan Mantgum.
Freed 19 juni sil de folgende ledepartij foar de jeugd organisearre wurde.
Hulde foar de JK fan JK dy't harren eltse wike wer mei in soad enthousiasme en wille ynsette foar ús jeugdleden.
Geplaatst op 02 June 2020