Jan Dirk de Groot kening fan Mantgum

25 jier nei’t syn grutte broer Sjirk Gjalt de keningspriis yn Mantgum ophelle, wie it no Jan Dirk de Groot dy’t kening waard en tegearre mei syn maten Elgar Boersma en Pier Piersma de winners waarden fan de 72e edysje fan de Lytse PC.

Jan Dirk de Groot kening fan Mantgum

Mei 20 pertoer op ‘e list wie it dit jier in Lytse PC dy’t de muoite wurdich wie. Dat wienen 12 mear as it jier dêrfoar en dat is ek wat alle frijwilligers fan keatsferiening “Jacob Klaver” fertsjinje. Nei alle enerzjy dy’t sy der ynstekke, is it moai dat der ek genôch animo foar de partij is.

It waar wie prachtich en yn de earste omloop wie de spannendste partij dy tusken it pertoer fan André van Dellen en Rutmer van der Meer. Lêst neamde keatste mei syn soan Verry en Jan-Tymen Eisma dy’t dit jier noch ynfoel foar Erwin Zijlstra op de ‘grutte’ PC.

Yn dy partij waard it 4-4 en 6-6 en op dy stân wie it Willem Heeringa dy’t de keats pakte en foar it pertoer fan Van Dellen de 5-4 foarsprong pakte. Mar it pertoer fan van der Meer knokten harren werom en it wie Rutmer van der Meer, fansels ek âld-winner fan de grutte PC, dy’t de partij op 5-5 en 6-2 útmakke troch in moaie sitbal.

Yn ‘e twadde omloop wie it Gjalt Sjirk de Groot dy’t de eare foar Mantgum heech besocht te hâlden. 25 jier lyn wie syn heit noch de winner fan de Lytse PC, mar Gjalt koe net yn de fuotprinten fan syn heit komme, want hy ferlear yn ‘e twadde omloop mei 5-3 en 6-4 fan it pertoer fan Wierd Baarda.

De twa partijen yn de tredde omloop gienen tusken Elgar Boersma en Johan Diertens en de pertoeren fan WIerd Baarda en Jelle Attema.

Elgar Boersma keatste mei de twa ‘oud gedienden’ Jan Dirk de Groot en Pier Piersma. De ûnderfining yn dit pertoer wie by flagen goed sichtber. Dizze mannen witte krekt wat se wol of net dwaan moatte, stean altyd te plak en dat makke dat se maklik nei de heale finale trochsteame koene.

Yn it oare perk wie it pertoer fan Jelle Attema fiersten te sterk foar Wierd Baarda-en-dy. Dy partij waard beslist op 2-5 en 0-6. Dêrmei stelden sy fuort in plakje yn de finale feilich, want yn de heale finale hienen sy in steand nûmer.

De heale finale waard in spannende partij tusken Elgar Boersma en Paul Dijkstra. De partij gie foar in grut part gelyk op, mar it pertoer fan Dijkstra koe in gatsje pakke fan twa earsten en kamen mei 5-3 foar. Boersma kaam werom oant 5-4 en mei troch sterk opslach- en úslachwurk fan Jan-Dirk de Groot waard it 5 earsten gelyk. Yn it lêste earst koe it pertoer fan Elger Boersma it ek noch winnend ôfslute en op 5-5 en 6-2 foel de lêste slach.

De finale like in walk-over te wurden foar it pertoer fan Elgar Boersma. It taktysk fermogen en de slachkracht fan it trio Boersma, Piersma en de Groot wie foaral ek yn ‘e finale te grut foar de tsjinstanners. It koe hast net mis mear en se kamen op in 5-1 en 6-6 foarsprong. De sitbal dy’t Attema doe sloech like in útstel fan ekskúsysje. Mar it waard noch 5-3 en doe’t Jan-Dirk de Groot net mear fierder koe fanwege kramp, liken Attema-en-dy dochs noch in kâns te krijen. Mar dy hoop waard troch Elgar Boersma fakkundich fuortslein. Hy naam it plakje fan de Groot foaryn oer en hufte de earste de bêste bal dy’t er krigen fuortendalik oer de boppe. Doe wie it ek gau die en koenen de Jan-Dirk de Groot, Pier Piersma en Elgar Boersma de krânsen ophelje by de bestjoerstinte.


Sifers earste omloop

Remmelt Bouma c.s. – Elger Boersma c.s. 1-5 2-6

Jelmer Jonker c.s. – Rutger Toornstra c.s. 2-5 4-6

Gerard de Vries c.s. – Thom Stellingwerf c.s. 4-5 2-6

Redmer Zaagemans c.s. – Johan Diertens c.s. 3-5 6-6

Wierd Baarda c.s. – Tjalling Feenstra c.s. 5-5 6-4

Jari Visser c.s. – Lieuwe van der Werf c.s. 5-3 6-0

Jelle Attema c.s. – Iwan Hiddinga c.s. 5-3 6-6

Jorrit Feenstra c.s. – Johan Sipma c.s. 4-5 2-6

Andre van Dellen c.s. – Rutmer van der Meer c.s. 5-5 4-6

Corné Tuinenga c.s. – Paul Dijkstra 1-5 6-6


Twadde omloop

Elger Boersma c.s. – Rutger Torensma c.s. 5-3 6-0

Thom Stellingwerf c.s. – Johan Diertens c.s. 2-5 2-6

Wierd Baarda c.s. – Jari Visser c.s. 5-3 6-4

Jelle Attema c.s. – Johan Sipma c.s. 5-3 6-2

Rutmer van der Meer c.s. – Paul Dijkstra c.s. 2-5 4-6


Tredde omloop 

Elgar Boersma c.s. – Johan Diertens c.s. 5-2 6-4

Wierd Baarda c.s. – Jelle Attema c.s. 2-5 0-6

Paul Dijkstra c.s. steand nûmer


Heale finale 

Paul Dijkstra c.s. – Elgar Boersma c.s. 5-5 2-6

Jelle Attema c.s. steand nûmer


Finale

Jelle Attema c.s. – Elgar Boersma c.s. 3-5 2-6


Geplaatst op 13 September 2022