Iepen Kampioenskip Pearke Teatsen 2017
Snein 23 july wie it jierlikse iepen kampioenskip Pearke Teatsen yn Mantgum. It wiein drok wykein mei ferskate merkes en it begjin fan de Spulwike. Ditresultearre yn minder partoer op ‘e list dan ferline jierren.
Mar mei dochs in 29 partoer op ‘e list wie om 9.30 de start fan de 11e edysje fan it Pearke Teatsen. It wie noflik waar, sa no en dan wol in bui, mar der lieten de measte teatsers harren dei net troch bedjerre. Yn de earste omlopen waarden der spannende partijen teatst. Eltsenien wie wer fanatiek en der kamen wer in soad moaie aksjes foarby. Wedstriidlieder Hendrik Poppema hie alles best ûnder kontrôle en healwei de middei koene we dan ek al los mei de heale finales.
Yn de earste heale finale yn de winnersrûne namen Richtsje en Bote Strikwerda it op tsjin Marijke Keuning en Arjen Talsma. Marijke en Arjen ha probearre it de Spannumers sa lestich mooglik te meitsjen, mar dit slagge net. Sei ferlearen de heale finale mei 5-2 6-6. Yn de oare heale finale namen Janna Bokma en Hedzer Fennema it op tsjin Lyssa van der Ende en Sander Hageman. Dizze heale finale waard mei 5-3 6-4 wûn troch Lyssa en Sander.
Yn de heale finale yn de ferliezersrûne wie it partoer fan Martine Miedema en Haaye Miedema krekt wat sterker dan it partoer fan Hendrika Reitsma en Bart Zijlstra. Haaye en Martine wûnen dizze heale finale ienfâldich mei 5-2 6-2. De oare heale finale gie tusken it partoer fan Trees Fopma en Hidde Jonker tsjin Margit Cnossen en Jeroen Haarsma. It wie in spannende partij wer’t Trees en Hidde oan it langste ein lutsen. Mei 5-4 6-6 wûnen sei de partij en wie de twadde finalist yn de ferliezersrûne ek bekend.
De finale yn de winnersrûne gie tusken de partoeren Richtsje Strikwerda en Bote Strikwerda en Lyssa van der Ende en Sander Hageman. De finale waard net in partij die it wêze matten hie. Lyssa en Sander wiene net op harren best en makken te folle flaters. Yn de partij waard der trije kear op 6-6 keatst, wêrfan Lyssa en Sander eins twa kear it earst pakke matten hiene. Spitich slagge dit net en waard der frij ienfâldich wûn troch Richtsje en Bote mei 5-1 6-2.
De finale yn de ferliezersrûne waard ek gjin echte finale. Mei 5-2 6-4 wiene Martine Miedema en Haaye Miedema te sterk foar it partoer fan Trees Fopma en Hidde Jonker.
Nettsjinsteande in minder oantal partoer wie it wer in tige slagge dei.
Nei ôfrin wie it noch lang gesellich yn de Wjukken mei live muzyk fan Sander Metz.
Utslach:
Winnersrûne:
1e priis: Richtsje Strikwerda (Spannum) en Bote Strikwerda (Spannum)
2e priis: Lyssa van der Ende (Mantgum) en Sander Hageman (Baard)
3e priis: Janna Bokma (Reduzum) en Hedzer Fennema (Reduzum)
3e priis: Marijke Keuning (Wiuwert) en Arjen Talsma (Mantgum)
Ferliesersrûne:
1e priis: Martine Miedema (Hijlaard) en Haaye Miedema (Stiens)
2e priis: Trees Fopma (Mantgum) en Hidde Jonker (Mantgum)
Geplaatst op 14 August 2017