Ids van der Ende Famyljekeatsen
Op snein 10 juny wie it Ids van der Ende Famyljekeatsen op it sportfjild fan Mantgum. Dit jier wat oars as oare jierren.
Yn it ferline wiene it altyd twa aparte partijen, allinne troch alle drokte hjoed de dei hat it bestjoer besletten om dizze partijen te koppeljen. De dielname foel tsjin, der stiene mar seis famyljes op ‘e list. Mar de famyljes dy’t der wiene lieten sjen dat se noch mei in soad wille keatse. Der waard keatst mei in grutte bal en dat soarget sa as elts jier wer foar moai tuskenspul en hilarische mominten.
De Ids van der Ende partij is neamd nei ús earelid, bakker Ids van der Ende. Elts jier wurd ek de famylje van der Ende wer útnoege om by dizze partij oanwêzich te wêzen. Ofrûne snein kamen ek Anneke van der Ende-Bloem en Hylke van der Ende efkes by it keatsen sjen, wat wy fansels hartstikke moai fûnen.
Der waard hjir en der spannend keatst. It wie wol dúdlik dat at je mei in grutte bal keatse der in soad mear ballen mooglik binne dan dat je eins ferwachtsje. De finale gie tusken it partoer fan famylje Heida/Hempenius en de Famylje Klaversma/van Sinderen. It wie in spannende finale wer’t it partoer fan de famylje Heida toch oan it langste ein luts. It wie foar Jesse en Jan de earste krâns fan it keatsseizoen, mar sûnder mem Hanneke wie dit fansels nea slagge.
De finale yn de ferliesersrûne gie tusken de famylje van der Ende en de Famylje Terpstra. Dit wie ek in spannende finale, allinne op in stân fan 5-4 6-4 wie it de Famylje van der Ende dy’t de tredde priis mei nei hûs naam.
Priiswinners:
1e priis: Famylje Heida/Hempenius: Hanneke Hempenius, Jan Heida en Jesse Heida
2e priis: Famylje Klaversma/van Sinderen: Pieter Klaversma, Margiet en Kevin
3e priis: Famylje van der Ende: Gosse van der Ende en Lyssa van der Ende
Geplaatst op 13 June 2018