Grins wint foar tredde kear op rige de Jong Famme partij
Oan de hân fan in sterke Anne Monfils wie it keatsferiening Grins dy’t op de santjinde Jong Famme partij de winst nei har ta luts. Oer de hiele dei sjoen, hienen de froulju fan de ‘De Sterke Earm’ mar sân earsten tsjin en dan kinst wol sizze datst de terjochte winner bist. Foar Hiske Zeinstra en Anne Monfils wie dit al de tredde kear op rige dat se de sjampanje oan de ein fan de dei ûntkoarkje mochten. Yn de twa foarige edysjes dienen se dat mei Marrit Zeinstra, dit jier wie dat mei Aletta van Popta.
Troch de ferwachte waarmte wie yn it foar it beslút nommen om de partij om 9 oere te starten. Dat wie in goede kar, want dy ferwachtingen waarden wier. Op it smûke keatsfjild tusken de beammen wie weinich wyn te fernimmen en yn kombinaasje mei in fûle sinne soarge dit der foar dat de temperatuer oant ekstreme hichten rikke koe.
Lokkigernôch hie de keatsferiening yn gearwurking mei tintebouwer en stiper Wiersma der foar soarge dat der in pear tinten om it fjild stienen, sadat der wol wat plakjes wienen dêr’st yn it skaad sitte koest. De organisaasje fertsjinnet wat dat oanbelanget wol de kompliminten, want njonken de foarsoarchsmaatregels om de waarmte hinne, hienen sy fansels ek te dwaan mei de regels en fergunnningen om it coronafirus hinne en alles wie prima foar elkoar.
Krekt nei ’t de earste partoeren los wienen, krigen wy it tryste berjocht dat âld-foarsitter Popke van der Zee dy moarns stoarn wie. Popke wie ien fan de initiators en mei-oprjochter fan de Jong Famme partij. Dêrnei hat er ek noch belutsen west, sa wie Popke twa jier lyn doe’t er al siik wie, noch wedstriidlieder west fan de partij. Foarôfgeand oan de finale ha wy in minút stilte yn acht nommen om it libben fan Popke te betinken.
Op de list stienen dit jier 17 partoer. Grutte favoryt foar de einoerwinning wie Wommels mei haadklasse keatsters Martzen Deinum en Sjanet Wijnia tegearre mei earste klasse keatster Rixt Wijnia. Dochs koe Wommels net oertsjûgje yn Mantgum. Se kamen noch wol yn de heale finale. Yn de earste omloop wûnen se fan Jirnsum, de twadde omloop bleaunen se stean, dêrnei wûnen se fan Seisbierrum-Pietersbierrum, mar yn de heale finale tsjinoer in sterk Makkum, kamen se krekt te koart.
De Makkumers keatsten de hiele dei deechlik mei de nichtjes Larissa en Anouk Smink yn it perk en in sterke Kim Dijkstra oan de opslach. Tsjin Wommels keatsten sy ek sterk en kamen dêrtroch mei 4-2 yn earsten foar te stean. Yn it dêrop folgjende earste kaam Wommmels op in 6-4 foarsprong en like wer oan te sluten, mar troch in bûtenslach fan Martzen Deinum en in knappe boppeslach (stiif heech foaryn opslein troch Sjanet Wijnia) fan Larissa Smink, kaam Makkum op in 5-2 foarsprong. Doe moast Wommels yn de efterfolging en dat like ek te te slagjen, al gie it dreech. Wommels makke fiif earsten gelyk troch ien kear op 6-4 en twa kear seis gelyk it earst te pakken.
Yn it lêste earst lieten de froulju Smink efkes harren kwaliteiten sjen troch trije ballen oer de boppeline te slaan. Larissa hie noch in knapper en dat makke 6-2. Nei’t der troch Wommels in keats lein wie, wie it Kim Dijkstra dy’t foar Makkum opslaan mocht. De bal wie plat foaryn en de froulju fan Wommels seagen de bal foar. De karmaster op de foarline seach it oars en joech de bal yn. Dy beoardieling waard troch skiedsrjochter Sipke Hiemstra oernommen en dat makke dat Makkum yn de finale kaam te stean.
Yn de finale moast Makkum it opnimme tsjin Grins, dat mei Anne Monfils in echt topkeatster yn hûs hat. Sy liet yn Mantgum sjen dat se oer útsûnderlike kwaliteiten beskikt, sawol oan de stuit as yn it perk. Mei help fan Hiske Zeinstra foaryn en Aletta van Popta as de foarminst opslagger, wie Grins frij maklik oant de finale kommen.
Dêr troffen se dus Makkum, dy’t yn de heale finale sjen litten hienen dat se net bang wienen foar in op papier bettere tsjinstanner. Dochs wie it Grins dat better út de startblokken kaam en al gau mei trije om ‘e neat foar kaam. Dêrnei pakten sy beiden in buortsje, wêrtroch in 4-1 oan de tillegraaf kaam te hingjen. Mei in boppeslach op 6-6 hold Larissa Smink Makkum noch yn de wedstriid en makke der 4 om ‘e 2 fan. It sande earst like ek nei Makkum te gean, se kamen mei 6-2 foar. Mar op dat stuit wie it Anne Monfils dy’t efkes op stie. Se sloech ien boppe, Anouk sloech ien bûten en op 6-6 wie it wer Anne dy’t in prima opsleine bal fanôf heuphichte rjochting de tinten efter de boppenline jaagde en Grins op in fiif om ‘e twa foarsprong sette. Dêrmei wie it ferset fan Makkum wol brutsen en op 5-2 6-2 foel de leste slach.
Skelte Anema
Alle útslagen:
Earste omloop
Boalsert – Minnerstgea 4-5 6-6
Easterein - Berltsum 5-0 6-0
Ried - Ie 3-5 4-6
Dronryp - Mantgum 1-5 2-6
Workum - Grins 2-5 6-6
Grou - Goengea 5-5 6-6 Grou wint
Makkum - Marsum 5-4 6-2
Jirnsum - Wommels 3-5 0-6
Seisbierrum-Pietersbierrum
Twadde omloop
Seisbierrum-Pietersbierrum - Minnertsgea 5-1 6-2
Easterein - Ie 5-1 6-0
Mantgum - Grins 2-5 0-6
Grou - Makkum 1-5 0-6
Wommels
Tredde omloop
Wommels - Seisbierrum-Pietersbierrum 5-1 6-2
Easterein - Grins 1-5 4-6
Makkum
Heale finale
Makkum - Wommels 5-5 6-2
Grins
Finale
Grins - Makkum 5-2 6-2
Geplaatst op 09 August 2020