Gjalt, Ignas en Jelle winne tredde priis op NK jonges!!

Ofrûne sneon ha Gjalt, Ignas en Jelle in knappe tredde priis pakt op it NK Jonges yn Berltsum.

Gjalt, Ignas en Jelle winne tredde priis op NK jonges!!

Yn de earste omloop keatsten de jonges tsjin it partoer fan Achlum. Dizze partij waard ienfaldich wûn mei 5-1.
Yn de twadde omloop ha de jonges mei 5-3 6-6 wûn fan Jellum-Bears.
Yn de tredde omloop hiene de jonges in pittige tsjinstanner, se keatsten tsjin Reduzum. Mantgum keatste goed en wûn frij ienfaldich mei 5-2

Trochdat de jonges yn de fjirder omloop stean bliuwne, stiene se yn de heale finale.
Dizze waard keatst tsjin Hommerts-Jutryp, de jonges starten de wedstriid net goed en kamen al gau 3-0 efter. Mar se pakten it goed op en koene it wer lyk meitsje tot 5 earsten gelyk. Troch in pear foutjes en in disutable beslissing ferleren de jonges spitigernôch mei 5-5 6-4.

In knappe tredde priis!! Lokwinske!!


Geplaatst op 17 June 2018