Gert Anne vd Bos twadde op PC 2018

Gert Anne van der Bos en syn maten Teake Triemstra en Tsjisse Steenstra binne ofrûne woansdei twadde wurden op de PC yn Frjentser.

Gert Anne vd Bos twadde op PC 2018

Yn de earste omloop wûn it partoer mei 5-2 6-2 fan it partoer fan Arnold Zijlstra, Pier Piersma en Haye Jan Nicolay.
Yn de twadde omloop wûn it partoer mei 5-0 6-4 fan it partoer fan Auke Boomsma, Marten Feenstra en Laas Pieter van Straten.
Yn de heale finale stie in spannende partij op it programma tsjin it partoer fan Enno Kingma, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. It partoer fan Gert Anne wie allinne oppermachtig en wûn mei 5-1 6-6.

Yn de finale moast it partoer it opnimme tsjin it partoer fan Peter van Zuiden, Thomas van Zuiden en Allard Hoekstra. Nei in spannende finale ferlear it partoer fan Gert Anne dizze spitigernoch mei 5-5 6-2.

Lokwinske mei de twadde priis!!


Geplaatst op 02 August 2018