FEDERATIE LITTENSERADIEL ALLE CATEGORIEËN JEUGD

Sneon 9 juny 2018 hie kf Jacob Klaver de eare om boppensteande keatspartij te organisearjen.

It keatsen begong om 13.00 oere en it wie hast 17.00 oere doe’t de lêste slach foel.

FEDERATIE LITTENSERADIEL ALLE CATEGORIEËN JEUGD

Der wiene net sa folle bern dat harren opjûn hiene.

Foar de kategoryen “welpen 3, pupillen 9 , schooljeugd 3 en jongens/meisjes 1.”

De welpen en pupillen binne byelkoar setten, lykas de schooljeugd en jongens/meisjes.

De welpen/pupillen ha keatst yn in poule A en B, sadat elts 2 kear keatse koe en dernei de finale en om de tredde priis.

De schooljeugd/jongens/meisjes hat eltsenien foar him sels keatst en koene sa 3 kear keatse.

It waar koe net better en klupskiedsrjochter Jelle Anema hat de hiele middei gjin argewaasjes hân, tige ynoarder.

Priiswinners:

 

Welpen & Pupillen

1e priis:  Andries Geertma, Mantgum en Klaske Gaastra, Kûbaard.

2e priis:  Daan Terpstra, Wiuwert en Stientsje Geertsma, Mantgum.

3e priis:  Johan Gaastra, Kûbaard en Kiano Terpstra, Wiuwert.

Schooljeugd & Jongens/Meisjes:

1e priis:  Fenna van der Mark, Britswert.

2e priis:  Folkert Gaastra, Kûbaard.

Geplaatst op 13 June 2018