Famyljekeatsen 2017
Op freed 14 july wie it wer sa fier: de striid tusken de ferskillende stammen fan Mantgum en omstreken. Dit jier wienen der njoggen partoeren dy’t sich opjûn hienen. Dit wie in oantal minder as foargeande jierren. Soe dit troch it waar komme? De begjintiid fan 18.30 waard net helle yn elts gefal, want it reinde dat it spielde! De boskjes en it keatshokje waarden goed brûkt en efkes letter koe de hiele boel los. Der wienen spannende partijen en minder spannende partijen, mar yn elts gefal waard der hiel gesellich en fanatyk keatst. Dat der mei in grutte, sachte bal spile wurdt helpt hjirby allinich mar.
Yn de earste omloop ferlearen Jan en Jesse Heida frijkânsleas fan Jehannes en Wisse Arendz. Soe op basis hjirfan ek beslist wurdewa’t oare wike yn it earste fan de Fearhúshoeke keatse mei?
De winner fan foarich jier, de famylje Anema, hie it dreech en ferlear deearste omloop fan Jan, Maria en Willem, sadat ek de famylje Reitsma trochgienei de twadde omloop.
Lyssa van der Ende, Hedwich Stienstra en Sander Hageman wienen mear ervaren asBaukje Stienstra en har maten Margriet de Vries en Kevin Groothuizen. Deletsten ferlearen, mar wienen bliid mei elk punt dat pakt waard en seagen yn deferliezersrûnde toch ek mear kansen.
It leste potsje wie tusken de famylje Terpstra en de famylje Bonekamp. Deletsten pakten tsjin de ferwachting yn hiel flot in moaie foarsprong en likenof te denderjen op de sensaasje fan de jun. Mar foardat se it útmeitsje koenensetten de famylje Terpstra de boel efkes op skerp en wist it dochs noch om tedraaien.
Yn de twadde omloop lieten Jan en Jesse Heida sjen nethielendal foar neat kommen te wezen en stjoerden Baukje, Margriet en Kevin mei5 – 1 nei hûs. Mei disse oerwinning yn’e bûse koenen sy sich opmeitsje foar definale fan de ferliezersrûnde. Dy moasten sy keatse tsjin de winner fanBonekamp – Anema. De ferwachtings foar beide wienen heech. Bonekamp hast instunt tsjin ien fan de favorieten en Anema de winner fan foarich jier. DeBonekampen lieten sjen net twa kear ferlieze te wollen en wunen de moaiewedstryd.
De finale tusken de Bonekampen en de Heida’s wie ien meisawol sportyf as ferbaal geweld. De Heida’s winne dit op ferbaal gebied rom,mar hjoed gie it om it keatsen en dermei koenen de Bonekamp mannen de treddepriis binnenhelje. Hjir mei noch wol by fermeld wurde dat Jouke Bonekamp inklasse apart wie fannejun. Foaral yn it tuskenspul wie him gjin bal fertroud enmakke hy de moaiste aksjes!
Yn de winnersrunde koe yn de twadde omloop de famylje De Grootyn it spier nei yn de earste omloop steanbleaun te wezen. Sy moasten oantredetsjin Jehannes en Wisse Arendz. Dit wie in spannende partij, mar eintsje beslútluts De Groot oan it langste ein. Sy hienen natuurlik ek noch net yn it spierwest, dus hienen noch alle energie fan de wrald.
De famylje Van der Ende moast yn de twadde omloop wat hurder oan de bak as deearste en moast no tsjin Joke, Jennie en Jelle. Dit wie in moaie partij om tesjen mei atletische hoogstandjes fan beide kanten. Mar de trije J’s wienenkrekt wat kompleter en koenen de partij binnenhelje op 5 – 3.
De Reitsma’s hienen no in steand nûmmer en wienen dermei al klear foar de healefinale.
De heale finale gie tusken de Reitsma’s en de De Groten. Oppapier in lestige pot foar de Reitsma’s, mar it famyljekeatsen is altyd inpartij op sich. Mei ferskillende opstellingen waarden der ferskillende puntenbinnenhelle. Wilem fun allinich wol dat syn mem net sa goed troch de knibbelsgie. Maria fûn it moai dat Willem noch safolle fan har ferwachte, allinich woljammer dat sy se net wiermeitsje koe. De oerwinning wie úteinlik foar de DeGroten wermei de finale gean soe tusken de Terpstra’s en de De Groten.
Sjirk krige it allinich al wat dreeger en hie fersterkingynroppen. Amarins har freondsje Jorrit Meinsma waard it fjild binnenhelle,sadat Sjirk yn elts gefal net mear in dûbele funskje hoechde te ferfullen. Itdie bliken dat dit goed wie, want under in genot fan in hiel soad rein waard defamylje De Groot frij maklik winner fan it famyljekeatsen 2017.
In moaie keatserij en in moaie neisit dy’t pas syn einde funom in oere as 02.30 mei in nij bestjoerslid en goeie omset foar de Wjukken.
Útslach:
1e: Famylje de Groot mei Sjirk Gjalt de Groot,Amarins de Groot en Jorrit Meinsma
2e: Famylje Terpstra mei Joke Koldijk, Jennie Terpstra en JelleTerpstra
3e: Famylje Bonekamp mei Menno, Jouke en Reinder Bonekamp
Geplaatst op 19 July 2017