Eastereiner froulje winners Jong Famme Partij

Ferslach: Skelte Anema
Foto's: Jelmer Jonke
r

It partoer fan Easterein hat de 19e edysje fan de Jong Famme Partij op harren namme skreaun. De susters Roelie en Corrie Koondijk wûnen tegearre mei Jeska Terpstra terjochte de krâns yn Mantgum.

Eastereiner froulje winners Jong Famme Partij

Mei mar 12 pertoer op ‘e list wie it net de meast drok besette edysje fan de Jong Famme Partij. Mar de pertoeren dy’t der wol wienen, hawwe der in moaie keatsdei fan makke.

Earste omloop

Yn de earste omloop wie de ynteressante moeting tusken Easterein en Dronryp. De Rypsters keatsten ûnder oaren mei Senne Idsardi en Lisanne Scharringa dy’t op 22 juny noch de famkes bûn wûnen. Mar tsjin Easterein kamen se der wins ne oan te pas. De froulju út Dronryp kamen op 3-1 6-6 noch wol werom oant 3-2, mar as de dames fan Easterein dan even oansette komme se al gau op 5-2 en meitsje se de partij dien op 5-2 en 6-2.

De moaiste partij fan de earste omloop is dy tusken Grins en Boalsert. Grins komt mei harren twaen al gau op in 4 om ‘e neat foarsprong. Benammen Fiera de Vries fan Grins lit even sjen hoe goed se keatse kin. Sawol op as út is sy ien fan de bêste keatsters fan dizze kategory. Op 4-0 en 6-6 slacht se lykwols de bal bûten by in grutte keats, wêrnei’t Boalsert wer wat hope krijt en weromkomt oant 4-4. Mar ek de froulju fan Grins toane dan fearkrêft en meitsje de partij út op 5-4 6-4.


Alle útslaggen earste omloop:

1. Easterein 2. Dronryp I 5-2 6-2

3. Reduzum 4. Mantgum 0-5 4-6

5. Tsjom 6. Winsum 1-5 0-6

7. Grins 8. Boalsert 5-4 6-4

9. Goaiïngea 10. Seisbierrum/Pietersbierrum 5-2 6-6 

11. Dronryp II 12 Makkum 3-5 0-6


Twadde omloop

Yn de twadde omloop kin Mantgum it Easterein net echt dreech meitsje. De start is noch wol goed fan Mantgumer kant. Mar ek foar de Mantgumers binne de Eastereiners te goed en as se op 5-2 en 6-2 de bal foarby slaan bestjut dat foar harren in plakje yn de heale finale.

Grins is te sterk foar it partoer fan Winsum en wint mei 5-2 en skjinne 6.

De spannendste partij fan de twadde omloop en fan de hiele dei wie dy tusken Goaiïngea en Makkum. De Goaiïngeasters dy’t foaral op de opslach in hiel sterke yndruk makken, kamen op in 4-2 foarsprong. Mar de Makkumers keatsten foar elts punt en setten harren klauwen yn de wedstryd. Dat slagge en se kamen werom oant 4-4. It is Goaiïngea dy’t as earste op de fiif buorden komt en in matchpoint krijt op 5-4 en 6-6. Mar troch in knapper fan Iris Oosterbaan yn it perk is de partij dan noch net dien en wurdt it fiif earsten gelyk. Ek it lêste earst giet lyk op en op 5-5 6-4 lykje de bêste papieren dan ynienen foar Makkum. Der leit in lytse keats en Makkum stiet yn it perk. Moniek Lootsma slacht de bal op foar Goaiïngea en docht dat sa goed dat de Makkumers de bal net foldwaande ferwurkje kinne en dan komt alles oan ’e hang. Makkum slacht in keats krekt foar de middelline. De lêste slach is dan foar Iris Oosterbaan, want sy passearret dy keats en soarget derfoar dat har partoer yn de finale komt te stean, want yn ‘e heale finale bliuwe sy stean.


Alle útslaggen twadde omloop:

1. Easterein 4. Mantgum 5-2 6-2

6. Winsum 7. Grins 2-5 0-6

9. Goaiïngea 12. Makkum 5-5 6-6

 

Heale finale 

De heale finale gie tusken Easterein en Grins. Yn earste ynstânsje like it drege opgave foar de froulju fan Grins. En dat die úteinlik ek wol bliken. De froulju fan Easterein hienen in kompleter partoer as dat fan Grins. En net allinnich mar omdat Grins mar mei harren twaen keatsten. De Eastereiners hienen mei Jeska Terpstra en Roelie Kroondijk twa prima opslagers en Corrie Kroondijk en dyselde Jeska Terpstra fagen yn it perk ek harren plak mear as skjin. De Eastereiners komme al gau mei in earst foar en op 1-0 6-6 is it Fiera de Vries dy’t de op in bal slacht dy’t bûten liket te wêzen en dan wurdt it 2-0 foar Easterein. Grins makket 2-2 en dan slacht Fiera in bal boven en lykje de rollen even omdraaid. Mar ek dan bliuwe de Eastereiners koel en rinne yn no time út nei 5-2. Grins pakt noch wol in buordsje, mar op 5-3 en 6-2 makket Easterein der in ein oan en stelle dêrmei it plakje yn de finale feilich.


Utslach heale finale:

1. Easterein 7. Grins 5-3 6-2

Finale

Foar twa fan de froulju fan Goaiïngea wie dit it twadde jier op rige dat se yn de finale stienen. Iris Oosterbaan en Moniek Lootsma ferlearen doe mei Andrea Kroes de finale fan Mantgum en sy wienen dus ekstra motivearre om hjoed oan de ein fan de dei wol mei de krânse om ‘e nekke te stean.

Mar it sterke Easterein hie oare plannen en stie al gau mei 3-0 foar en dêrmei like it in walk-over te wurden. Dochs komt Goaiïngea werom oant 3-2. It is dan Easterein dy’t fjouwer earsten pakt en it folgjende buordsje hat Goaiïngea de kâns om wer oan te sluten. Foaral as de opslachbal fan Easterein op dy stân bûten liket te gean. Spitigernôch foar de Goaiïngeasters hat Iris Oosterbaan op de bal slein en dêrmei wurd it 5-2 foar Easterein. IT wurdt 4-4 en dêrmei liket Easterein op wei de oerwinning en liket neat har mear yn it paad te stean. De skrik is dan ek grut as Corrie Kroondijk nei in útslachbal op de grûn lizzen bliuwt. Se moat nei de fysioterapeute en liket net fierder te kinnen. Iris Oosterbaan sjoch har kâns skjin en ramt op 4-4 de bal in ein boven. Mar dat komt Corrie dochs wer werom it fjild yn. It wurdt 6-6 en dan is it wer Iris dy’t Goaiïngea yn libben hâldt troch in boppeslach. Mar op 5-3 is it ferset fan Goaiïngea wol brutsen en op 5-3 en 6-4 falt de lêste slach en kin Easterein de sjampanje ûntkoarkje. In terjochte en weardich winner fan dizze 19e edysje fan de Jong Famme Partij.

Geplaatst op 03 July 2022