De sterke earm fan de Zeinstra’s en Monfils
De Jong Fammepartij fan 2019 is wûn troch it partoer fan Grins mei Hiske Zeinstra,Marrit Zeinstra en Anne Monfils. It is foar de twadde kear op rige dat dehaadpriis nei Grins giet. Under simmerske omstannichheden mei temperatueren boppe de 30 graden waard it sulver behelle troch Wommels en it brûns wie foar it partoer fan Marsum.
Earste omloop
In moaie list mei 18 partoer en noch moaier waar wie in foarboade foar in moaie dei. It tropyske waar hie der wierskynlik foar soarge dat it measte publyk harren fertier socht yn aktiviteiten dy’t wat better by dizze temperatueren passe, want der wie net in hiel soad publyk. Mar de minsken dy’t der wol wienen ha bytiden moai keatsen sjoen fan de junioaren famkes. Yn de earste omloop net in soad ferrassingen en de spannendste partij waard keatst tusken Seisbierrum/Pitersbierrum en Makkum, dêr waar it fiif earsten gelyk en wienen it de froulju fan Makkum dy’t úteinlik oan it koarste ein lutsen.
Alle utslaggen earste omloop:
Easterein – Marsum 4-5 6-6
Grou – Ie 1-5 6-6
Grins – Dronryp 2 5-1 6-2
Mantgum – Minnertsga 5-1 6-6
Seisbierrum Pietersbierrum- Makkum 5-5 6-0
Berltsum – Ried 5-3 6-0
Frjentsjer – Goenga 5-4 6-4
Wommels – Reduzum 5-0 6-0
Witmarsum – Dronryp 1 3-5 0-6
Twadde omloop
De meast ynteresante wedstryd yn de twadde omloop wie dy tusken Grins en Mantgum. De pleatselike favoriten fan Mantgum dy’t yn deselde gearstalling in wike earder it sulver op it NK binnenhelle hienen, troffen yn de twadde omloop it partoer fan Grins. De Mantgumers koenen goed meikomme en kamen sels op in 4-3 foarsprong. Mar fanôf dat momint kamen de Grinzers op stoom. Nei twa skjinne buordsjes en in buordsje 6-2 wienen de rollen yn no-time omdraaid en koe Grins it útmeitsje op 5-4 en 6-4 troch de keats foarby te slaan.
Alle útslaggen twadde omloop:
Marsum – Ie 5-2 6-4
Grins – Mantgum 5-4 6-4
Seisbierrum Pitersbierrum – Berltsum 5-2 6-0
Frjentsjer – Wommels 1-5 2-6
Dronryp 1 steand nûmer
Tredde omloop
De spannendste partij op de tredde list wie dy tusken Dronryp 1 en Marsum. Twa partoeren dy’t goed oan elkoar weage wienen. Dochs wie it Marsum dat mei troch in foar sleine bal op 4-2 en 6-6 fan Dronryp samar in 5-2 foarsprong naam. Dêrnei wie Dronryp oan bar en makke ek samar wer gelyk en waard dêrby wat holpen troch in oantal bûtenslagen fan de Marsumers. It lêste earst soe dus de trochslach jaan en spitich genôch foar de Rypsters dy’t trije kear it perk misten gong de winst op 5-5 6-2 nei de Marsumers.
Alle útslaggen tredde omloop
Dronryp 1 – Marsum 5-5 2-6
Grins – Seisbierrum-Pitersbierrum 5-2 6-2
Wommels steand nûmer
Heale finale
Yn de heale finale wie de tsjinstanner fan Marsum it partoer fan Wommels. De Wommelsers wûnen yn Easterein ferline wike op it NK noch goud en wienen fansels ek ien fan de favoriten foar de einwinst yn Mantgum. Dêrby kaam ek noch dat de Wommelsers op de tredde list stean bleaun wienen en dat wie mei dizze tropyske temperatueren gjin oerstallige lúkse. It partoer fan Marsum wie op papier de mindere, mar hienen yn foargeande omlopen wol sjen litten dat se goed fan harren ôfslaan koene. Dochs wie it Wommels dy’t harren favoriterol yn dizze partij hielendal wier makken en se lieten dan ek neat hiel fan de útkeatste Marsumers. Allinnich yn it lêste buordsje hellen de froulju út Marsum in seis, mar sels dat earst soe nei de Wommelsers gean dy’t harren dêrmei pleatsten foar de finale.
Alle útslaggen heale finale:
Wommels – Marsum 5-0 6-6
Grins steand nûmer
Finale
Nei it folksliet songen troch Doete Stenekes wie it tiid foar de start fan de finale. Op papier twa tsjinstanners dy’t oan elkoar weage wienen. De Wommelsers mei de sterke froulju Martsen Deinum en Sjanet Wijnia, de farske hâlders fan de nasjonale titel, koenen by winst op de Jong Fammepartij yn 7 dagen tiid in heale wimpel fertsjinje, mar dan moast Grins noch wol efkes op side setten wurde. En dat wie gjin maklike opjefte. Foaral Marrit Zeinstra en Anne Monfils dienen juster de namme fan harren keatsferiening yn Grins; de sterke earm, wol gauris ear oan mei machtige boppeslagen en krêftige opslagen. Wat in power en enerzjy lieten sy juster sjen en dêr koe it partoer fan Wommels net tsjinop bokse. Hielendal net mear doe’t Martsen Deinum mei in blessuere allinnich noch mar fierder koe as balkearder. Rixt Wijnia moast har taken oernimme en die dat foartreflik, mar de Grinzer sterke earmen wienen net te bekeatsen.
Op 5-1 en 6-4 foel de lêste slach en wie it Grins dat de sjampanjeflesse iepenje mocht. In terjochte winner op tige hite dei.
As ôfsluter wol ik noch efkes oandacht besteegje Manon Scheepstra. De Jong Fammepartij hat yn har in beskermfrou fûn dy’t har wurk tige serieusk nimt en sa njonkenlytsen in úthingboerd foar de partij wurden is. Yn ferskillende funskjes lit se har fan har bêste kant sjen. Juster hie se foaral soargen oer de blokjerinners. Manon siet der oer yn oft se wol genôch wetter binnen krije soenen en sette in kompetysje op. Alle kearen as de rinners in glês wetter leechdronken mochten se in streekje sette. Dyjinge mei de measte streekjes oan de ein fan de dei soe dan in iisko krije. It waard tige serieusk nommen troch de rinners en nei in wiere priisútrikking die bliken dat eins alle blokjerinners wol in iisko fertsjinne hienen. Allegear hartstikke bliid fansels en Manon har doel wie slagge; de blokjerinners krigen genôch wetter binnen.
Skelte Anema
Geplaatst op 30 June 2019