De 74-ste Lytse PC – Frije formaasje hearen

It partoer fan Marten Bergsma, Hessel Postma en Laas Pieter van Straten hat de 74e edysje fan de Lytse PC op harren namme skreaun.  

De 74-ste Lytse PC – Frije formaasje hearen

Mei 15 pertoer op ‘e list  is de opjêfte al jieren stabiel. Dit jier die ûnder oare de winner fan de freule (Jurre Reitsma) mei, in jong talint. Mar ek ús doarpsgenoat Gjalt Sjirk de Groot koe wer op eigen fjild keatse. En net te ferjitten opslagger Marten Bergsma, oas keatsend op’e hoofdklasse, keatste fanwegen de ranking op de earste klasse yn Mantgum. De pertoeren dy’t der wienen hawwe der in moaie striid fan makke.

Earste omloop
It falt ús wedstriidlieder op, der binne in protte partoeren dy't yn in oare partoer opstelling keatse as op de wedstriidlist en lotte by de KNKB. Sa kin it wêze dat Daniel Isiger, dochs in geweldner en ikoan, yn de earste omloop ek meikeatst yn it partoer fan Jelle Attema. Yn de earste omloop net folle spannende partijen. Fiif fan de yn totaal sân partijen einigje yn dikke oerwinningen, de winner giet betreklik maklik troch nei de twadde omloop. De moaiste partij fan de earste omloop is dy tusken twa jonge partoeren. It partoer van Harmen Zuidema, Otte Algra en Jelmer Foppe Drijfhout keatse tsjin Jurre Reitsma, Rindert Zijlstra en Jelke Sterkenburg. Je sjogge dat de jonges noch krêft ûntbearret om mei te kommen mei de betûfte âldere keatsers, fysyk is der ferskil mar oan technyk en bravoer ûntbrekt it net. Nei spannende earsten en in lange partij lûkt it partoer fan Jurre Reitsma en dy oan it langste ein en wint mei 3-5 2-6.

Twadde omloop
Yn de twadde omloop giet it hurd. It partoer mei de freule winner giet binnen no-time mei in 5 -0 ferlies fan it fjild. Ek de twadde partij is út op 2 -5 2 -6. Mantgummer Gjalt Sjirk de Groot is yn 'e earste omloop al útskeakele. Mar gelok by in ûngelok wurdt er bylotte yn it partoer fan Corné Tuinenga, yn 'e earste omloop noch de útblinkende opslagger dy't him derôf sloech. Sa kin it ferkeare dat Gjalt dochs noch op it fjild ferskine mei om te keatsen om de priizen. Al hielendal as sy de twadde omloop nei goed keatsen winne mei 5-2 6-6 en as heale finalist trochgean.

Heale finale
No yn 'e heale finale begjint de kwaliteit boppe te driuwen. It giet no om de prizen! De earste heale finale : Auke Boomsma, Jelmer Miedema en Jan Bandstra tsjin Redmer Cnossen, Michel v.d. Veen en Jari Visser. It partoer fan Redmer Cnossen rint direkt nei in 3 -0 foarsprong. Dan docht it partoer fan Auke Boomsma wat werom. It wurd 3 -1. Mar dernei ek 4 -1. It rint lyk op yn de earsten mar it partoer fan Redmer is derby as it eartst pakt wurde mat. It partoer fan Auke Boomsma jout de moed net op en komt oant 4 -2 yn eartsten werom. Dêr bliuwd it by. It wurd 5-2 en de lêtste ballen wurde fantastysk opslein, yn it lêtste earst wurd op 6-6 de partij mei in sitbal beslist yn it foardiel fan it partoer fan Redmer Cnossen. Hij hat in blessure, kin net fjirder keatse en wurd ferfange troch Thom Stellingwerf.

De twadde heale finale:
Corné Tuinenga, Hendrik Jan v.d. Velde, Gjalt Sjirk de Groot tsjin Marten Bergsma, Hessel Postma en Laas Pieter van Straten. Dit is de kreaker dêr't wy as publyk de hiele dei op wachte hawwe. Fjoerwurk mei twa opslaggers yn foarm. It giet gelyk op nei earsten gelyk, en dernei wurd it ek spul gelyk. It bin kanonnen oan de opslach. Fan Marten en Corné. It wurd 2-3 foar it partoer fan Marten Bergsma. Op 2-3 4-6 en in lytse keats wurd de bal troch Laas Pieter van Straten hiel beroerd útslein mar Gjalt kin der krek net lekker by om de bal foar de lytse keats te kearen. It gatsje is slein it wurd 2-4 yn earsten yn it foardiel fan it partoer van Marten Bergsma. It partoer fan Corné docht wol wat werom. Mei in moaie boppeslach wurd it 3-4. Twa keatsen net foarby yn it folgjende earst en it stiet 6 -2 yn it foardiel fan Corné en dy. It wurd 4-4 yn earsten. It partoer fan Corné hat it momentum en steane sa wer 6 -0 foar yn it earst. Op in lytse keats slacht Corné in prachtige sitbal. It wurd 5-4. Se ha foar it earst yn de partij de lieding! Die foarsprong dat sint it partoer fan Marten Bergsma sichber net. It makket wat by har los. Se komme werom oant in 5-5 yn earsten, dernei pakke se gelyk in skjinne 6 foarsprong troch fouten fan’ e tsjinstanner. De druk stiet der dan fol op by opslagger Corné, se komme noch knap oant in 4 -6 yn it earst mar komme de seis niks yn it earst net te boppe de partij wurd dynt makke mei in boppe slach. It partoer fan Marten Bergsma ek nei de finale.

De Finale:
Sa as wol faker nei in spannende heale finale moat it keatsen dêrnei yn de finale earst wat op gong komme. It liket derop oft de enerzjy nei de heale finales furd is. It fjoer is der wat út.   It partoer fan Marten Bergsma is de favoryt en komt al gau op in 2-1 foarsprong. Dan in belangryk momint, it wurd 2-1 en 6-6 gelyk. Thom Stellingwerf slaat op. Der wurd in keats slein tot de middenline. De partoeren wikselje. Marten Bergsma mei de keats ferdigenje. Hij slacht op, de bal komt yn it perk, kin útslein wurde mar wurd min rekke en komt op e bullich, keats net foarby. Dermei pakt it partoer fan Marten Bergsma it earst en wurd it 3-1.   Fourtedaliks dêrnei yn it folgjende earst slacht Marten Bergsma in bal bûten, de twadde opslachbal wurd boppe slein. 4-0 achter ynt earst. En Thom en dy komme dernei mei goed keatsen ek gelyk wer werom tot 3-2 yn earsten. Toch ha je it idee dat wanneer at it partoer fan Marten Bergsma de fokus en skerpte behâld de partij net ferlieze kin. Dat sil ek bliken dwaan. It wurdt noch 5 -4. mar yn it lêste earst jouwe de tsjinstanners op. Mei in skjinne 6 yn it lêtste earst wurdt de partij wûn troch Marten Bergsma, Hessel Postma en Laas Pieter van Straten. In terjochte  en weardich winner fan dizze 74e edysje fan de Lytse PC.


Priiswinaars:   

1e priis: Marten Bergsma - Minnertsga (k),  Hessel Postma – Winsum, Laas Pieter van Straten – Stiens.
2e priis: Thom Stellingwerf – Makkum , Michel v.d. Veen – Franeker , Jari Visser – Witmarsum
3e priis: Corné Tuininga – Berltsum , Hendrik Jan v.d. Velde – Makkum , Gjalt Sjirk de Groot – Mantgum.
3e priis: Auke Boomsma – Morra , Jelmer Miedema – Goutum , Jan Bandstra – Oosternijkerk.


Ferslach: Jesse Cuperus
Foto: Jelmer Jonker

Geplaatst op 16 September 2024