Bosje keninklik op de 69’e Lytse P.C.
Nei in pear dagen mei in bulte rein, begûn de 69e edysje fan ‘e Lytse P.C. op 8 septimber mei de sinne. Dy sinne wie der net de hiele dei by mar it bleau de hiele dei drûch en dat is foar sa’n keatsdei dochs wol in fijne bijkomstichheid.
Spesjale gasten op dizze dei wienen de hearen Wop de Groot en Kees Thijssen. Dizze beide mannen wûnen 50 jier lyn de earste priis op de Lytse P.C. dy’t doe noch in troch elkoar lotters partij wie. In oar grut ferskil mei de Lytse P.C. fan 50 jier lyn is dat der doe wat mear partoeren op ‘e list stiene as no. Yn 1969 stienen der noch 64 partoeren op de list en dit jier wienen dat der noch mar 14. Der wienen wol 16 partoeren opjûn, mar trochdat ien partoer troch de ranking trochskowd waard nei de haadklassepartij yn Marssum en ien partoer net opdaagjen kaam troch blessures, bleaunen der noch mar 14 oer.
Earste omloop
Yn ‘e earste omloop wienen der eins gjin grutte ferrassingen en útsein de striid tusken de partoeren fan Redmer Zaagemans en Wierd Baarda, dy’t 5-5 6-4 keatsten wienen der eins gjin hiel spannende partijen bij.
Alle útslaggen earste omloop:
1. Youri de Groot 2. Auke-Geert Ybema 2-5 en 2-6
3. André van Dellen 4. Corné Tuinenga 5-3 en 6-2
5. Redmer Zaagemans 6. Wierd Baarda 5-5 en 4-6
7. Bouke Willem Tuinman 8. Jelmer Jonker 5-2 en 6-0
9. Wessel v.d. Woud 10. Haye Jan Nicolay partoer 9 hat ôfmelden
11. Johan Diertens 12. Jelte-Pieter Dijkstra 2-5 en 2-6
13. Chris Wassenaar 14. Lieuwe v.d. Werff 3-5 en 4-6
15. Paul Dijkstra steand nûmer
Twadde omloop
Dé partij fan de twadde omloop wie dy tusken André van Dellen en Wierd Baarda. By it partoer fan Baarda wie Patrick van Dellen kommen, dy’t yn ‘e earste omloop der al ôfgien wie. De partij gong hieltyd lyk op en it waard úteinlik 5-5 6-6. Op dizze stân wie it Wierd Baarda dy’t as earste opslaan mocht. Dat die er fertsjinstlik want de bal kaam krekt tuskenyn en achterynse Jouke Bosje koe der mei muoite in lytse keats fan meitsje. Dat bestjutte wikselje en doe wie it de bar oan Jouke Bosje om de opslach te fersoargjen. Bosje keas by de lytse keats foar in bal heech achteryn op Patrick van Dellen. Van Dellen koe de bal wol reitsje mar hy hie de hân wat bryk en de bal gong kwea. Dat betsjutte dus in oerwinning foar it partoer fan André van Dellen, Bauke Dijkstra en Jouke Bosje.
Alle útslaggen twadde omloop:
15. Paul Dijkstra 2. Auke Geert Ybema 4-5 en 0-6
3. André van Dellen 6. Wierd Baarda 5-5 en 6-6 (partoer 3 wint)
7. Bouke Willem Tuinman 10. Haye Jan Nicolay 1-5 en 6-6
12. Jelte-Pieter Dijkstra 14. Lieuwe v.d. Werff 5-1 en 6-4
Heale finale
De earste finale gie tusken de partoeren fan Auke Geert IJbema en André van Dellen. It partoer fan van Dellen mei in sterke Jouke Bosje, dy’t dizze partij de foarbêst en it plakje achteryn foar syn rekken naam, keatsten oant 3-2 wol in lykweardige partij tsjin Auke-Geert Ybema-en-dy, mar it partoer fan van Dellen rûn dêrnei frij flot út nei in 5-2. Sy pakten ek it lêste earst frij simpel op 6-2 en behellen dêrmei as earste in plakje yn ‘e heale finale.
De oare heale finale gie tusken de partoeren 10 en 12. Partoer 12 mei Jelte Pieter Dijkstra dy’t keatste mei de P.C. kening fan 2018 en de âld-P.C.winner René Anema. Tsjinoer partoer 10 mei Haye Jan Nicolay, Pier Piersma en Evert Pieter Tolsma, ek alle trije keatsers dy’t al harren spoaren yn it keatsen fertsjinne hawwe. Op papier in spannende partij dus. Dat foel yn ‘e praktyk wat ôf.
Oant 2-1 gie it noch wol aardich lyk op en op 2-1 en 6-6 wie der in wichtige slach. Pier Piersma koe de opslachbal fan Jelte Pieter Dijkstra net goed genôch ferwurkje en Dijkstra kearde de bal krekt foar de keats. Dêrmei waard it 3-1 yn it foardiel fan it partoer fan Dijkstra. Ek op 3-1 wie it 6-6 mar dy bal waard spitigernôch troch Nicolay foar slein en dêrmei waard it gat noch grutter; 4-1. De partij woe mar net spannend wurde en op 5-1 en 6-0 wie it René Anema dy’t fanôf de boppe retour slaan koe oant foar de keats en dêrmei in plakje feilich stelde foar de finale.
Utslaggen heale finale:
2. Auke-Geert Ybema 3. André van Dellen 2-5 en 2-6
10. Haye Jan Nicolay 12. Jelte-Pieter Dijkstra 1-5 en 0-6
Finale
Om goed trije oere klonk it Frysk folksliet en koe de finale begjinne. In partij wêrby’t Jouke Bosje foar de tredde kear de winst op ‘e Lytse P.C. op syn namme skriuwe koe. En dêrnjonken ek de bruorrestriid tusken Jelte-Pieter en Bauke Dijkstra. De earste twa buordsjes gienen nei it partoer fan van Dellen. It tredde en fjirde buordsje waarden ferkeatst op 6-6. It tredde earste gie nei in boppeslach fan Allard Hoekstra nei it partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra. It fjirde buordsje gie nei in kweasleine opslachbal op in lytse keats nei it partoer van Van Dellen en dat makke dat it 3-1 waard. Dêrnei wie it stuorke wikseljen en pakten beide partoer hieltyd om bar in earst oant it 5-3 waard. In keninklike opslachbal fan Jouke Bosje op 5-3 en 6-6 betsjutte it ein fan de finale.
Troch dy slach pakte Jouke Bosje syn tredde oerwinning op ‘e Lytse P.C. en moast Jelte Pieter Dijkstra syn broer Bauke lokwinskje mei it beheljen fan ‘e krâns. Jouke Bosje waard terjochte troch de keningskommisje foar it earst yn syn karriêre ferkeazen ta de kening fan de Lytse P.C.
Skelte Anema
Geplaatst op 09 September 2019