Keetpartij

Op snein 3 july waard foar de twadde kear de keetpartij organisearre. In partij die ferline jier opsetten is troch keatsferiening Jacob Klaver en de pleatslike keet “it Bierfiltsje”. Ferline jier stiene der tsien partoer op ‘e list, dit jier stiene der alwer twa partoer mear op it fjild.

Yn de arena fan de Jong Fammen partij de dei’s derfoar koene de keatsers rûn 12.30 los mei de earste omloop. Dit jier waard der krekt wat oars keatst dan ferline jier. Dit jier diene we in partij mei trij kear lotsjen, jo ha trije kear in oare maat en wa fan de keatsers nei dizze trije partijen de measte earsten behellet hat wûn! Bekinde gesichten mar ek in oantal nije striden om ‘e krâns. It moaie fan dizze partij is dat der mei in grutte bal keatst wurd. Dat betsjut in soad tuskenspul mei ferassende aksjes. Doe’t ponghâlder Hendrik Poppema nei alle wedstriden de earsten oan it optellen wie, die al gau bliken dat it allegear hiel ticht op in oar siet. Mar leafst seis keatsers hiene 21 earsten behelle, wat betsjutte dat Hendrik nei de tsjinearsten sjen moast. De útslach wie as folgest. 1e priis: Rein Stremler (21 earsten foar, 3 tsjin) 2e priis: Jouke Bonekamp (21 earsten foar, 4 tsjin) 3e priis: Marco Lobregt (21 earsten foar, 5 tsjin) 4e priis: Raymon Cuperus (21 earsten foar, 7 tsjin) 5e priis: Jurian Tolsma (21 earsten foar, 8 tsjin) 6e priis: Kees Herder (21 earsten foar, 9 tsjin) Der wiene ek twa treastprizen foar de man en frou dy’t de minste earsten hiene. Treastpriis mannen: Remmelt Fopma (4 earsten foar) Treastpriis froulju: Wietske de Boer (5 earsten foar) Nei’t de priisútrikking dien wie en it fjild wer kreas opromme wie, setten de keatsers ôf rjochting de keet om der ûnder it genot fan in drankje en in stikje fleis de dei moai ôf te slúten! It wie wer in prachtige edysje fan de keetpartij! Oan’t 15 july by it famyljekeatsen!

Geplaatst op 03 July 2016