Famyljekeatsen
Yn de winnersronde keatse yn de finale de fam. Kuipers tsjin de fam. de Vries Allebeide partoeren in heit mei dochter en skoansoan De winst gong nei de fam. Kuipers stân 5-1 en 6-4 Yn de ferliezersronde keatse de fam. Van Sinderen en fam. Van der Veen De fam. fan Sinderen (Baukje mei nicht Margriet) kamen mei 5 om 3 earsten foar mar de winst gong nei fam. van der Veen. Stân 5-5 en 6-2 Utslach: 1e pr. Theo Kuipers, Afke Kuipers en Jeljer Zijlstra 2e pr. Frans de Vries, Bettie de Vries en Richard de Graaf 1e ferliezers Pieter van der Veen, Ynte van der Veen en Klaas van der Veen De priiswinners gongen mei Riperkrite tsiis nei hûs útrikt troch foarsitter Hans de Boer Mar foar de measten wie der earst noch in gesellige neisit yn de Wjukken
Geplaatst op 16 June 2012