70ste Lytse PC wûn troch Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Elgar Boersma

Noch efkes wat histoarje

De Lytse PC waard foar it earst hâlden yn 1947. Yn earsten wie it in troch-inoar-lotters partij, doe noch foar 2e klassers, mei knappe prizen en nei ôfrin in feestjûn foar de keatsers. 

70ste Lytse PC wûn troch Bauke Triemstra, Pieter Jan Plat en Elgar Boersma

De pleatslike keatsferiening Jacob Klaver hie yn it begjin gjin bemuoienis mei de organisaasje, dy waard fersoarge troch in 9-tal keatsleafhawwers út Mantgum en omkriten. It prizejild waard byinoar brocht troch in tal lammen fet te weidzjen.

Alle winners fan de Lytse PC steane neamt op it boerd bij de yngong fan it fjild. De earste winners yn 1947 fan de lytse pc wiene P de Boer Hjerbeam, W. Hoekstra Mantgum en in ûnbekende keatser. De lêste Mantgumer dy de Lytse PC wûn hat wie F Oosterbos yn 1960. Dat is al wer 60 jier lyn. Dit jier stiene der7 keatsers út Mantgum op e list fan yn totaal 26 partoer. Ik stie noch efkes mei Pier Piersma by it boerd mei de fraach stjitst do der ek op Pier, antwurdet “ja sjoch mar by 2003 en 2008”. Letter spruts ik noch mei Elgar Boersma, “ja der kaam ik hjoed wol foar , myn namme op dat boerd”. Dus it libbet by de keatsers en dat is moai om te hearren.

Keatserij.

Der wie in moaie list fan 26 partoeren mei sa as faak in miks fan jong talint en âlde rotten. De toppers yn de mearkleurige tenu's en de mindere toppers yn de reglemintêr foarskreaune wytsswarte tenu's. Kleurrike potsjes keatsen de earste omloop waard flot trochrûn mei ien partij mei 5-4, Auke Boomsma en dy moasten flink oan de bak tsjin Johannes van der Veen. De oare partijen wiene 5-3 as minder gou beslikke. De twadde omloop kende ek net te spannende partijen. Gjalt de Groot mei Corne Tuininga en Jelle Attema hiene it dreech mei Andre van Dellen en dy mar mei 5-4 6-4 wisten se e winst nei harren ta te lûken.

Yn de tredde omloop koene Gjalt it net bolwurkje en mei 5-4 6-6 waarden se útskeakele, net nedich mar sa giet dat in t keatsen. De winner fan 25 jier lyn Chris Wassenaar fûn ek syn Waterloo op de tredde list. Ferliene wike noch twadde in Reduzem en wie mei in missy nei Mantgum kommen. Mei broer Jacob en Hyke Bruinsma koene se it net winne fan Auke Boomsma en dy. Oan de ynset en it noadige ferbale uteringen fan Chris hat it net lein mar w net genôch, mei 4-5 en 6-2 moasten se belies jaan.

Yn de tredde omloop seagen we ek Pier Piersma syn lêste ranking party keatsen. Foarsitter fan Kv Onder Ons Keimpe Koldijk, sette Pier yn it sintsje mei moaie wurden en in blomke.

Yn de heale finale, we kamen yn Mantgum op de fjouwer út mei in spannende partij tusken alwer Auke Boomsma en Lieuwe van der Werf. Wêrby de lêsten oan it langste ein lutsen mei 5-5 6-4 waard de partij beslikke. De oare heale finale waard ienfâldich wûn mei 5-1 troch Bauke Triemstra, se hiene de hiele dei noch gjin grutte tsjinstân hân.

En doe moast der keatst wurde foar in plak op it boerd foar 2020. In finale wêrby Bauke Triemstra flot út it ein setten en 3-0 foar kamen. It partoer fan Lieuwe van der Werf kaam der net oan te pas. Se diene n bytsje wer werom mar it die gjin fertuten mear, de lêste slach wie fan Bauke Triemstra mei in boppeslach op 5-3 en 6-2 om hast fiif oere. Bauke waard ek útroppen ta kening fan de 70ste PC.

Dermei kaam in ein oan in prachtige keats dei, de lêste KNKB party in Mantgum fan dit aparte keats jier 2020.

Jan Heida

(Foto: Rinse Westerdijk)

Geplaatst op 14 September 2020