Wommels prolongearret titel Jong Famme Partij

De Jong Famme Partij 2017 yn Mantgum is wûn troch it partoer fan Wommels. Anna-Brecht Bruinsma, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia gongen foar it twadde jier op rige mei de krânsen nei hûs. It sulver waard wûn troch Ljouwert en de tredde priis wie foar Marsum.

Wommels prolongearret titel Jong Famme Partij

Earste omloop

Mei 21 pertoeren op ‘e list út 20 ferskillende doarpen wie it moai dielnimmersfjild. Wommels wie fertsjintwurdige mei twa pertoer. Der waard keatst yn twa fjilden en rûn in oer as tsien waarden de earste ballen slein. By de partij tusken Peins en Wytmarsum wie it spannend, it wie op fiif earsten gelyk úteinlik Peins dy’t oan de langste ein luts. By de partij tusken Grou en Stiens waard it ek fiif earsten gelyk, dêr wûn Grou.

Wommels hie it yn de earste omloop noch dreech mei harren partij tsjin Berltsum mei de sterke Ilse Tuinenga, mar Berltsum kaam úteinlik yn it perk wat te koart en Wommels wûn op 5-4 en 6-2

Alle útslagen earste omloop:

Wommels II–Makkum 3-5 0-6, Easterein–Minnertsgea 3-5 2-6, Marsum–Reduzum 5-2 6-0, Wier-Dronryp 1-5 4-6, Peins-Wytmarsum 5-5 6-4, Grou-Stiens 5-5 6-0, Wommels-Berltsum 5-4 6-2, Mantgum-Bûtenpost 5-4 6-4, Ried-Goëngea 1-5 6-6, Seisbierrum/Pitersbierrum – Folsgeare 1-5 6-6, Ljouwert steand nûmer.

Twadde omloop

De hiele dei waard der troch de froulju spannend keatst en de twadde omloop hie ek in oantal kreakers. Ien fan dy kreakers wie de partij tusken Peins en Dronryp. It waard in gelyk opgeande striid mar op fiif earsten gelyk miste Peins trije kear it perk en wûn Dronryp mei 5-5 en 6-2.

Noch spannender wie de partij tusken Wommels en Grou. Grou keatste sterk, makke mar in bytsje fouten en stie samar mei 3-0 foar. Wommels makke wol in soad fouten en it like dêrom foar Grou in kwestje fan útmeistjen doe’t se ek nochris mei 5-3 foar kamen. Mar Wommels kaam werom oant fiif earsten gelyk. En yn it lêste earst waard it ek noch seis gelyk. In prima opslachbal fan Wommels waard troch achterynse, Ymkje Yntema fan Grou goed útslein, like it. Mar de bal foel foar Grou krekt oan de ferkearde kant fan de line, kwea.

Dan wie der noch in partij dy’t mei alles oan ‘e hang beslist waard. Dat wie de partij tusken Mantgum en it twatal fan Goëngea. Mantgum koe de keats op de middeline goed ferdiegenje en gong sa ek troch nei de tredde list.

Alle útslagen twadde omloop:

Ljouwert–Makkum 5-1 6-6, Minnertsgea–Marsum 3-5 4-6, Dronryp-Peins 5-5 6-2, Grou-Wommels 5-5 6-6 (Wommels wint), Mantgum–Goëngea 5-5 6-6 (Mantgum wint), Seisbierrum/Pitersbierrum steand nûmer. 

Tredde omloop

Ljouwert dy’t yn de earste omloop stean bleaun wie en yn de twadde omloop frij maklik fan Makkum wûnen moasten it opnimme tsjin Seisbierrum/Pitersbierrum. Ljouwert kaam mei 4-1 foar mar ferlear doe twa kear efterinoar it buordsje op seis gelyk. Mar it ferset fan Seisbierrum/Pitersbierrum waard net grutter en dêrmei kaam Ljouwert yn de heale finale te stean.

De twadde partij fan de tredde list gie tusken Dronryp en Marsum. De froulju fan Dronryp hellen de ôfrûne trije edysjes fan de Jong Famme alle kearen de finale mar gongen noch noait mei it goud nei hûs. Sy wienen dus fokust op in earste oerwinning yn Mantgum mar harren krûd like fersketten doe’t se yn de tredde omloop tsjin Marsum oantrede moasten. De Marsumers keatsten deechlik en wûnen dochs wol ferrassend fan Dronryp.

Wommels en Mantgum mochten ûnderling útmeitsje wa’t de finale ferkeatse mocht want de winners soenen yn de heale finale stean bliuwe. It waard in iensidige partij mei in saaklik keatsend Wommels dat frij maklik fan Mantgum wûn.

Alle útslagen tredde omloop:

Seisbierrum/Pitersbierrum – Ljouwert 3-5 4-6, Marsum – Dronryp 5-3 6-4, Wommels-Mantgum 5-1 6-6.

Heale Finale

De iennige partij yn de heale finale wie dy tusken Ljouwert en Marsum. Oant 2-2 gong it aardich gelyk op mar doe lieten de froulju fan Ljouwert efkes sjen wat se koenen. Ljouwert dy’t mar mei harren twaen keatste, keatste de hiele dei al hiel sterk. Beide froulju (Jeske de Boer en Annelien Broersma) makken mar in bytsje fouten en sloegen, sawol op as út, flink fan harren ôf. Nei de 2-2 krige Marsum net in buordsje mear en wûn Ljouwert dus op 5-2.

Alle útslagen heale finale:

Ljouwert –Marsum 5-2 6-4, Wommels steand nûmer.

Finale

Nei it Frysk folksliet, prachtich songen troch Jissy Bonekamp, koe de finale tusken Wommels en Ljouwert begjinne. Yn it earste earst waarden 7 keatsen ferkeatst. De lêste keatst fan it earst waard pakt troch Wommels en dêrmei waard it 1-0. Yn de kommende trije earsten waard it noch twa kear seis gelyk mar alle kearen wie it Wommels dy’t op de beslissende mominten de punten pakte. Ljouwert pakte dêrneiin skjin earst. Op dat stuit hie Wommels 16 punten en Ljouwert 15 punten makke, mar de beslissende mominten makken dat Wommels mei 4-1 foar stienen. Fanôf de 4-1 gong it rap en op 5-1 en 6-2 sloech Ljouwert de bal foar en dêrmei wie it Wommels dat foar de twadde kear op rige de grutske winner fan de Jong Famme Partij yn Mantgum.

De 14e edysje wie it alwer. En net de lêste want mei Manon Scheepstra as ‘beschermvrouwe’ hat Keatsferiening Jacob Klaver mei de Jong Famme partij in moaie takomst. Sy ûntferme har hjoed oer de partij lykas in ljip dy’t syn piken beskermet. Mei in soad entûsjasme helle se tegearre mei Joke Koldijk in pear nije ‘âld fammen’ (sponsoaren) binnen, dielde de prizen út en skonk de sjampanje yn foar de winners. In echte ambassadeur, foar in prachtige partij en mei Wommels in terjochte winner yn 2017

Utslach Jong Famme 2017: 1. Wommels (Anna-Brecht Bruinsma, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia) 2. Ljouwert (Annelien Broersma en Jeske de Boer), 3. Marsum (Serena Hovenga, Lotte Delgrosso en Marije Hellinga).

Skelte Anema.

Geplaatst op 02 July 2017